Wer

It stik WER giet oer trije froulju dy’t trije kertier werom op ierde komme. Se hawwe de opdracht om ien ding, dat harren op ierde hiel dierber wie, op te heljen. Yn earste ynstânsje liket dizze moeting de muoite wurdich te wezen, mar is dat wol sa? Meitsje se gebrûk fan de tiid dy’t se krije en fine se wat se hawwe wolle, of ferdogge se him op de ierdske wize fan by elkoar wezen.

De trein nei San Antonio

It spilet op in stasjontsje yn it Wylde Westen. Mei in stasjonssjef, dy’t seker net gek is, in Meksikaan; Miss Lola dy’t tippelet; in sheriff dy’t Tom Dooley, dy’t hinge moat om ’t er syn frou fermoarde hat, nei San Antonio bringe moat; in mysterieuze bandyt, in can-candûnseres, in medisynman, in dranksuchtige non, in dochter fan haadman Sliepende Okse en in famkesachtige jonge frou.
Hast allegear ha se in stikje fan in skatkaart en se besykje de stikjes fan de oaren ôf te pakken.

De fûgels fan Fantasia

De sintrale figuer is de Master dy’t op it eilân Fantasia de feiligens fan it isolemint kiest. It gewisse, yn de persoan fan Douwe Cappuchinio, hat it draaiboek fan de Master en nimt sa no en dan de gedaante oan fan kwismaster of regisseur. Hy ropt ferskillende stimmen yn it libben, dy’t de Master ‘entertaine’ moatte. Mar hawwe dizze stimmen wol in goede útwurking op de Master? Dizze stimmen – Liedster, Ferliedster, Skynhillige en Libbenslijer – bekfjochtsje mei elkoar en binne stik foar stik slim oergeunstich. Underwilens wachtet de Master op de Hillige Faam, dy’t him ôflieding jout. Mar nei trije nachten is de koeke foar de Master op. Douwe Cappuchino lit syn wiere aard sjen en komt mei de Willefrou op’e proppen. Wa is sy, wat hat se te sykjen by de Master? De frustraasjes nimme ta. Lang om let kiest de Master foar himsels, mar rekkenet er wol op it ûnferwachte plot?

Wolkom yn it bosk

Twa froulju swalkje troch it bosk; Dora, by har man weirûn en Fannie njonken har foar bystân en treast. Earst stride se tsjin honger en toarst en nachts binne der lûden wêr’t se net gerêst op binne mar dan stuitsje se op it iene personaazje nei it oare; in skruten faun, in rike neatnutter, in yrritearre jager en in ûnbehouwen pryster. Se wolle allegear befrijd wurde fan harren lusten mar de keunst fan it
ferlieden behearskje sy net en foar Dora en Fannie sit der neat oars op om fan harren ôf te biten. As ek Edward, de man fan Dora, yn it bosk ferskynt en Dora sels fêst komt te sitten ûnder in omfallen beam, wurdt it allegear tige yngewikkeld. Der blykt in geheim te wêzen mar oft dat geheim noch oan it ljocht komt is de fraach…

Moard op de keale man

Absurdistysk stik oer in polysjeman dy’t oan de drank is en in stel wêrfan sy in ynspiraasjeleaze dichteres is en hy in neatbetsjuttende neatdogger.
Aldjiersjûn. In pistoalskot. In deade keale man. In putsje foar de ynspekteur.

’t Kin neat skele wat de bern dogge… (as se mar stil

Yn it earste bedriuw binne, Pinky, Grytsje, Bauke, Hanke en Jappy 6 en 7 jier en hawwe in doaze bonbons pikt. Hjiryn leart men de karakters fan letter kennen.
Yn it twadde bedriuw trouwe Pinky en Bauke. Yn ‘e kelder, wêr’t alle gasten sammele binne, falt it ljocht út. It begjint dus yn it tsjuster en as (efkes letter) it ljocht útfalt giet it ljocht pas oan. Alle akteurs moatte fan ôf dat stuit alles op ‘e taast dwaan. Healwize sênes wikselje har of mei skerpe dialogen. By de “beukers” út it earste bedriuw komme no de sinnige oansteande frou fan Jappy (Ida), de segrinige mem fan Pinky (Hiltsje) en har “punk” freonen (Trees en Bartele).
Yn it tredde bedriuw binne de fiif beukers, Ida en de mem, fyftich jier en âlder. Bauke makket no falsk jild en Pinky, Grytsje en Hanke dogge strippoker.
De ein is yn in “ludike ferrassing” getten.
Dat 5 spilers yn it earste bedriuw 7 jier binne en yn it lêste bedriuw 75 jier hoecht gjin beswier te wêzen. It hiele stik is absurd. It publyk sil him der tige om fermeitsje.

