Op de ferkearde foet

Angelique is 40 en wanhopich op ’e siik nei de leafde. Se wennet mei har heit op in âlde
buorkerij yn de Switserske Alpen. Op in neimiddei makket se har op om mei har bêste freon
Angelo nei it karnaval. Dit jier sille se dêr as stel hinne, mar dan wol oarsom: hy as
Angelique, sy as Angelo. Flak foardat se fuort sille giet de bel en dêr stiet de date fan
Angelique, Lorenzo, op de stoepe, dy soe moarn pas komme, mar hy is in dei te gau en it
blykt ek noch de baas fan Angelo te wêzen. Angelique, ferklaaid as Angelo, docht iepen.
Angelique wurdt dus foar Angelo oansjoen en Angelo foar Angelique. De swierrichheden
folgje elkoar dêrnei yn heech tempo op, want der komme noch mear minsken del dy deis.

Hotel Hellman

Hotel Hellman is in eigentiidske, fleurige en absurde oade oan Fawlty Towers en sit grôtfol mei yntriges en rarichheden.

De hystearyske hotel-manager besoarget himsels net allinnich in hege bloeddruk mar ek allegearre swierrichheden. Tsjinwurke troch syn Dútske skoanmem, syn wat ûnnoazele frou dy’t gek fan musicals is en de altyd fleurige mar tige nijsgjirrige buorfrou, besiket hy syn smoar rike tante yn te palmjen om jild te ynvestearjen. Wylst de help besiket te rêden wat der te rêden falt, meitsje de gasten der lang om let in soadsje fan. In drankoargel fan in aktrise en in wat heal-sêfte dokter is noch dêroan ta. Mar mei de komst fan de eardere “gûchel-assistinte” fan de manager wurdt it in gekkeboel.

Elk hat wol wat te ferbergjen en it publyk wit nei trije kertier fan de foarstelling hast net mear wat wier is en wat net. Hotel Hellman hat alle yngrediïnten fan in klucht, mar is eins noch folle komplekser.Want hoe lang kinst op ’e rin wêze foar dyn ferline? Hoefolle troude manlju leaust noch? Hoefolle alkohol kin in mins ferneare? Hoefolle geheimen kin dyn gewisse oan? Yn hotel Hellman binne se der allegearre fan oertsjûge dat sy it wol oant yn de ivichheid folhâlde sille. Oant it earste lyk út de kast komt. Letterlik.

 

Stookoalje & Sangria

Yn Stookoalje &Sangria komme twa stellen elkoar tsjin op in Spaanse fakânsjebestimming.
Se moatte, sûnder dat se dat wolle, itselde appartemint oan it strân diele.
Dit soarget foar ûnferwachte situaasjes.
As der op de lokaasje ek noch in earnstige miljeuramp plak fynt, wurdt it fakânsjegefoel wol hiel bot op ~e proef steld.

Stookoalje & Sangria is in klucht dêr’t fakânsjewille en toeristeleed gefaarlikl ticht by elkoar komme.

Nije Buorlju

Herman hat in ferrassing foar syn frou Barbara, sy hat altyd graach op in buorkerijke wenje wollen, ergens oan de râne fan in doarp. Oant no ta wennen se yn de stêd, mar no’t se wat âlder wurde, wurdt ek it langstme nei dat buorkerijke grutter.

Herman hat, sûnder dat Barbara dat wist, in buorkerijke kocht, ergens fier bûten de stêd. Barbara wurdt sechstich en dit is neffens Herman it perfekte kado foar dit heuchlike feit. Yn it geheim riedt hy in grut feest ta yn it krekt oankochte buorkerijke.

Hy hat lykwols gjin rekken holden mei de nije buorlju. At dy der achter komme dat Herman miskien wol in hiel grut geheim mei him mei draacht, is de hikke fan de daam. Farsk fleis yn it doarp wurdt altyd mei arguseagen besjoen.
Mar is dat wol terjochte?

