In famyljesaak

Jaap Sytsma hat krekt de famyljesaak oernommen fan syn skoanheit. Jaap is in tige prinsipieel man: wyt is wyt en swart is swart en dêr tuskenyn is neat. Dy noarm jildt foar him ek binnen it bedriuw, foar de famyljeleden dy’t allegear yn dat bedriuw wurkje en foar de arbeiders. Stelle is ferkeard, en elk dy’t him dêr skuldich oan makket stiet op ‘e dyk, oft dat no om in paperclip giet of om in slompe jild.
Geandewei komt Jaap der achter dat hy de iennichste is yn de famylje dy’t der sa oer tinkt. En dat der binnen it bedriuw – en dus binnen de famylje – fan alles mis is dat neffens syn noarmen net kin. En dan giet it wier net allinne oer in doaske punêzes of in pear ballpennen, mar om troubrek, bedriuws-spionaazje en sels moard!
Dan sil Jaap kieze moatte tusken syn prinsipes of de saak, de famyljesaak.
Bysûnderheden:
Yn it stik komme fiif Italiaanske sakelju (broers) foar, elk mei in beskieden roltsje, dy’t in soarte fan ferfryske Italiaansk prate. It is de bedoeling dat dy fiif personaazjes troch ien en deselde spiler spile wurde.
Kwa dekor wurdt hiel wat frege oan fantasy en fernimstichheid fan de feriening. It stik spilet him of yn in hiel hearehûs, dat yn trochsnee sawol de (grutte) keamer, de keuken, de hal, de treppen, de oerloop, in sliepkeamer as ek de badkeamer sjen lit. De sênes spylje har ôfwikseljend ôf yn ien fan de ûnderskate fertrekken, bytiden yn twa of trije tagelyk.