Mosken en swannen

Twa stellen moetsje elkoar op in wat dizenich feestje. Corine en Rick libje sûnder soargen en hawwe in iepen houlik. Se ha der foar keazen om iepen kaart te spyljen oer harren eskapades. Aram en Esther lykje yn alles in tsjinpoal te wêzen ta it oare stel: folle swiermoediger fan aard libje se tegearre mei de bedoeling om elkoar te beskermjen en elkoar foaral gjin fertriet te dwaan. Mar dan docht bliken dat der ek yn in iepen houlik jaloerskens libbet.

De tovener fan Oz

Dorothy wennet by har omke en tante yn Kansas. As der in grutte stoarm oer’t lân raast wurdt se mei hûs en al optild en komt del yn’t Kauwertsjeslân by de goede Heks fan’t Noarden. Se wol wer graach nei hûs en kriget te hearren dat se nei de kening fan Oz gean moat, hy wennet fier fuort yn’e stêd fan Smaragd. De reis sil gefaarlik wêze, se moat benammen om de kweade Heks fan’t Westen tinke. Op reis moetet se al rillegau de Fûgelferskrikker, hy wol de kening fan Oz om ferstân freegje. Efkes letter moetsje se Laffe Liuw, hy wol ek mei en freegje om moed. Dêrnei komt Robot op harren paad, hy wol graach in hert ha. Se treffe de Heks Walgina mar witte te ûntkommen. By de tovener oankommen krije se te hearren dat se earst in opdracht útfiere moatte: de toverbiezem by Walgina weihelje. Se wurde finzen nommen en Dorothy moat hurd wurkje. As se sjocht hoe’t Walgina Laffe Liuw pleaget wurdt se tige lulk en smyt in amer wetter oer har hinne, dêr kin se net oer, se raant en der bliuwt neat fan oer. Dorothy set de tovermûtse fan Walgina op en freget de “Gevleugelde Apen” om help. Se moatte de Fûgelferskrikker wer yninoar sette en ek de Robot. De “Gevleugelde Apen” bringe harren mei de toverbiezem werom nei Oz. De tovener jout de Liuw moed, de Fûgelferskrikker ferstân en de Robot in hert en soarget dat elk wer sûn en wol thús komt.

It stik is te spyljen mei jong en âld en freget in rom toaniel mei goede beljochting en lûd. Jonge bern fan ± 6 jier ôf sille hjirfan genietsje as taskôger, mar ek as meispiler.

Geskaei om ‘e kaei

Jan en Frouck sitte thús. Jan is wat ûnrêstich en giet efkes in eintsje te kuierjen. Syts en Klaas sitte ek thús en hawwe spul. Klaas hat harrren dochter de pil meijûn fan Syts, want sa seit er: “dan wurdt er yn alle gefallen brûkt”. Klaas giet mei in mâle kop de doar út. Lize en Libbe sitte ek thús. Libbe hat ûnferwachts in jûn frij, om’t in gearkomste net troch giet. Dêr skrikt Lize fan, sy hat har frijer útnoege om jûn by har te kommen. Se betinkt in ferlechje om Libbe de doar út te krijen en Libbe giet. De trije manlju moetsje elkoar yn de herberch fan Annie. Dêr sit Alletta, in hoer, oan de bar. Sy sjocht hannel, trije mannen lilk fan hûs, dêr falt oan te fertsjinjen. De mannen reitsje oan de praat en hawwe it oer harren saaie houliken en bazige froulju. Se begripe inoar poerbêst. Alletta konkludearret dat de manlju wolris in ‘houliksfakânsje’ fertsjinne hawwe en doelt dêrmei op in jûntsje mei har ‘it bedsteed yn’. De mannen fine it in goed plan, mar ynterpretearje in ‘houliksfakânsje’ wol wat oars. Se beslute om harren kaaien te ruiljen. Sa komt eltsenien by in oare frou. Mar de froulju geane fansels net samar akkoard mei it wylde plan. Der ûntsteane hiel wat misferstannen, mar gelokkich komt alles wol wer goed.

Spul om it fjildsje

Undertitel: ‘Rint it spul heech, dan is it keazen dreech.’
It stik giet oer de problemen fan in lyts doarp yn dizze tiid. It doarp hat in sportfjildsje, in winkel, in skoalle en in fabrykje op it agrarysk mêd. Sil it doarp floarearje dan moat it fabryk útwreide wurde. Dat kostet jild en dêr is min oan te kommen. As der net ynvestearre wurdt, kin it fabryk it net folhâlde, moatte wurknimmers ûntslein wurde. De measten fan harren sille allinne bûten it doarp wer oan ‘e slach komme kinne, yn it doarp alteast net. Ien en oar soe fan gefolgen hawwe dat it tal ynwenners tebek rint en fergrizet en dat skoalle en winkel net bestean bliuwe kinne. Giet de útwreiding fan it fabryk wol troch, dan sil foar in nije loads bouterrein komme moatte en dan sil it sportfjildsje ferdwine moatte òf it kostet in stik natuergebiet.
Yn in gearkomste fan doarpsbelang docht bliken dat der ûnder de ynwenners fan it doarp tsjinstelde mieningen en belangen besteane.
De 13 tafrielen spylje ôfwikseljend yn in winkeltsje, in fabrykskantoar, in skoalle en in doarpshûs. By alle sênes is in sportfjildsje ûnderdiel fan de spylromte.
It stik jout romte it in eigen kleur te jaan (troch plaknammen út eigen krite te brûken û.o.).