De mysterieuze psychiater

Beppe Wilma skriuwt boeken. Detektiveboeken.
Omdat yn har nije boek in psychiater mei in trauma foarkomt, freget se har beppesizzer, dy’t sekretaresse by in psychiater is, om in rapport om mear te witten te kommen.
Mar beppe is ek alle dagen mei har freondinnen oan it breidzjen foar de bern fan flechtlingen. As se wer byinoar komme, sjogge de freondinnen it rapport en tinke se dat it oer Wilma giet.
Se wolle har op alle manieren helpe om har trauma te boppe te kommen en ien fan de freondinnen sil sels har neef, dy’t psychiater is, in kear meinimme om beppe anonym te observearjen. Beppe fynt it mar frjemd dat elk ynienen sa besoarge is om har en se freget har beppesizzer om es in kear mei har baas, de psychiater, te kommen en de freondinnen anonym te observearjen.
De beide psychiaters komme op itselde momint, se witte fan inoar net wat se binne. Der ûntsteane dan fansels hilaryske tastannen, mar de konklúzje fan de psychiaters is itselde: noch beppe noch de freondinnen ha in trauma, mar se ha wol serieuze twivels oer elkoars geastestastân en riede in behanneling oan.

Kluchten en Kueren

It giet net goed mei it kueroarde fan Fons en Tina. De rekkens wurde of te let of hielendal net betelle en foaral de rekken fan de stroom en it wetter binne dan gefaarlik fansels. Wat is in kueroarde sûnder stroom en wetter? Neat. It personiel is ek al yn staking gongen omdat se de lêste moannen it lean net krigen ha. En no stean Fons en Tina der dus tegearre foar. Dat past harren eins net, want keninklike heechheid prinses Clothilde sil, lykwols ynkognito, in wike meidwaan oan in kuer om te fermeagerjen. Mar stel dat se it de prinses wol nei ’t sin meitsje kinne, dat soe de bêste reklame wêze dy’t se ea hân ha. Mar slagget dat sûnder personiel? Fons en Tina betinke in twillingbroer en twillingsuster dy’t as personiel opdrave moatte. Dit soarget foar de nedige kommoasje by de gasten

De Moaiste Dei

Houliksplanner Sylvia sjocht as eigeneres fan De Moaiste Dei allinne mar rekkens binnen streamen.
Se tinkt dat se ynkoarten de boel slute moat.
Dan komme Herbert en Saskia harren brulloft regeljen fia Sylvia. Dit betsjut aardich ynkomsten, omdat Herbert út in rike famylje komt. Allinne hinget der in luchtsje oan dizze brulloft. Ferskate famyljeleden besykje it houlik tsjin te hâlden of krekt trochgean te litten.
En wolle Herbert en Saskia sels wol sa graach mei-inoar trouwe? De moaiste dei wurdt in dei fol persoansferwikselingen en ferklaaipartijen.

In frou fan fiif miljoen

‘By Swa’ is in restaurant ergens yn Fryslân. Francois, de eigener, is in poerbêste sjef-kok, en tagelyk in fûleindich oanhinger fan Jack Nicholson. Geraldine, syn takomstige frou, is him eins opkrongen troch in omke fan him. Dy omke is stoarn en hat in knoarre jild achterlitten. Dat kin Francois allinne erve as hy mei Geraldine trout. Allinne as Geraldine net mei him trouwe wol, of dat se frjemd gean soe, dan soe Francois it jild sûnder fierdere betingst erve kinne. Geraldine is in arrogante, ûnoantreklike frou en Francois is alhiel net fan doel om mei har te trouwen. Hy is smoar op Claudia, de tsjinster fan it restaurant, mar dy wiist him oant no ta ôf. As Claudia der achter komt dat Francois erve kin, draait se fuort by. Dit is tsjin de seare foet fan Tom, de barman, want hy hie oant no ta in relaasje mei har. Hy makket foto’s fan de eskapades fan Francois en Claudia en wol der in slaadsje út slaan. Omdat Geraldine perfoarst mei Francois trouwe wol, litte Claudia en Francois in hiermoardner komme om Geraldine fan kant te meitsjen. Dat slagget foarearst net, ek al omdat de man in Italjaan blykt te wêzen dy’t gjin wurd Frysk ferstiet. Ut in kleaune fan yntriges komt Francois as oerwinner út de bus!

