Master Lalalaitsjenet

De bern yn groep 5 op de skoalle ‘Slimmernocht’ hawwe in master dy’t noait laket.

Se wolle dêrom net by him yn de klasse sitte. As se master sjogge, dan protestearje se.

Uteinlik komme se derachter dat master wat kwyt is. As er it fûn hat, komt miskien alles wer goed.

Mem

It draait yn Mem allegeare om Anna Fierling. Dizze mem reizget as merketintster achter de legers oan. De oarloch is harren breahear. Troch de hannel kin se har trije bern yn libben hâlde. mar dyselde oarloch nimt har bern ek by har wei. In koart gegeven mei in soad ynhâld: in frou dy’t wurket foar har bern, ta skea foar har bern.

Foarby it Boarkumer fjoer

It fiskersdrama yn Peazens Moddergat

Sywart de soap

Sywart, in kreaze opteine jongkeardel dy’t yn in lyts Frysk terpdoarpke wennet. Sa op it earste gesicht neat bysûnders, sa op it earste gesicht in bytsje sleau sels. It doarpke, ek sa kreas as in krúsbei; in goed ûnderhâlden tsjerkje en kreaze ynwenners yn goed fersoarge wenningen. Sa op it earste gesicht…
Mar it sit oars! Want alles is mar dekor yn in soap dy’t alle dagen miljoenen minsken foar it byldskerm hâldt. En alle kreaze ynwenners binne akteurs dy’t alle dagen wer harren rol spylje. En dan is der wat bysûnders oan ‘e hân; ien persoan is gjin akteur, Sywart. Dizze haadrolspiler wit net better as dat de soap mei alles der omhinne it wiere libben is, hy wennet fan syn berte ôf yn it dekor.
Sywart is lykwols net oars as generaasjes minsken foar him; hy is nijsgjirrich nei it lân achter de hoarizon, hy wurdt ûnrêstich fan de deistige rûtine en krekt as de minske hûndert tûzenden jierren lyn út Afrika teach om de wrâld te ferkennen, sa wol ek Sywart út it lytse doarpke wei, de wiide wrâld yn.
Mar in súksesfolle soap sûnder de tige populêre haadpersoan, dat kostet sjoggers, sponsors, ynkommen, prestiizje. Op it lêst sil de soap ophâlde moatte en dat mei net gebeure. Hjir wurdt it deilis tusken produsint en haadrolspiler. En it is folslein net te foarsizzen hoe’t dit ôfrinne sil.
Foar it earst is der yn Fryslân in Fryske real-live soap ek live te folgjen. By de opnames fan in oantal ôfleveringen fan dizze súksesfolle produksje wurdt der publyk talitten. It is dus mogelijk om as taskôger in ôflevering van dizze bysûndere soap by te wenjen! Fia dizze site, fia de Fryske media en fia de sosjale media wurde jo op ‘e hichte hâlden.

Eije Wykstra

Op de iere en kâlde moarn fan 18 jannewaris 1929 fermoardet Eye Wykstra oané Polmaleane yn Doezum 4 plysjemannen. Hy sjit se del en sneidt se de kiel troch. Oan it libben van Hermannus H. Hoving, Aldert Meijer, Mient van der Molen en Jan Werkman komt folslein ûnferwacht in ein, mar wêrom? Eye slacht al in skoftsje om mei Aaltsje Wobbes – van der Tuin, mem fan 6 jonge bern. Aaltsjes man Hindrik hie in pear hinnen stellen en wurdt feroardiele ta oardel jier Feanhuzen. Aaltsje lit har bern yn’e steek en wol mei Eye har libben diele…mar it rint oars…
Se wurdt oproppen troch de offisier fon justysje foar ferhoar yn Grins: “moedwillige verlating van haar minderjarige kinderen” is de reden. At se net frijwillig meikomt, wurdt se de oare deis troch fjouwer plysjemannen ophelle…. Mei freeslijke gefolgen

Streuper/musikant/klompmakker/foeger Eye hie in grutte hekel oan gesach en hy leaude yn spoeken en geasten en ferdjippe him yn grutte filosofyske wurken en skreua skiednis mei syn net goed te praten moardzjen…. Syn freeslike died en it werom derfan is yn de rin fan de jierren al op in hiel soad wizen ferteld en ynterpreteard. …. Sa no ek wer: Eye Wykstra, in téatrale ynterpretaasje.

