Lekker ite
noch gjin beskriuwing
noch gjin beskriuwing
Yn in herberch yn in stâl yn it plakje Bethlehem sille de baas en syn frou op bêd. De baas docht noch in buordsje op’ e doar mei: FOL. Hy kontrolearret noch even as it ljocht út is en de doar op slot en sil dan op bêd. Midden yn’ e nacht wurdt der op’ e doar kloppe. De baas seit dat de herberch fol is, mar giet dochs nei de doar ta. Hy docht de doar iepen en der steane Joazef en Maria, sy ha in lange reis makke en sykje om plak. Nei wat praterij seit de baas fan de herberch dat se wol gebrûk meitsje kinne fan de stâl. De baas fan de herberch fljocht de hiele nacht hinne en wer foar: in bysûnder grut ljocht, foar trije hoeders, foar in ko, in ezel en in skiep en foar trije keningen en foar it sjongen fan ingels. Hy giet dan nei de stâl foar it wûnder: it berntsje.
Yn ienfâldige taal wurdt hjir it âlde Krystferhaal ferteld en útbylde. Om it ferhaal ta syn rjocht komme te litten kin foar de ferteller better in wat âlder bern keazen wurde. Mei wat oanpaste beljochting op de hoeken fan it toaniel is fan de sêne wol wat aardichs te meitsjen. It koarke kin by need achter de kûlissen wei sjonge.
It stikje spilet yn’e krystnacht. Twa famkes, Sjoukje en Marije, wurde kjel en ferheard wekker fan in opfallend grutte stjer dy’t harren yn’e eagen skynt en alles bûtendoar yn’t ljocht set. Dit moat wat bysûnders wêze, ornearje se, mar wat? Op har freegjen nei it geheim komt de stjer fan syn plak om harren foar te gean en by te ljochtsjen de kant út fan it blide barren. Underweis moetsje se ridlik gau in kamiel, dy’t harren – sjongende- fertelt fan it wûnder dêr’t er fan dreamd hat: de berte fan in bysûnder berntsje, ” in nije kening” is him troch de Ingel oansein. Benijd swalkje se fierder; by in krusing geane se elk in kant út. Mar lang om let en nei allerhande frjemde moetingen en goede ried fan hoeders komme se dochs tagelyk op it plak dêr’t it geheim har iepenbiere wurdt en dêr’t Joazef en Maria harren by de krêbe it wolkom tasjonge.
It stikje spilet him ôf yn it kantoar fan in flechtlingekamp, earne yn it easten fan Europa, nei de twadde wrâldkriich. Haadpersoan is de administrateur, Igor neamd, dy’t ta taak hat, nij-ynkommelingen te ûnderfreegjen en ‘yn it systeem op te bergjen’.
Troch dit wurk liket him alle minsklikens frjemd wurden te wêzen. Mar as in jonge frou, Wanja, wurch en ûngedien, har oankundiget, dy’t op syk is nei har jonkje dat se ûnderweis yn ‘e barre winter kwyt rekke is, en dat flak foar de Krystdagen, dan….
Clara, in deeglik konvinsjoneel opbrocht famke, noeget wat kunde út om by har Krystfeest te fieren, om’t har âlden net thús binne. De jongelju dy’t komme, meitsje op harren eigen wize in feestje, dat wol sizze platte wille en drank. Dit no past net yn it hûs dêr’t se binne en ek net by Clara. As se meiinoar it spultsje “geasten oproppe” dogge, stapt der in echte geast troch de doar.
Hommels wurdt it feest ôfbrutsen en Clara bliuwt wer like iensum efter yn it deftige hûs.