Wanda wasket wyt

Wanda is in jonge frou mei in rûzich ferline, se sit in straf út foar yllegale prostitúsje en hannel yn drugs. Se hat al twa kear earder ûnder betingsten frij west, mar dat is beide kearen mislearre. No krijt se, nei dat se 3 jier fêstsitten hat, de lêste kâns om sjen te litten dat it ek oars kin. De betingsten om definityf frij te kommen binne: in fêst wenadres en fêst wurk. Ek mei se gjin strafbere dingen dwaan. Wanda giet oan de slach by in muoike fan har, se kin dêr wenje en deis yn de waskerij wurkje. De waskerij is lykwols in fertutearze boel. It liket der sels op dat de waskerij noch foar de ein fan de moanne de doarren slute moat fanwegen achterstân mei it beteljen fan de hier, en dan soe se dus al oan ien fan de betingsten net mear foldwaan kinne.
Nei in pear dagen stiet har âld poaier en -dealer al foar de doar, hy wol har graach werom ha. Dan komt der ek noch in freondinne fan har del, dy’t út de finzenis ûntsnapt is, dy siket en krijt ûnderdak by Wanda. Dit past fansels ek net yn de betingsten en it liket der dan ek op dat se yn de koarste kearen wer yn de bak sitte sil.
Wanda is lykwols net ien dy’t by de pakken delsit en se is fêstberet dizze lêste kâns te brûken, sadat se noait wer werom hoecht nei de finzenis.

Knyntsjedagen

Marian Thorncraft sjocht út nei har knyntsjedagen mei har man Tyler. Se tinkt dat se dy troch bringe sil yn in romantysk, smûk húske op ‘e romte. Se is noch mar krekt oer de drompel droegen, dan ûntdekt se al, dat dizze filla dêr’t se binne “Graveside Manor” (wat in frjemde namme), wat mei oan ‘e hân is. It spoeket der (fansels), hat allegearre heimsinnige gongen (fansels) en is like gesellich as in flearmûsgrot en leit like fier op ‘e romte as it Sintraal Stasjon. In wurkster dy’t hieltyd ferdwynt, in spoek dat mei in bile swaait en trije studinten dy’t in grap foar Halloween úthelje wolle, Marian hat it der dreech mei. En dan noch dy plysjeman, net al te snoad, dy’t in ûntsnapte psychopaat siket en dizze ûntsnapte psychopaat sels. Al mei al, it wurde “geastige” knyntsjedagen dêr.

De kat yn de kelder

Majoar Evarist Tanghe lit, alhiel tsjin it sin fan syn ‘ soere’ suster Serafine, it kânsearme húshâlding De Kat tydlik yn de kelder fan syn hearehûs wenje, dy’t wachtsje op it tawizen fan in sosjale hierwenning. Ynearsten hat de famylje De Kat neat mei de kelder, mar dat slacht al rillegau om as se der achter komme dat se neist de bank komme te wenjen. Feliks sjocht de kâns op de ‘jackpot’ wol sitten en hy beslút fan út de kelder in tunnel nei de bank te graven. It wurdt uteraard in nuodlike ûndernimming, omdat se de tunnel grave moatte sûnder dat de Majoar of syn suster dit merke. Wêr moatte se bygelyks mei de modder hinne dy ’t by it graven frijkomt. Hoe ferbergje se de yngong fan de tunnel as se besite krije? Hoe maskearje se de herje dy ’t de drilboar makket?
Uteraard levert dit hilaryske situaasjes op, ek al omdat blykt dat beppe sa no en dan ferrassend út ‘e hoeke komt. Kim wurdt fereale op Sven, dy ’t te pas en te ûnpas yn de kelder opdûkt. Kim liket de Majoar gâns op te winen, Serafine om de kat dy ’t samar weiwurden is, en der komt in drumstel oan te pas om de herje fan de drilboar te oerstimmen. Uteinlik lykje se te slagjen yn de opset. Dan fynt Serafine de tunnel en de de deade kat en se moatte har opslute. Madeleine lit it leven yn de kelder en dan sitte se dus ek noch mei in lyk dat se nergens kwyt kinne. En wat as Sven twivelt tusken syn leafde foar Kim en it rjochte paad?
De Majoar blykt úteinlik mei in grutte ferrassing út de hoeke te kommen.