Waking Ned

As yn in lyts Iersk doarpke bekend wurdt dat de haadpriis fan de lotto by ien fan de ynweneers fallen is, begjint it feest al foar ’t men wit wa’t de winner is.
It achterheljen fan dy winner hat nochal wat fuotten yn ‘e ierde. Uteinlik wurdt Ned Devine mei in brede glimp dea foar syn telefyzje oantroffen. It winnende lot yn ‘e hân.
Men wol net dat it doarp it grutte jild misse sil, dat hie Ned grif ek net wollen. Dêrom wurdt der ûnder it genot fan drank en iten in komplot yn elkoar setten. Dan docht bliken dat wiisheid net altyd mei de jierren komt…

Wa is Wa

Koart nei de revolúsje.
It folk hat de macht oernommen fan de âlde machthawwers. In pear kear deis wurdt de list foarlêzen mei de nammen fan wa’t ûnder de guillotine stjerre moatte. Dy’t earder sa machtich wienen switte as otters en diskusjearje oer harren kânsen. De nije steat tinkt oan alles. Net allinnich it útsluten fan elke mooglikheid dat it âlde regime werom komt. Ek de soarch foar it dom holden folk hat de oandacht. It folk sil bygelyks letter witte moatte wat in dekadint gedrach de, earder sa machtige, adel der op neihold. Dêrom wurdt it Museum fan it Folk ynrjochte. Echte aristokraten moatte dêr sjen litte hoe ferachtlik harren libben wie.

De Krintekakker

Jild stiet foar macht. Dat is fan alle tiden. We wolle ryk en suksesfol wêze. We wolle de nijste telefoan dy’t alles kin, de hippe merkbroek, moaie bûntkraach. We wolle op stap, út iten en in laptop, leafst in Apple.
De frek Harpagon is deun en materialistysk. De iennichste leafde dy’t hy fielt is syn leafde foar jild. Leafde foar minsklik kontakt kin hy net. Yn de Krintekakker sjogge we Harpagon ryk en suksesfol mar hy einiget yn iensumens. De Krintekakker is in klassike karakterkomeedzje yn in modern jaske. Learsum en fermaaklik.

De feint fan twa masters

Sanny Draaier is feint by Siderius Heroma út Hearum. Mar om wat mear bûsjild te hawwen soe hy der eins wol in master by ha kinne. At jo no foar ien as foar twa de brieven fan de post helje, dat kin wol yn ien loop. It slagget him om der in twadde master by te krijen mar dan begjinne de tûkelteammen pas goed. Om ’t Sanny net lêze kin hellet er de brieven troch elkoar, hjir wit er him noch út te rêden,mar at de beide masters tagelyk ite wolle makket hy der in potsje fan om ’t er net wit welk iten at foar welke master is. Kommintaar: In prachtige komeedzje dy ’t troch Tryater rûnom yn Fryslan spile is. It is en bliuwt in nijsgjirrich stik, wer ’t troch in ploech dy t fan in útdaging hâldt, in protte wille oan te belibjen is.

