De Winskspreuk

Prinses Lyske krijt op har 10 e jierdei in spesjale ring fan de feeën.
Mei de ring en in winskspreuk kin se alles winskje wat se mar wol. Mar de kweade fee, Ka Ef, wol graach de ring.
Sy stelt de ring en ûntfiert Lyske om efter de spreuk te kommen. Sadat sy him brûke kin om mei prins Casper, dy’t no in Draak is, te trouwen.
Foar in beleanning fan 5000 daalders en of trouwe mei
prinses Lyske, sykje in prins, in ridder en in tsjinstfaam om Lyske.
Sa komme se yn de tovertún mei in riedsel fan de blommen om der wer út te kommen. En moatte se oppasse foar de kweade fee, Ka Ef, dy’t elkenien yn bisten feroaret. En komme se de gemiene boskmantsjes tsjin dy’t mei
Lyske trouwe wolle.
Mar úteinlik is it Lyske dy’t har sels befrijt, is prins Casper net mear in draak en wurdt de kweade fee de beste fee.

It mystearje fan it guozzebrief

Fjouwer famkes fine in âld guozzebrief (ganzebord) by beppe op souder.
Wat se net witte is dat it betsjoend is. T
roch it te spyljen komme se yn in fantasywrâld telâne. In wrâld fol mei mearke figueren as personaazjes.
Om wer út it spultsje te kommen moatte se alle opdrachten útfiere dy’t se ûnderweis tsjinkomme. Mar wat as der ien net mear meidwaan wol of yn de put komt? Of opiten wurdt troch de heks fan Hans en Grytsje? Komme se dan wol werom?
En wa is dy frjemde jonge dy’t samar ferskynt as ien fan de famkes in de put telâne komt?
As se de gouden kaai fan de toer fine dêr’t de prinses yn opsluten is, komme se wer yn de gewoane wrâld telâne.
Under it spultsje komme de famkes der achter dat de jonge úteinlik omke Roel is, dy’t jierren lyn samar ferdwûn is.

In spannend libjend guozzebrief foar elkenien dy’t fan mearkes en spultsjes hâldt.

Kening Klysterburd

In mearke oer de fernedering fan in heechmoedige prinses. In prinses bespot alle houlikskandidaten. Har heit hat der genôch fan en beslút har oan de earste de beste bidler te jaan. Yn werklikheid docht bliken dat it in kening is, dy’t de prinses bespot hat en him de bynamme Klysterburd jûn hat. De fernedering brekt úteinlik har heechmoed.

Drakebloed

Twa suskes gean op ’e siik nei drakebloed. Saskia hat in ûngenêslike sykte en kin net mear better wurde. Suze hat heard dat drakebloed it miskien genêze kin. Mar wêr fine je drakebloed? Hjir binne gjin draken. Mar yn de midsiuwen wol. Tante Siem hat in tiidmasine, miskien kinne se dy wol brûke. Op in jûn stelle se de tiidmasine en reizgje nei de tiid fan de draken. Se reizgje fan de iene tiid nei de oare tiid, mar fine gjin drakebloed en Saskia wurdt hieltyd siker. Uteinlik komme se yn de midsiuwen en fine it drakebloed. De suskes komme ferskate persoanen tsjin dy’t harren helpe mar ek tsjinwurkje en sommigen reizgje mei harren mei. Komme se noch wol werom yn harren eigen tiid en is it drakebloed wol in genêsmiddel foar Saskia?


In toanielstik foar en troch bern fanôf 10 jier. Der binne 20 rollen en figurante-rollen foar wat jongere bern. Te spyljen fanôf 10 persoanen mei dûbele rollen. De personaazjes kinne sawol troch man as frou spile wurde. Der kin gebrûk makke wurde fan besteande ferskes en of muzyk tusken de sênes dy’t passe by it stik.