Geastich

Dizze komeedzje is hiel wat oars, dan ‘t jo oer it algemien wend binne. It stik folget in toanielselskip dat de ienakter “Geastich” oan it repetearjen is. Jo binne oanwêzich by de repetysjes en sjogge alle fasetten fan it ynstudearjen fan ‘e tekst en de mise-en-sêne op oanwizings fan ‘e regisseur. Derneist meitsje jo ek de hiele gong fan saken mei, fan wat der allegearre wol net mis gean kin yn in repetysjeperioade.
De ienakter giet oer Romke, al tritich jier dea, dy’t op bisite giet by syn (oer)pakesizzers. Hy is foar gewoane minsken net te sjen. De besite is Romke fan “boppen” oplein, om in misse set, dy’t er yn syn ierdske libben makke hat, rjocht te breidzjen. Sa’t al sein is, Romke is ûnsichtber en rint dan ek frij tusken de oare spilers troch, sûnder dat ek mar immen him sjen kin en sûnder dat immen syn kommentaar hearre kin, wat er hieltiten op alles hat. Allinne syn oerpakesizzer Sylvia, kriget de skrik fan har libben. Sy kin Romke wol sjen en hearre. Koartsein, in apart ferhaal, der ’t in soad om lake wurde kin.

Der hinget in man oan de lampe yn de keuken

In koart absurd toanielstik oer in frou dy’t alle dagen grientesop siedt foar de troepen, yn it lânsbelang. Har man, in sûch, giet alle dagen mei in aktetas fol belangrike papieren nei syn wurk. Wat er krekt docht wit de frou net en neffens him is it foar him en foar har better dat se it net wit.
Wylst se oan’t sopsieden is yn har keukentsje, knalt der in man oan in parasjute troch it plafond. De man wol dat de frou him losmakket, mar se fertroud him net. In kop sop kin er krije. As se him úteinlik al losmakket, mishannelt er har. In oerke letter komt der in soldaat yn har keuken dy’t op’e syk is nei de ferdwûne parasjutist. Dat blykt nammentlik in fijannige soldaat te wêzen en in moardner. Yn it lânsbelang moet er fûnwurde. Dan komt de man fan de frou thús fan syn wurk. De beide mannen komme te praat oer de oarloch en de fijannige parasjutist moat oppakt wurde. Se ferwachtsje dat de parasjutist werkomt en ferstopje harren yn de keukenkast. De frou moat spylje as wie se allinne thús. Dan kloppet de parasjutist op’e doar, hy wol deryn. Troch ferrie fan de frou ûntdekt er de beide yn’e kast. Hy nimt beide mannen ûnder skot mei nei bûten ta. Wylst se deasketten wurde, giet de frou troch mei sopsieden.

Prins, Prinsesse

Der binne 5 famkes dy ’t om beurten oer har libben op dit stuit fertelle. Dat is nochal heftich. Twa jonges, werfan de iene in smjunt is en de boel besoademitert mei drugs. Fjouwer famkes reitsje yn ‘e sel, de fyfde is swanger fan de oare jonge. Der wurdt in famke berne.
In stik dat noeget kreatyf om te gean mei de typkes, it dekor en de omballingen.

Ynstappe & Utstappe

Wylst in begjinnende omropster frjemde meidielings oer it perron ropt, sjogge wy in nuver, fertuterze famke op in bankje sitten. In âldere fertsjinwurdiger besiket om ‘e nocht om kontakt mei har te krijen, mar hy hâldt dêr úteinlik allinne in mysterieus foarwerp oan oer. As se fuortgien is, reagearret de man syn teloarstelling ôf op in argeleaze, weetlike learaar. Fia de learaar kriget it famke it frjemde kadootsje lettter werom.
Dizze licht absurdistyske ienakter kin apart spile wurde, mar ek diel fan it fjouwerlûk, neamd “Komme & Gean”. Sjoch fierder by de titel.
It ferhaal fan it famke kriget in ferfolch yn “Utwei”, de lêste ienakter fan dizze fjouwerlûk, wêr’t ek de omropster yn werom komt. it is ek mooglik om allinne dizze twa ienakters te presintearjen yn ien foarstelling. De learaar sjogge wy werom yn de ienakter “Connie en Nico”.