Redbad

Aldgilles is kening fan Fryslân. Hy is grutsk op syn lân en pleitet foar frede. De iennige striid dy’t hy fiert is de striid tsjin it wetter dat stadichoan mear en mear fan syn lân opslokt. It is it jier 657, de tiid fan de earste sindelingen. By Aldgilles komt Wilfred oan it hôf, hy mei frij it evangeelje preekje. De mem en soan fan Aldgille, Thied en Redbad, binne it hjir net mei iens. As dan de grutte leafde fan Redbad, Rixt Martena, troch har heit yn it kleaster setten wurdt, set Redbad him noch mear ôf tsjin it leauwen fan syn heit. De bân tusken heit en soan wurdt minder. Redbad tidiget op wraak en besiket preker Wilfred te fermoardzjen. Dit mislearret mar toch moat Redbad bliede foar syn died. Hy moar Fryslan út en mei, sa lang as syn heit libbet, it lân net mear yn. Hy giet lykwols net sûnder syn leafste Rixt. Yn 679, as Aldgilles stoarn is, komme Redbad en Rixt werom yn Fryslan. Redbad nimt de kroan oer mar hy is in hiel oare kening as syn heit. Hy wol neat witte fan feroaringen. It belied fan Aldgilles wurdt ôfskaft, tolerânsje en ferdraagsumens binne fier te sykjen. De soan fan Redbad, Leafwyn, is foar in grut part troch syn pake opfieden. Hy is it totaal net iens mei de wurkwize fan syn heit. It liket wol oft de skiednis him werhellet. Trije keningsdrama’s binne troch skriuwer en filosoof Eric Hoekstra by elkoar brocht ta in stik; Redbad. De reade tried dy’t troch it ferhaal rint is de eangst foar feroaring. In tema dat foar nimmen ûnbekend is.

De Krytsirkel

In ûnskuldich tsjinstfamke kriget per ûngelok de baby fan har, foar de oarloch flechten, bazinne yn hannen. Sy giet op reis op syk nei ûnderdak foar har en de baby yn dizze gefaarlike tiden. Mar de oarloch giet foarby en har bazinne wol de baby werom. Yn in bizar en grillich proses, fierd troch de dronken rjochter Azdak wurdt der úteinlik in beslissing nommen. Wa komt it bern rjochtmjittich ta?

Simke in Frysk famke

As Sido Ydeman de Simke Kloostermanpriis wint omdat hy it moaiste berneboek skreaun hat, dukt hy op ynternet yn Simke s libbensferhaal. Hy rekket alhiel yn har besnijing en wol graach witte wa t Simke Kloosterman, Fryslans earste romanskriuwster, no echt wie…, werom waard se dy t se wurden is? Wat en wa foarmen mei har karakter? Wat dreau har? Wer wie se nei op syk? Leafde? Frijheid? Of dochs beide? Geandewei Sido’s syktocht nei Simkes libben untstiet der in bysundere freonskip, dy t de taskoger meinimt nei Simkes siel.

Jou my wjukken

Daniël Daréus, in bekende dirigint, moat rêstiger oan dwaan en beslút derom werom te gean nei syn bertedoarp. Gjinien werkend him as it jonkje dat eartiids sa pesten waard. De grutste pester terrorisearret it doarp en mishannelt syn frou Gabriella.
Daniël wurdt dirigint fan it doarpskoar en syn wurkwize makket in protte los ûnder de doarpsbewenners. De dûmnysfrou wurdt iepener en gelokkiger en ûnder in optreden sjongt Gabriella it doarp ta mei it boadskip dat se har eigen libben wer liede wol.
As alles út ‘e han liket te rinnen ferteld Daniël oan it koar wa’t hy echt is: it pestte jonkje fan skoalle.
Hy hat no ôfrekkene mei de spûken út it ferline en ûnder syn lieding stiicht it koar boppe himsels ut. Se wurde talitten ta in grutte ynternasjonale sjongwedstriid yn Eastenryk. Op de dei fan de útfiering kriget Daniël wer in hertoanfal en falt yn de toiletten tsjin in radiator. Wylst hy bliedzjend en helpleas op ‘e grûn leit, heart hy it koar sjongen oer de speakers. It publyk sjongt massaal mei en mei in glimke om ‘e mûle slút Daniël de eagen.