Aly Cnossen hat mei ’Drakebloed’ yn de kategory ’Bernetoaniel’ de earste priis wûn by de priisfraach nei oanlieding fan it 50-jierrich jubileum fan de StUFT.

In boek fol fantasy

In famke dat net fan lêzen hâldt, lêst in boek oer Eva. Eva har hûn is dea. Se hat in protte fertriet, en dan stiet dêr samar in wite keninginne foar har. De wite keninginne kin har hûn wer ta libben bringe mei help fan de trije kaaien. Eva moat op syk nei de trije kaaien – of is it no it famke? Underweis moetet se ferskate bisten dy’t se earst helpe moat, mar dy’t har ek helpe om de kaaien te finen. Mei gefaar foar eigen libben fynt se de trije kaaien. Mar hoe rint it ferhaal ôf? En wat is der dochs mei dat boek? Hat se it no echt belibbe of wie it mar in ferhaal?

In mearke mei ferskate personaazjes, lykas in knyn mei in mobyl, in grutte slang, in flinter mei in seare fleugel, bijen, in bline kat, frjemde heksen, in wite en in swarte keninginne, domme ridders en in gefaarlike wolf. In spannend ferhaal mei in knypeach nei de fantasy en werklikheid. Dit toanielstik is skreaun nei oanlieding fan in ferhaal fan in 10-jierrich famke. Wat is der no moaier as dyn fantasy ta libben te bringen?

De Sniekeninginne

Lang lyn hat in trol in toverspegel makke. In spegel wêryn’t alles der ferdraaid en ferfoarme útsjocht. Op reis nei de himel falt de spegel yn tûzen stikjes op de wrâld. Ien splinter komt yn Kay syn each en hert. Kay, in hiel aardige jonge, wurdt gemien en rint fuort, nei de kwea-aardige Sniekeninginne. De keninginne nimt him mei nei har iispaleis, dêr’t Kay opdrachten foar har útfiere moat.
Elkenien tinkt dat Kay dea is, mar Gerda, syn bêste freondinne, leaut dat net. Se is tige fertrietlik en wol Kay weromfine. Se giet op reis, op ’e siik nei Kay.
Underweis belibbet se ferskate aventoeren en gefaren, mar makket ek nije freonen. Uteinlik fynt se Kay op de Noardpoal. Gerda is o sa bliid!
Mar Kay syn hert is iiskâld. Hy wol neat fan Gerda witte. Troch Gerda har waarme triennen ûntteit it beferzen hert fan Kay en fine se elkoar werom.

De trije helden en it elvepoeier

It toanielstik hat 25 rollen, 7 grutte en 8 lytse rollen mei tekst. 9-15 bern en figuraasje.

Lytse prinses is opsluten troch de boaze keninginne. Om tolve oere knipt de boaze keninginne it hier fan de lytse prinses derôf en mei help fan in toverspreuk wurdt sy dan de moaiste fan Fantasywrald en kriget dan de macht. Lytse prinses wurdt dan in meunster. De fee hat har oflústere en siket trije helden om de prinses te befrijden. Mar dat slagget samar net. Earst moat je lâns de trollen, dan de sleutel fan de elvetún stelle. Mar de piraten bewake de kiste wer t de sleutel ynsit. Yn de elvetún stiet in pot mei elvepoeier die’st noadich hast om de prinses wer te befrijden. Mar litte de elven dy wer fierder gean? Foekje Feks hat in toverfluit wêrtroch’tst mei bisten prate kinst, sy helpe dy troch it doalhôf om sa by de boaze keninginne te kommen. Mar Foekje Feks is in heks dy’t fan bernefleis hâldt. De boaze keninginne hat in toverspegel dy t alles sjocht, en probearret harren tsjin te hâlden. Slagget it de trije helden op ‘e tiid om it prinseske te befrijden of bliuwe se yn Fantasywrald?