Appeltsje

No ’t de famylje, wêr’t sy oan’t no ta wurke, fuort is, bliuwt de húshâldster allinne achter yn it lege hûs. Se is bang om yn harsels te praten, om’t se dan wer oan alderhanne dingen út it ferline tinkt. Ynienen wurdt se oansprutsen troch in appel dy ’t se opite woe. De appel stelt har gerêst en hat begryp foar har, mar ropt har ek op om it libben net samar foarby gean te litten. As har soan delkomt om har op te heljen, fret hy de appel op en makket sa har dream, ûnbedoeld, yn ien kear stikken. In oandwaanlike (hast) monolooch mei in absurd tintsje yn de foarm fan in pratende appel. (dy ’t op bân opnommen wurde kin of troch in akteur mei mikrofoan út de kûlissen wei spile wurde kin) De goedmoedige soan set mem op de ein wer wreed mei beide fuotten op ‘e grûn.
Dizze ienakter kin apart spile wurde, mar is ek diel fan in fjouwerlûk, neamd “Komme & Gean”. De húshâldster spilet ek yn de ienakter “Connie en Nico”, de soan Rudi yn de ienakter “Utwei”.

Komme & Gean

Komme & Gean
.Alle fjouwer ienakters geane oer minsken dy ’t roerlings by elkoar lâns sjitte, sûnder dat se elkoar fêsthâlde kinne of mei-inaor fierder gean. dit tema kriget op ferskillende wize foarm: soms kluchtich, soms absurdistysk, mar dan ynienen mei in dramtyske ynslach.
De ienakters steane op harsels, mar foarmje ek in searje. Der is hieltyd ien personaazje út de iene ienakter, dy’t yn de folgjende ienakter weromkomt. Yn de lêste ienakter sjogge wy boppedat noch twa personaazjes út de earste ienakter werom kommen. Jo kinne dus ek de earste en de lêste yn ien foarstelling spylje.
Foar de wiidweidige beskriuwing fan de ienakters moatte jo nei de aparte titels:
1. Ynstappe & Utstappe: In âldere hear komt in nuveraardich, fertutearze famke tsjin op it perron en sy lit him yn betizing achter. In jonge man bemuoit him dermei.
2. Connie en Nico: In húshâlding pakt yn foar de fakânsje. Betizing om de twilling hinne jaget de boel yn’e bulten, as der in learaar komt mei de eksamenútslach. In gaoatyske húshâlding, mei fierders noch in leave, âlde húshâldster en in rôt.
3. Appeltsje: In âlde húshâldster bliuwt allinne achter. Se wol net oan it ferline tinke, en ek net oan de miste kânsen, mar it gebeurt dochs. In appeltsje daget har út.
4. Utwei: Yn in stasjonrestauraasje kriget in servearster besite fan it nuveraardige famke, dat pynlike dingen oan ’t ljocht bringt oer har oansteande.

Op folle see

Trije kreas klaaide mannen sitte by inoar op in flot op folle see. Se liede skipbreuk. Harren foarried iten is op en ien fan de trije sil no opiten wurde. Troch in seleksje yn ‘e foarm fan in ferkiezingskampanje falt it lot op de Lytse. De Middelste leit alfêst it itersark klear. De komst fan de post mei in telegram en fan in keamerfeint dy’t in ûnthulling docht, kin gjin feroaring yn de situaasje bringe. De argumentaasje is sa sterk dat dizze ta macht wurdt.
De Dikke en de Middelste sitte klear mei mes en foarke. De Lytse fielt him no einliks in kompleet mins en hâldt oan é ein noch in koarte redefiering oer de ynhâld fan it begrip ‘frijheid’. Syn oarspronklike gefrjocht om syn hûd te rêden is totaal fuort riddeneard.