It Kistke

It stik giet oer in âlde omke dy `t himsels wat ferwaarleazet.
Wol hat er in hiele leave húshâldster.
Op in jûn binne twa manlju oan it mudze jeien mei harren stabijhûntsje.
De murd fljucht omke `s dak op, de hûn der efter oan. No kin it dak de murd
wol ferneare mar de hûn net en dy ploft by omke yn `e keamer.
De famylje fynt dat it sa net kin en wolle him nei in âlderein te hûs ha. En dêr
komt er ek. Krekt even, want omke kin him mar dreech oanpasse. Sa lit er him
wolris in prûmke ûntkomme op `e gong en pisset er wolris oer it balkon.
De famylje is poer mar hja witte dat Omke altiten hiel heimsinnich docht oer syn jildkistke.
Elk fan de famylje siket op eigen wizen nei dit kistke. Sy binne tige wantrouwend tsjin oer elkoar.
By eintsje beslút blykt der allinnich in testamint yn it kistke te sitten dat de ferdieling ynhâld mar
it blykt dat de famylje neat kriget Omke hat alles ferdielt oan syn freonen en syn húshâldster.

Blau bloed

Beppie en Karel in âlder, suterich, pear. Sa as altyd om ‘e wike op sneintemoarn, komme harren dochter Bianca en de pake- en beppesizzers Judith en Erik op ‘e kofje. Dizze kear kriget de besite wol in tige ferrassende draai as der ûnferwachts ek noch oare gasten op ‘e stoepe stean.
Beppe Beppie blykt de lêste telch te wêzen fan de keninklike famylje van Klompenstein, in lyts keninkryk yn it Dúts-Eastenryks grinsgebiet. Beppie en de oaren meitsje kâns om diel út te meitsjen fan it keninklik hûs.
Dêrfoar moatte se earst in soarte fan eksamen ôflizze en allinnich as dit suksesfol is kinne se echt oanspraak meitsje op harren keninklike titel.
De folgjende 2 wiken wurdt der ûnder lieding fan dhr. Von Schlippenbach, dhr. Von Nebelhausen en mefr. Hompasch zu Buttershein dan ek flink studearre om alle kunde en feardichheden ûnder de knibbel te krijen. Dit gie lykwols net sûnder problemen. Slagje Beppie en har famylje deryn om it eksamen te heljen? Of rêde se it net en is it fuortbestean fan keninkryk Klompenstein yn gefaar?

Opskuor yn it meditaasjesintrum

Julia beheart it meditaasjesintrum Rusty, bystien troch har stazjêre Haijo. Op in dei komme der ferskate gasten. Wat te sizzen fan it folkse pearke Bart en Roxanne? Hja komme wol hiel ûnferwachts en binne tige erchtinkend nei elkenien. En wat fiert de skiteldeftige mefrou Heleen de Rooij út? Hja hat wol in hiel soad belangstelling foar it sintrum. Mar it wurdt pas echt stressen foar de gasten as der in plysjeynspekteur opdûkt dy`t foar har wurk wat freegje moat. Allegear fragen wêr jimme op it ein fan dit blier spul andert op krije.

