Begryp my net ferkeard

Dizze lichtfuottige komeedzje giet oer in famyljeman fan middelbere leeftyd, Karel de Boer, dy’t yn New York, dêr’t er foar saken wie, in koarte affêre hân hat mei in Frysk famke, Marloes. Werom yn Fryslân tinkt er dat er gjin spoaren achterlitten hat, hy hat har syn thúsadres en telefoannûmer net jûn bygelyks. Mar it slagget har al om him op te spoaren en op in jûn stiet se foar de doar! Troch foar syn frou Marleen achter te hâlden wa’t se werklik is, komt Karel, en syn broer Robert, dy’t helpt by de bedragerij, yn in searje hilaryske komplikaasjes telâne, dy’t fersterke wurde troch de komst fan de frou fan Robert, Marlies. Om de saken noch fierder yn de hobbel te skoppen, wurdt al gau dúdlik dat Marleen sels ek in romantysk geheim hat.

Drop, kroketten en ândere onwinnigens

Jelte, in Bilkert om fierens, wennet yn Kanada. Hy siket om fragen út ’t ferline. Hy tinkt wer in protte oan Aukje, syn freondinne yn Fryslân. Wêrom gong se net mei nei Kanada?
Doe’t Jelte nei Kanada gongen wie, krige Aukje al gau in poppe. Soe dy fan Jelte wêze? Jelte wol it eins wol wite.
Hy giet nei Fryslân om dit út te sykjen.
As hy har sjocht, tinkt er dat it net syn dochter is. Se liket net op him.
Letter komt er der achter dat sy de selde medisinen brûkt as hy, foar in seldsume bloedearmoede, dy’t Jelte ek hat.
Dus toch!

It hat west

Hy (Siebe) is mei betider pinsjoen, sy (Gatske) is in fleurige jong eagjende frou. Se ha harren te wenjen set yn it bertedoarp fan Siebe. Harren hûs stiet op it lân dat Siebe syn heit eartiids yn gebrûk hie.
De lêste tiid komme der lytse skuorkes yn it goede houlik. Gatske stiet op oarder en regel en Siebe wurdt wat ferjitlik en hat no en dan eigenaardige bylden yn ’e holle. Dat jout oanlieding ta argewaasje oer en wer.
Yn harren fierder doch wol rêstige libben komt grutte feroaring as in eardere doarpsgenoat fan Gatske (Gerrit Huizing) weromkomt út Kanada. De man is bepaald net fan it noflikste soart.
Bliid binne se as der in brief komt fan dochter Gelske út Halifax, dat se fan doel is in pear wiken thús te kommen.
Yn dy wiken komme der pynlike saken foar it ljocht en wurde der hurde maatregels nommen.

Echt wier

Jurjen en Baukje binne in stel fan sa’n fjirtich jier. Jurjen hâldt fan fiskjen en nimt it net sa krekt. Baukje is syn frou en tegearre wenje se yn in húske oan ’e mar.
Op in dei skillet tante Hippe, de tante fan Jurjen. Se wol in pear dagen útfanhûzje by Jurjen en Baukje.
Tante Hippe en Jurjen binne ‘close’ mei elkoar, Baukje en tante Hippe lizze elkoar net. Dat jout spanning. Mar tante Hippe komt dochs.
Is it echt, of is it net wier…?

In kring fan in ring

Frederik en Isabel ha, op it lêste perron fan it stasjon, perron 12, rûzje oer de brulloft. Lilk, omdat se har sin net krijt, smyt se de djoere ferlovingsring oer de reling, dy komt telâne op in leger lizzend part fan it stasjon, yn de folksmûle perron 13. De ring wurdt daliks al fûn troch in swalker. As Frederik op perron 13 oankomt om de ring te sykjen, is dy al poater. Wylst er om de ring siket leart hy de minsken, swalkers en bidlers, dy’t op it terrein tahâlde, better kennen. De âlde Arie, de bline Ronny, swalkers, en Rita en Vanessa, twa ûnbetroubere bidlers, dy wenje allegear ûnder de brêge fan perron 12. Fierder is der noch de heechswangere Suzy. De grutte fraach is: wa hat de ring fûn en foaral: wa hat de ring no? En komt it noch goed tusken Isabel en Frederik?

