Poppeslok
It stik út it begjin fan de 20ste ieu is yn dizze bewurking nei it no tahelle, mar dat is foaral yn lytse dinkjes te merken.
Yn it stik draait it om jildsucht. De fan oarsprong rike famylje Lyklema thoe Minwert is ferearme. Nei jierren neat fan him hearre litten te hawwen, komt de broer fan frou Lyklema by de famylje, mar deselde dei stjert er yn har midden. Hy blykt miljonair te wêzen. De famylje is fûl op it jild. Sy sille erve, want wa hie de broer oars?
Dan ferskynt Polly op it toaniel. Sy is in wike lyn troud mei de broer. De stimming slacht om. It hiele stik troch komme der hieltyd wer nije feiten op tafel sadat dan wer de famylje, dan wer Polly rjocht ha op de erfenis. It wiere leafdeleaze aard fan frou Lyklema, dejinge mei de broek oan yn’e famylje, wurdt hjirmei ek goed dúdlik. Om har sin te krijen hâldt se mei gjinien rekken. It slot is wreed: Polly hat in miskream en de famylje is oh sa bliid dat dêrmei de erfenis harren takomt.