Skiteldeftich en rosmos

Troch in ûngelokkich tafal kriget de asosjale famylje Stomp nije buorren. De elitêre famylje de Prael fan Goudenjagt komt neist harren wenjen. Dizze deftige minsken sykje in tydlik ûnderkommen wylst harren nije filla boud wurdt. Hja hiene gjin minder adres treffe kinnen. De spanningen tusken de famyljes rinne heech op. Se helje elkoar it bloed ûnder neilen wei. Der ûntsteane fûle konflikten. En wannear der in net winske leafde opbloeit, is it kermis yn`e hel……

It lit de pastoar kâld

Pastoar de Bonte hat de biskop en syn Afrikaanske sustergemeente Bouli-Bouli om jildlike stipe frege, omdat syn parochy yn jild pine sit. Dit fanwege út`e hân rinnende kosten, wêrûnder bygelyks de rekken fan de pleatslike drankhannel. Om te sjen oft de parochy noch wol “libbensfetber “ is, stjoerd de biskop syn sekretaresse, dy`t him in posityf of negatyf advys jaan sil. Dizze noartske frou sit de pastoar hieltyd efter de fodden en as it oan har lei, waard de parochy fuortendalik opdûkt. Ek de taseine stipe út Bouli-Bouli pakt hielendal net út lykas de pastoar hope hie. Foardat hy it wit rinne der manlju mei pistoalen yn syn parochy, klinke der nachts de meast freeslik lûden, wurdt it rioel iepenbrutsen en besiket men him om te keapjen om de regels yn`e tsjerke, te oertreden. Wannear hy dan ek noch ris de skeve hoanne fan de tsjerketoer helje moat en de meast waansinnige ferhalen oanhearre moat yn de bychtstoel, wurdt it sels de meast betûfte pastoar it wol ris tefolle. Mar in net goed funksjonearjende pastoar soe fansels hielendal de deastek foar de parochy wêze. Om har baantsje behâlde te kinnen betinkt skjinmakster Wilma in rêdingsplan, wêryn se ek koster Kees meisleept. Dizze leau`t folslein net yn`e goede ôfrin fan dit dwylsinnige plan en moat as klapstik ek noch ris in houliksmis tusken in hottefyljende breid en breugeman ta in goed ein bringe. Koart sein: in gebed fol kolder mei in ferrassende ein…..wêrby it hiele publyk as figurant meispilet.

Komt goed ju!

Jantien, manager fan it hotel, spilet tegearre mei Klaas, in sjauffeur fan in reisorganisaasje skûlje mei-inoar ûnder ien tek. Hja litte klanten saneamd fêstrinne, wêrtroch dizze dan yn it hotel bliuwe moatte. Lex, de boantsjelap is ek belutsen by de oplichting. De gasten binne hiel ferskaat. Odette, in skiteldeftich type, tegearre mei har goederlaaks freondinne Odile. En Angela en Knurt, in hiel apart span, wêrby sein wurde moat dat Angela hiel dominant en kleierich is. Hja tinke hieltyd dat se ien of oare sykte hat. En de twa noflike idioate fammen Samantha en Charissa, binne feestbisten. Theresia, op it each de pleatslike doarpsgek, dy`t yn ferskate kleurrike typen ferskynt. As in grut fliepleach en in hiele trange wynjûn de saak noch fierder eskalearje lit, binne de rapen gear. In suvere klucht, mei in soad faasje skreaun

Trije is te folle

In famylje wachtet senuweftich om it kommen fan in oare stjonkend rike famylje. Dizze rike famylje hat in soan yn ‘e oanbieding om te trouwen en it liket dan ek in bêste partij faor de dochter. Alles wurdt út ‘e kast helle om de rike famylje yn styl te ûntfangen mar dan komt der in kink yn ‘e kabel. It haad fan de húshâlding mitert fan de trep en dêrtroch driget de soarchfâldich tarieden ûntfangst yn it wetter te fallen. Folslein harren rie tenein dogge se in berop op de monteur fan de ferwaarmingstsjettel, om harren húsfeint te ferfangen. Dat hienen se better net dwaan kinnen, want fan dat momint ôf rint echt alles yn’t hûndert.

Famylje Bruinsma yn de bocht / sjoch by opm.

Keningsdei yn Nederlân. Alles wat noch mar in bytsje brûkber is wurdt troch Sjef yn syn kream útstald. It is ommers frijmerk en in moai momint om fan de rommel ôf te kommen. Lestich is de besite fan sus Truus. Mar der mear gasten dy’t Sjef leaver kwyt as ryk is.