De wiere Jacob

It is Bob syn jierdei en syn freon hat foar him in keamer yn in hotel regele, mei sjampanje en in ‘eskort’ famke. De keamerhear fan it hotel, Jacob, soarget dat alles maklik en diskreet ferrint, sawol yn dizze keamer as yn de keamer hjirneist, dêr’t in diner regele wurdt foar twa minsken dy’t elkoar troffen ha fia in ‘dating’buro. It slot op de doar tusken beide keamers is stikken. Hjirtroch komt de dame fan de diner-ôfspraak by Bob op de keamer en sy tinkt dat sy by him wêze moat. Om’t hy leaver in diner mei har hat as betelle seks, betellet hy Jacob om mei te wurkjen om de ferwarring yn stân te hâlden.

Paspoart

Aurora wol de Nederlânske nasjonaliteit oanfreegje, omdat se tinkt dat dat har libben yn Nederlân makliker meitsje sil, en omdat se ek stimme wolle kin by de earstfolgjende provinsjale en de lanlike ferkiezings. Boppedat wol se dat har soantsje Bernardo yn Nederlân deselde kânsen krije kin as syn klasgenoaten; as sy de Nederlânske nasjonaliteit kriget, wol se dy trochjaan oan Bernardo.
Op it stedskantoar treft se Ingrid, dy’t fynt dat it minsken net te maklik makke wurde moat om de Nederlânske nasjonaliteit te krijen. Einlik wol se dat soks hielendal net bart. Der binne al genôch minsken dy’t in Nederlânsk paspoart krigen hawwe sûnder de taal te praten of ús gebrûken te kennen, fynt se. Hoe sil dit gean?

Hûs te keap

Heit wol foar dochter Marte, dy’t noch thús wennet, in hûs keapje yn Ferwert.
Hy wol har it hûs út ha, hy wol mear romte foar him en mem.
Hy wol wat mear ‘romantyk’ foar him en mem. Hoe lang is it al lyn dat se tegearre…
Marte wol it net, te fier fuort.
Mar de oare dochter, dy’t skieden is, wol it wol ha. Mem sjocht it ek wol sitten.
Lang om let bliuwt heit allinne achter en set er harren eigen hûs te keap.

Omheech die stok

It stik spilet him ôf achter de skermen fan in fanfare mei in majorettekorps.
De komeedzje, skreaun troch Hetty Heyting, stiet fol mei yntriges, seks, machtsmisbrûk, drank- en
gokferslaving, neuroazes, agresje en geloof, alle fasetten fan it libben komme foarby.
It wurdtin jûntsje fan ûnbesoarge genietsjen.

In briljant idee

Stel je foar: jo ha in rêstich leven, op it saaie om’t ôf. Ta ergernis fan je frou dogge je wat mei klankskalen en meditaasje. Dan stiet der in frjemde man foar de doar dy’t seit dat er jo broer út Australië is, en seit dat er in erfenis te ferdielen hat! Je kinne noch krekt útbringe dat je hielendal gjin broer ha. Mar as de man oer briljanten begjint en jo trochtaastende oare helte nimt it heft yn hannen, en dy hellet dy broer as in held yn ’e hûs, dan is it dien mei it oant no ta saaie leven. It rint wol wat út de hân, want hoe hurder at jo je bêst dogge om alles yn goede banen te lieden, hoe grutter at de gaos wurdt. Wa’t by eintsje beslút de ferantwurdlike is en hoe’t alles wer op syn poatsjes telâne komt, dat is miskien wol it briljantste idee.