De myte fan Perseus

Fjouwer bern fertelle en belibje in Grykske myte oer Perseus. In Grykske held dy’t de holle fan in meunster ophelje moat, sadat syn styfheit net mei syn mem trouwe kin.
Slagget it Perseus om it meunster te ferslaan of komt hy noait werom?

Moatte, altyd mar moatte

Sinteklaas wol net mear wurkje. Hy wol mei pensjoen. Hy wol net altyd mar moatte.
Mar dat kin fansels net, Sinteklaas kin net ophâlde. Se betinke fan alles en úteinlik krije se Sinteklaas dochs sa fier dat er net mei pensjoen giet.

De Glystergeast

Janne komt yn it mearkebosk telâne. Se leaut der net yn, mar dochs is it wier. Om der wer út te kommen, moat se trije opdrachten útfiere:
– Ried de namme fan de haadgeast en do wurdst net opiten.
– Stel it each fan de trije bline heksen en se sille dy mei rêst litte.
– Ferbaarn it toverboek fan de tovener en do bliuwst in minske.
Sil it Janne slagje om dizze opdrachten út te fieren? Leaut se no wol yn it mearkebosk?

De pine fan ‘e kening moat ferdwine

It mearke giet oer kening Toermelint dy’t in ferskuorrende pine oan syn grutte tean hat. In protte dokters út ferskillende wynstreken ha besocht de foet fan de kening te genêzen. Oant no ta is dat noch nimmen slagge. De kening neamt se kwaksalvers en slút harren op yn de djipste kelders fan it kastiel. Wa kin de kening helpe?

Rein de foks

Rein de foks moat by it hof komme fan kening Nobel. Hy moat berjochte wurde. Mar hy is de bisten dy’t him ophelje moatte, hieltyd te snoad ôf. Hy soarget der foar dat dy bisten allegearre wat slims oerkomt en wit it dan sa te fertellen dat it har eigen skuld is. As er dan by eintsjebeslút dochs hingje moat, wit er him dêr ek wer ûnderút te praten.

Kening Wa?

It ferhaal spilet yn in bosk op in iepen romte. De kening fan it bosk is dea. Dit wie in kening sûnder paleis, in deagewoane houthakker. De elfkes en de trollen wolle de baas fan it bosk wurde, se meitsje altyd rûzje….Wa wurdt de baas fan it bosk?

De kat op learzen

It is it bekende ferhaal fan ‘De gelaarsde kat’. In moolner jout yn syn testamint it minst weardefolle oan syn jongste soan: de kat. Dizze soarget der mei allerhande tûke setten foar dat de soan mei de dochter fan de kening trout.

De brûsbeigekte

It stik spilet yn in keninkryk, dêr’t alle ynwenners spoekbenaud binne foar de Bûdesykte.
Troch dizze sykte rekket men ûnder de fize bûden en pûsten. Men kin net wer better wurden en de sykte hinget bot aon. De iennige wize om de sykte net te krijen is troch alle dagen in Brûsbei te iten.
de kening is de baas oer de brûsbeibeammen. Se steane yn de Saffieren Tunen. Alle dagen komme de minsken nei de Tunen om beien te keapjen, sadat se de sykte net krije sille. Mar.. de beien binne djoer.. minsken wurde bedondere…Der binne gemiene plannen.. en dan ha je de Brûsbeigekte.
It is it kontrast tusken domme, ynklauwerij en ûnminsklikens tsjinoer it earlike en sûne ferstân fan de bern.