Band op ‘e loop

In band dy t trochbrekt rint tsjin de leuke en de skaadkanten fan it sukses oan

Passy of Pasta

It draait yn dit stik om in grutte tradisjonele famylje fan pastamakkers yn Itaalje. De heit wol syn bedriuw oerdrage oan syn beide soannen. De jongste soan Tomasso wennet yn Rome tegearre mei syn freon, mar de konservative famylje is hjir net fan op ‘e hichte. As syn heit him freget te kommen om mei te wurkjen yn it pastabedriuw, hat hy der net safolle nocht oan. Tomasso beslút om ûnder in famyljediner út de kast te kommen. Hy hopet sa syn ferplichtingen te ûntrinnen. Syn broer Antonio nimt lykwols earst it wurd en bringt Tomasso unferwacht yn in posysje dy’t er no krekt tefoaren komme woe. Der ûntsteane konfrontaasjes tusken de tradisjonele famyljewearden en de opfettings fan oaren.

De Magyske Fane

De âlde Fryske sage oer de Magnus fane, it magyske findel mei wûnderbaarlike krêft is it symbool fan Fryske frijheid. De sage en it frijheidstema is op eigen wize ferwurke. De magyske krêft is merkber yn in ferhaal fol dramatiek oer twa famyljes en in frjemde flok dy’t fan generaasje op generaasje meidroegen wurdt. De fjouwer bedriuwen rinne fan de midsieuwen troch nei de perioade fan it ferfeanjen en fan dêr út is der in tiidsprong nei de 2e wrâldkriich.

Bloedbân

Bloedbân is it ferhaal oer de twillingbroers Mickey en Eduard, dy’t fuortdaalk nei de berte skieden wurde. De biologyske mem, frou Jonkers, hat it net sa rom en har man is by har wei gien. Se bliuwt allinne achter mei in stik as wat bern en yn ferwachting fan in twilling. Se wurket by de rike famylje Van Leeuwen. Frou Van Leeuwen, kin gjin bern krije. Al gau kriget frou Van Leeuwen troch dat frou Jonkers de twilling der finansjeel net by ha kin. Se bepraat fou Jonkers om ien fan de poppen oan har ôf te stean. Net ien mei gan dizze ôfspraak witte. Frou Van Leeuwen docht foar de bûtenwrâld krekt oft se ek swanger is en dat fertelt se ek oan har man, dy’t yn it bûtenlân is. Se lit frou Jonkers swarre op de bibel en set har mei drigeminten ûnder drukdat se de ôfspraken neikomme moat. At de poppen berne binne, hellet frou Van Leeuwen ien fan de jonkjes op. Dêrnei jout se frou Jonkers dien en makket har bang meiit ferhaal dat de jonges noait witte meide dat se twillingbroers binne, omdat der dan wat ferskrikliks barre sil.
De jonges, Mickey Jonkers en Eduard van Leeuwen groeie op. De memmen besykje de jonges byinoar wei te hâlden, mar se komme inaor hieltyd wer tsjin, wurde sels goed freonen en fereale op itselde famke. Mar stadichwei wurdt de ynfloed fan it miljeu dêr’t se yn opgroeid binne dúdlik. Eduard is as ienichst bern opgroeid yn rykdom en wurdt studint, wylst Mickey nei de middelbere skoalle oan it wurk moat om himsels te ûnderhâlden en komt mei justysje yn oanrekking.
It liket derop dat de libbens fan de beide jonges fier útinoar rinne sille mar dan wurdt it geheim fan harren freonskipsbân ferret…

De fiifde dei

Wat ha se it altyd drok op skoalle, dy lêste wiken foar de simmerfekânsje. Benammen de bern út groep 8. Net allinne mei de fêste jierlikse ôfslútingsrituelen mar ek mei it ôfskie fan de fertroude skoalle, de masters en de juffen en fan elkoar. Foar ’t de grutte stap set wurdt nei in noch ûnwisse takomst moatte de lêste dagen meielkoar in bysûndere tiid wurde.
In ôfskie dat yn it ûnthald bliuwt.