Yn de rats

Mary wennet ergens yn in doarp dêr’t elk mekoar ken. Se hat it net rom yn de sinteraasje, mar
se hat wol in rom hert. Sa wennet Robert by har yn, hy bringt net folle jild yn it laadsje, sis
mar neat, mar hy mei doch bliuwe, ek al hinget er meastal yn de luie stoel foar de telefyzje en
hat er in broerke dea oan wurk.
Fierder is dêr Marleen, se is gjin hûndert punten, mar Mary soarget der foar dat se in thús hat.
Dan nimt Mary op in jûn, at se thúskomt fan it frijwilligerswurk, Piter, in swalker, mei nei hûs.
Robert fynt it mar neat dat Mary himmeinommen hat, hy fielt it as in bedriging.
Hy tinkt sels dat Piter de dvd-spiler, dy’t er Robert ta beskikking stelt, stellen hat.
Piter ûntkent dat, mar beide ha gjin bewiis foar wat se beweare.
De ferhâldingen wurde op skerp set as der in berjocht fan opspoaring op telefyzje útstjoerd
wurdt. De persoan op de komposysjefoto liket wol hiel bot op Piter.

Cocktails

Cocktails is in tragikomeedzje oer kwetsberens, fearkrêft en solidariteit. Yn in ferhaal dat sawol spannend as humorystysk is, litte fiif freonen harren ljocht skine op de wearde fan freonskip.
Under in hearlike jûn op it strân, Mojito of Margarita yn de hân, feroaret harren libben yn ien kear sa ûnferwacht en yngripend, dat de ûnderlinge ferhâldingen earnstich op de proef steld wurde.
Yn in cocktail van emoasjes, mieningen en pynlike iepenbieringen komme harren saneamde slagge levens ynienen yn in hiel oar ljocht te stean.
Hoe kin je immen helpe sûnder dat it meilijen wurdt? En hoe gean je om mei jo eigen skuldgefoel?

Stien

De titel ‘Stien’ is koart, mar hat in dûbele betsjutting. Yn ’t foarste plak is it de grutte stien,
midden op it toaniel, dy’t in wichtige rol spilet. ‘Stien’ hat lykwols ek te meitsjen mei in noch
al elitêre aksjegroep, dy’t alle war docht om de doarpsbewenners derfan te oertsjûgjen, dat se
harren tunen beplantsje moatte en net fol lizze moatte mei stiennen en tegels.
Nei de aksjegroep wurdt kritysk sjoen. De leden binne al wat âlder en wolle graach fan harren
hearre litte.
In jonge lânskipsarsjitekte krijt fan de aksjegroep de opdracht om fan it stikje grûn dêr’t de
grutte stien leit in soarte fan foarbyldtún te meitsjen, dy’t ek brûkt wurde kin foar allerhande
aktiviteiten. Har assistinte is in jong famke dat siket nei har woartels.
It is de troch de drank oan leger wâl rekke learaar Latyn dy’t har op it spoar fan har
biologyske heit bringt.

Op de ferkearde foet

Angelique is 40 en wanhopich op ’e siik nei de leafde. Se wennet mei har heit op in âlde
buorkerij yn de Switserske Alpen. Op in neimiddei makket se har op om mei har bêste freon
Angelo nei it karnaval. Dit jier sille se dêr as stel hinne, mar dan wol oarsom: hy as
Angelique, sy as Angelo. Flak foardat se fuort sille giet de bel en dêr stiet de date fan
Angelique, Lorenzo, op de stoepe, dy soe moarn pas komme, mar hy is in dei te gau en it
blykt ek noch de baas fan Angelo te wêzen. Angelique, ferklaaid as Angelo, docht iepen.
Angelique wurdt dus foar Angelo oansjoen en Angelo foar Angelique. De swierrichheden
folgje elkoar dêrnei yn heech tempo op, want der komme noch mear minsken del dy deis.

Wyn

Op in jûn mei fierste folle wyn, rint alles krekt even oars as ferwachte. Gesellich? No nee.
Charles en Charlotte binne út elkoar groeid, Marja en Charlotte meie elkoar net lije en Charles
hat wol in heel bysûnder momint keazen foar in wynjûntsje dit jier. Boppedat is Ed dizze kear
net útnûge… In (skriller)komeedzje.

