Weeshûs op stelten

Jacky, Tim, Hannah en Ingel wenje yn in weeshûs. Se hawwe gjin heit en mem mear. En hoewol dat fertrietlik is, hawwe se it hiel bot nei it sin by de direktrise miss Fluffy en har help Marie. Se hawwe in protte wille mei inoar, gean nei skoalle en krije alle dagen hearlik iten fan Marie. En miss Fluffy is sá leaf! It is in leafdefol plak, it weeshûs…

 

Mar dan op in dei begjint de ellinde. De eigener fan it weeshûs, mr. Pineapple, komt by miss Fluffy mei de meidieling dat hy, syn frou en harren soan Symon sels yn it weeshûs wenje wolle. Dat betsjut dat miss Fluffy, Marie en de bern derút moatte. Miss Fluffy skrikt bot fan it nijs. Wêr moatte se hinne? Se hawwe noch mar seis wiken om wat oars te finen!

 

Mar, sadree’t de famylje Pineapple yn it hûs lutsen is barre der frjemde dingen. Nachts spûket it! Mar spûken bestean dochs net? Of al?

 

It Feest

De foarstelling giet oer in famylje-reuny op de jierdei fan de suksesfolle sakeman Helge.
Hy hat famylje en freonen útnûge om dit mei him te fieren. Fanôf it begjin wurdt wol dúdlik dat ûnderlizzende relaasjes hiel gefoelich lizze.
Ien fan de dochters hat har sel te koart dien, in heal jier lyn, en stadich mar wis komme we troch de syktocht fan soan Christian achter de tadracht hjirfan.
De skynbere pracht fan rykdom en sukses blykt de dekmantel fan broeiende famyljerelaasjes, leagens en bedroch.
It feest rint lykwols út ’e hân wannear’t Christian yn in taspraak dramatyske famyljegeheimen oan it ljocht bringt.

Festen lit de hipokrisy sjen fan in yn en yn boargerlike famylje, dêr’t ynsest en rasisme de ûderlinge ferhâldingen de boel bedjerre

Stoarm yn ‘e lijte

Dit is in revu foar GWS giet dus oer de wettersport. Goed oan te passen foar oare wettersportferienings en sels ek wol oare sportferienings as fuotbal, reedriden kuorbal ensfh. ( Sjoch ek myn oare revu`s.). Men soe der ek in iepenloftspul fan meitsje kinne.

Freonskip, leafde en bruorskip (Hotel de Botel)

Janus hat syn kafee yn Amsterdam ferkocht. De buert wie de buert net mear en hy wie oan wat oars ta. Hy begjint in kamping oan de Noardsee. Kamping ‘Hotel de Botel’. Syn trouwe maat Robby ferhuzet mei en ek de fêste klanten litte him net yn ‘e steek. Joop en Annie, Drikus en syn Truus en ek beppe komme te útfanhûzjen op ‘e kamping. Allegear helpe se mei om der in sukses fan te meitsjen. Mar wêr is Fleur? Sûnder har is neat itselde en seker Janus net. Fleur wennet yn Spanje. Tegearre mei Beppe betinkt Robby in plan om Fleur safier te krijen om werom te kommen. Mar oft dat plan no echt sa tûk is ast Nathaly deryn belûkst…

Op fakânsje

Efter op it toaniel draait in film mei in dyk en ferkear. Wy sjogge de sydkant fan in auto mei in karke der achter fol mei guod. Efter it stjoer Sybe, neist Sybe Saapke, efter Sybe Gepke en efter Saapke Gurbe. Saapke en Gurbe sitte leger yn ‘e auto. Saapke en Gepke binne wat simpel. Yn it karke fan de auto sit û.o. kratten bier, húskepapier, krat kola, opblaasde luchtbêden, frituerpanne, grutte draachbere radio en túnstuollen. Ek moat der in koai by mei in pear hinnen, in koai mei in hûn soe ek moai wêze. Ensfh.
Heit en mem geane mei hun beide bern op fakânsje nei Ausfaart yn Dútslân, se witte net wêr it leit, mar in frou fan it folksdûnsjen die hun dy tip. Wylst de bern ûnderweis ut de broek moatte komt der in plysje foarby, en dat jout hiel wat konsternaasje.

