De iere breid

De heit fan dizze famylje hat ea in ferneamd musikus west en himsels doe ‘Pattini’ neamd, mar driuwt no sawat op syn oantinkens, want als útfierend keunstner is er mislearre. De mem, foarhinne in tige kreaze frou, is ferhurde troch de soargen yn it libben. De húshâlding is sa stadichoan yn’e earmoede belâne.
Yn dizze benearjende atmosfear hawwe de dochter Andrea en har jongere broer Thomas in aparte, tige fêste bân opboud, dêr’t fantasyën, dreamen en spultsjes in wichtige rol yn spylje.
De mem fynt dat mar neat en wol besykje om foar Thomas in houlik te regeljen mei in âldere nicht, dy’t net oan de man komme kin, mar wol in mem hat mei in soad jild. Andrea ferset har hjir bot tsjin, ek om’t hja in ôfkear hat fan wat folwoeksenen ‘dogge’. Yn it begjin wit hja de bernige, geastlik en seksueel ûnripe Thomas noch wol mei te krijen, mar yn de konfrontaasjes mei de mem wit de lêste troch te setten.
De besite fan nicht Hilde ferrint net maklik. De mem manoeuvrearret har en Thomas nachts op ien keamer, mar Thomas wit him hjir gjin ried mei en naait út, de strjitte op. Andrea rint him efternei. As hja weromkomt wit hja dat har mem, dy’t it gesin rêde wol, it houlik dochs trochsette sil. Nei in lêste petear mei Thomas, dy’t de realiteit net oersjen kin en elkenien te freon hâlde wol, lûkt hja har werom. Op it stuit dat har mem tinkt dat hja har by de feiten dellein hat, makket Andrea in ein oan har libben.

Kommintaar:
Ien fan de bêste Nederlânske stikken fan nei de oarloch. Krekt as yn ‘Freed’ (sjoch beskriuwing earne oars) en ‘Suiker’ lit Claus yn dit stik de wrakseling, de dreambylden en de teloarstelling fan ienfâldige minsken sjen. De relaasje tusken Thomas en Andrea liket ynsestieus, mar dat is it yn feite net. Harren flecht yn dreamwrâld – mei prachtige boartlike en poëtyske mominten – hâldt lykwols gjin stân tsjin de hurde werklikheid dy’t troch de mem nei foaren brocht wurdt. Nettsjinsteande dat, behâldt ek hja har sympathike kanten.

HB