Hamlet yn fyftjin minuten

De tematiek fan de oarspronklike Hamlet is amper oan ‘e oarfer yn dizze ferzje. It is in parodie op ‘Hamlet, Prince of Denmark’.
Stoppard hat alle hichtepunten yn teks en hanneling fan Shakespeare syn Hamlet út it oarspronklike stik helle en efter elkoar setten. Earst komt Shakespeare sels oant wurd mei in proloog wêrt , liket it, yn it wylde wei, sinnen út it stik, op goed gelok, op elkoar folgje. Dernei begjint it ferhaal en oan ‘e ein kriget it publyk noch in tajefte; in super koarte gearfetting fan it stik. It effektis dat fan in slapstickfilm; personaazjes rinne ôf en oan, de deaden falle by boskjes del en komme like hurd wer ta libben.

Tsjonge, wat in snein

It stik spilet him ôf op in sneintemiddei op in bûten fan de Massenets earne yn Fryslân. Edward Hayes en syn frou Cordelia Massenet binne, sa ’t wol faker giet, útelkoar groeid. Edward is altyd tige drok beset as bistedokter en Cordelia hinget de diva út. Harren soan Tjalf is as ienling opgroeid en hat sa syn eigen problemen. Hy is yn de grûn bedoarn troch syn mem en hy wit net hoe’t er mei syn gefoelens oan moat. Op ‘e jierdei fan Tjalf komt der in bûnt selskip delsetten. De maitresse fan Edward, om yn de kunde te kommen mei Edward syn frou, hja komt net op sa’n gaadlike dei. Dan komme mem en dochter Hartstra, troch Cordelia útnoege yn it kader fan goede wurken. Se binne troch de gemeente út harren hûs setten. Der is ek noch in suster fan Cordelia yn ‘e hûs, dy ’t wolris wat trochslacht. De húsfeint besiket de toutsjes by elkoar te binen, mar dat slagget net altyd. Ek mei persoansferwikselingen soargje dizze minsken dat de jierdei fan Tjalf in bysûndere jierdei wurdt en kin mei rjocht en reden sein wurde: “Tsjonge, wat in snein!”.

De bushalte

By in bushalte moetsje trije aparte types inoar: in synikus dy’t in boal blykt te wêzen út’e Twadde Wrâldoarloch; in man dy’t in obsesje hat mei suverheid; en in dakleaze flechtlinge. Yn harren petear wikselje driging en eangst inoar ôf. Lyksa de sympatiën en antipatiën fan dizze folslein tsjinstelde karakters. It stikje einiget mei de komst fan in plysjeauto. Unrêst yn in oarderlike maatskippij.

NB
Sjoch foar mear ynformaasje oer ‘Flying Fish’ de beskriuwing by RIEMERSMA, Trinus – ‘De tarieding’.

Brulloft

In selskip oan it brulloftsmiel: wat yn it begjin in goed boargerlike brulloft liket, wurdt yn’e rin fan it stik in mislearre feest. De heit fan’e breid fertelt fierst lange ferhalen, it selsmakke húsrie blykt net te hâlden, de freon fan’e brêgeman sjongt in goar liet en de breid blykt yn ferwachting te wêzen. As de gasten fuort binne skammet it breidspear har, mar úteinlik binne se dochs lokkich meielkoar en kin it harren net mear skele oft it bêd wilens de houliksnacht ek ynsakket.

De dûnsles

Twa jonges en twa famkes binne yn it ramt fan in soarte fan ‘heropvoedingsprogramma’ nei dûnsles stjoerd. It min sin stiet harren op de foarholle skreaun. De dûnsleraar begjint de les mei in blier optimisme dat op de jongerein net folle útwurking hat. Om te begjinne wolle se net harren goeien namen sizze en op alles hawwe se wat te sizzen.

Begroetingen

Trije hearen op it toaniel begroetsje inoar. ‘Goed mei jo?’ Se werhelje de fraach oan ien tried wei en jouwe hieltyd oare, absurde wurdsjes as andert: ‘Mankelyk’, ‘Matinaal’, ‘Agnostysk’ Amfibysk’, ensfh.
Oant (sabeare) taskôgers út it publyk op it lêst ek kommentaar jaan en der sels oan meidwaan. It wurdt in soarte fan spultsje yn it opneamen fan idioate rychjes. De trije hearren nimmen it op it lêst wer oer en werhelje as robotten de fraach ‘En mei jo? En mei jo?’
Op dwylsinnige wize boartet Ionesco sa mei it ritueel fan de begroeting en hellet it sa út inoar dat der neat fan oerbliuwt.