Tom Tom

Efter op it toaniel draait in film mei in dyk en ferkear. Der kin in auto op it toaniel, as in foarkant fan in auto. Siebe is deeglik klaait, mar hat wol in koarte broek oant krekt oer de knibbels. Ek Saapke is âlderwetsk klaait, sûnder smaak. In petsje foar Siebe en in huodsje foar Saapke soe ek moai wêze.
Siebe en Saapke sille mei de auto nei ien fan de bern. Siebe hat op heitedei in Tom Tom krige, en dy sille se no brûke. Sy tinke dat de frou fan de Tom Tom hun op ien as oare manier sjocht en heart, en dat jout stof tot laitsjen.

It heksershol

Heksershol draait om de mins dy ’t altyd mar mear wol; mear hawwe, mear kennis en mear macht. Haadpersoan yn Heksershol is Gosse Knop, in sjarlatan sûnder jild en guod. Gosse wol boer wurde en hat syn each falle litten op Ingel, de dochter fan in rike boerewiddo. Mar hoe krijt hy dizze boeredochter en wurdt hy de grutste en de machtichste boer fan Molkwar. Hy krijt help. Mar wa is dizze behelpsume man en wat easket hy foar syn help?
Heksershol is in foarstelling mei in soad humor en moaie ferskes foar elk fanof 12 jier. Mei in knypeach nei it eardere winterjûnenocht mar dan mei alle moderne teatrale middels fan dizze tiid.

Us Sake, dy kin fytse

Sake hat in bêste hurdfytser west en is no ploechlieder fan in fytsploech. Syn mem is tige grutsk op him, se hat altyd foar goed iten soarge as er wedstriden fytse moast. No’t Armstrong bekend hat dat er doping brûkt hat, wol ien fan syn fytsploech dêr mei Sake in stikje oer skriuwe. No kin Sake ek net langer mear lige.

De fiifde dei

Wat ha se it altyd drok op skoalle, dy lêste wiken foar de simmerfekânsje. Benammen de bern út groep 8. Net allinne mei de fêste jierlikse ôfslútingsrituelen mar ek mei it ôfskie fan de fertroude skoalle, de masters en de juffen en fan elkoar. Foar ’t de grutte stap set wurdt nei in noch ûnwisse takomst moatte de lêste dagen meielkoar in bysûndere tiid wurde.
In ôfskie dat yn it ûnthald bliuwt.

Kening fan Katoaren

De fleurige âlde kening fan it goede lân Katoaren is ferstoarn; seis soere ministers beweare dat se in nije kening sykje – mar der bart neat. Dan giet de santjinjierrige Stach nei de ministers ta en freget wat je dwaan moatte om kening fan Katoaren te wurden. De ministers binne razend en jouwe him sân hast net út te fieren opdrachten. Mei sûn ferstân, tûkens en moed wit er se alle sân te folbringen en dêrmei makket er Katoaren ta in leefber lân.

Moatte, altyd mar moatte

Sinteklaas wol net mear wurkje. Hy wol mei pensjoen. Hy wol net altyd mar moatte.
Mar dat kin fansels net, Sinteklaas kin net ophâlde. Se betinke fan alles en úteinlik krije se Sinteklaas dochs sa fier dat er net mei pensjoen giet.

Sykje om suske

´Sykje om suske´ is in famyljefoarstelling foar jong en âld, mei in protte humor en fantasy, wêryn’t dream en wurklikheid inoar ôfwikselje. It lit de syktocht sjen fan in jong famke nei it bestean fan in ûnbekend suske.
Dêrfoar moat se it geheimsinnige ferline fan har heit útplúzje. De sjaal fan beppe wiist har it paad. By de eigenwize tantes Ditsje en Datsje is it wol gesellich, mar as it om de minnares fan har heit giet sitte se Suske mear dwers as dat se har helpe.
Likegoed komt se de mysterieuze Madame Conivera op it spoar, dy’t – dêr is Suske fan oertsjûge – Suskes suske gefangen hâldt. It liket as sil de ynferkearde, mar djip fertrietige húsbaas, de hear Sûnderfrou, de boel yn de bulten jeie, mar gelokkich komt der help út in ûnferwachtse hoeke. Alles rint goed ôf, mar wol hiel oars as Suske tocht hie.
Suske do bist myn suske giet oer it langstme nei in lotsgenoat, nei selsstannichheid, mar ek oer de winsk om te ûntsnappen oan de deistige wurklikheid.