De Poalske breid

In Poalske frou ûntkomt op it plattelân yn Grins oan har poaiers. Se flechtet ferwûne nei de
buorkerij fan in stege boer. Hy draacht har yn ’e hûs en jout har skjinne klean en iten.
Tusken dizze twa minsken, dy’t elkoars taal net sprekke, ûntstiet dochs in foarsichtich gesprek.
Wylst hy him soargen makket oer de takomst fan syn boerebedriuw, besiket sy in plakje yn
syn húshâlding te bemachtigjen. Se makket skjin, siedt iten, en hâldt him selskip.
Se leare elkoar hieltyd better kennen en der ûntstiet in bân dy’t hieltyd yntimer wurdt. Mar de
bûtenwrâld kinne se net foar altyd op in ôfstân hâlde en it gefaar krûpt hieltyd tichterby.

Beton

In soan komt op besite by syn al âldere heit en mem yn harren lúkse oanleunbungalow.
De soan is net wurden wat heit en mem hope hiene. Froeger skopte hy tsjin alles oan dêr’t syn
heit foar stie, tsjin de wrâld fan it grutte jild en alles dat ‘boargerlik’ wie. En al is hy yntiid
sels miskien in bytsje boargerlik wurden, noch altyd hat hy in hiel muoisume ferhâlding mei
syn heit. Dizze besite oan heit en mem is dan ek in seldsume gebeurtenis.
Op dizze dei is ek syn suster Lucy der. Op har liket neat oan te merken – al wie it mar omdat
se har as in goede dochter sûnder kleien oer har âlde lju ûntfermet. Koartsein, it belooft as
fanâlds in drege en stroefe famyljegearkomste te wurden
En dan komt pynlik oan it ljocht dat heit en mem yntiid folle mear help noadich ha as dat
elkenien tocht hie. En heit en soan moatte ek noch it ien en oar oersljochtsje fan wat der
froeger allegear gebeurd is.

Leafdesles

Twa psychiaters, twa pasjinten, ien tema: de leafde.
Wat hawwe we nedich? Wat sizze we wol of net? Hoe krije we de ivige ûnwissichheid ûnder kontrole en wêrom is flirten doch hieltyd wer sa’n ûnmisber elemint yn it libben.
Troch sawol de iuwenâlde ferskillen as de net te ferjitten oanlûkingskrêft tusken manlju en froulju, is it mar de fraag wa’t mei de hiele hûd út de striid komt.
Under in feninig en tige fluch spul yn de terapykeamer, bliuwe úteinlik ek de eigen relaasjes fan de psychiaters net sparre.

Inkele reis

In thriller-skriuwster en har suster sjogge in inkele reis nei in tehûs as it slimste wat harren oerkomme kin en se wolle it proses fan ôftakeling koste wat kost foarkomme.
Se skeakelje in sinistere man yn om se te helpen by harren lêste winsk, mar sa gau at de man by harren oer de flier is ûntstiet der in opienfolging fan frjemde gebeurtenissen dy’t gjinien foar mooglik holden hie.
Alles blykt hieltyd wer oars te wêzen as dat tocht waard en hoe’t it ôfrint is oant de lêste side ta net te foarsizzen.

O,O wàt in opfang

Pensjon ‘Filla Bosksicht’ stiet yn in fillawyk oan ’e râne fan it doarp Piterswâld.
In jier lyn hat Beant van Galama it hûs krigen út de erfenis fan syn muoike Karine.
It wie fertutearze en it kostet jild om it op te kalfaterjen.
Gelokkich bringt de gemeente útkomst: der is ferlet fan in tydlike opfang foar minsken yn need.
De gemeente hiert no in etaazje mei trije keamers fan it pensjon en soarget foar begelieding fan de bewenners.
Antsje Bult, maatskiplik wurkster, liedt de boel yn goede banen tegearre mei Gerda Poask, haad fan it pensjon.
De bûnte mjuks fan opfangbewenners en pensjongasten jout argewaasje. Boppedat is der ek noch in geheim.