It Goudene Uleboerd

Roel Eise Timminga – grutboer, wol ek de spitkeet fan Jimke (duvelbanner) noch ha. De duvel is syn adviseur. Jimke syn dochter Lokke wurket op de pleats fan Roel, dêr ’t ek soan Eise tahâldt. Eise hat it op Lokke. Lokke wol net om it stânsferskil. It rint faai ôf. Jimke sprekt in flok oer de pleats. Roel fermoardet Jimke.Fine Eise en Lokke elkoar?
(nei it boek fan G. Spaanderman-Wielenga)

Oars as echt

Lyts Famke wachtet op Sinterklaas en Swarte Pyt. Sinterklaas leit op it toaniel. Pyt komt op út ‘e seal. As Klaas en Pyt fuort binne komt Famke troch de skoarstien. Se wol Pyt wurde. Ut ‘e tún komt kabouter Njoggen dy ’t siket om buorke acht. (de oare sân hat Sniewyt meinaam) Mei de kat geane se nei mearkelân. Se moetsje de keninginne fan Sniewyt, de wolf fan Readkapke en Heks Trui. It komt derop del dat by ’t einsluten elk mar wer gewoan himsels wêze wol. It gehiel wurdt opfleure mei lietsjes dy ’t spile wurde troch 4 musikanten, dy ’t harsels spylje. Mar soenen ek de kat, de heks, de keninginne en de wolf dwaan kinne.

Dy deis yn hotel Bearefel

Hotel Bearefel is in nij hotel, mar as de earste gasten komme, docht bliken dat se eins noch net hielendal klear binne. Der is te min personiel. De resepsjoniste moat ek de koffers sjouwe en de badmaster moat yn ‘e betsjinning. Dit jout allegear misbegryp en argewaasje. Ien fan de gasten is prinsesse Minouschka, dy’t flechte is út it paleis fan har heit. Dy wol dat se woestynfluitles nimt fan Ali Ben Soufie. Minouschka wol dat út noch yn net en bedarret sa mei har hofdame yn hotel Bearefel. Mar as se te min sinten ha om de oernachting te beteljen, beslút Minouschka om har djoere jurk om te ruiljen foar gewoane klean. Dêrtroch wurdt se sjoen as in gewoan famke en kin se in baantsje as pikolo oannimme. Lykwols geane der geroften dat der in prinsesse útfanhûzet yn hotel Bearefel. De kening hat sels in beleanning yn it foarútsicht steld foar dyjinge dy’t de prinsesse fynt. Dit feit lûkt fansels allegear types oan dy’t de beleanning wol opstrike wolle. Wa sil de echte prinsesse fine?

Snie Wytske

Wytske, de haadpersoan yn it mearke, hat in mem mei jildingsdrang. Sa’n Amsterdamsk stedstypke,d at der sa jong mooglik ‘utsjen wol en yn in soad dingen har dochter neidwaan wol. Wytske wurdt der gek fan en wol it hûs ut. Se komt de eks-freon fan in freondinne tsjin, dy’t wol in keamer wit yn in kreakpân-achtig studintehûs. Dêr wenje
sân dwergen, dy’t stik foar stik wat apart binne. Op in stuit krijt de mem troch dat Wytske fuort is. Se giet net nei de plysje mar stapt daliks op de televysje-omrop ôf om Wytske werom te krijen. Se hat blommen en taart mei om it wer goed te meitsjen by har dochter. Dy daget yndie op mar smoart hast yn ‘e taart. Ien fan ‘e dwergen sil har wekker tutsje,dat mislearret mar der is wol in oare prins op ’t wite hynder en by einbeslut libje se noch lang en gelokkich.

Moldy, it lân fan sabeare en sa

Pake en Esmeralda, dy ’t pake Elske-prinseske neamt, binne yn ‘e hûs en pake lêst de krante en Esmeralda boartet mei de blokken. Esmeralda freget Pake mei te gean nei Moldij, it lân fan sabeare en sa. Pake wurdt Kening Soksawat de earste en Esmaralda is prinses. Se moetsje
nijsgjirrige minsken. De ôfwikseling tusken wierheid en fantasy giet moai troch elkoar. Sa komt de buorfrou del omdat de boerekoal droech sean is. Dan wer giet it mearke fierder.
De dialogen binne koart en foar bern goed te learen. De nammen fan de spilers binne moai en passe krekt yn dit mearke.