Oant har middel yngroeven yn in heuveltsje sit in grou frommes fan middelbere jierren.
Is hja yngroeven yn it sân oan it strân?
Dêroer lit de skriuwer him net út. Wol is it oeral keal, ljocht en waarm.
It liket der wol op dat Winny, sa hjit de frou, dêr altyd sit, dei en nacht. Hja hat in simmersk boesgroentsje oan, in pearelsnoer en bleate earms.
Neist har leit in taske mei guod.
Efter it heuveltsje sit har man, krekt net sichtber foar Winny, mar ek it publyk kriget hast net mear fan him te sjen as de efterkant fan syn strânhuodsje. Winny kletst wat ôf oer de lytse dingen fan it libben, de drege dingen, de oangename dingen, de wûndere dingen.
Hja docht dat faak hiel fleurich, mar ûnder dy fleurigens priuwe jo de wanhoop fan it doelleaze alledeiske libben. Datselde jildt foar de krekte hannelingen dy’t it ritme fan it deiske libben útmeitsje: toskepoetse, hierkamme, opmeitsje, de wekker sette.
Sa no en dan giet der in belle en dan wit Winny: no is it tiid om yn ‘e spegel te sjen, no is it tiid om dy ree te meitsjen foar de nacht, ensafh. Sûnder dy regelmjittigens is it libben hielendal in einleaze flakte, mar ûnder dat oerflakkige gehakketak priuwe jo de twifel oan de sin fan dy oardering.
De rol fan har man Willy yn dit alles is minuskúl. Hy seit amper in wurd, krûpt wei yn syn hol as de tiid dêr is – koartsein hy libbet noch wol, ,mar mear as in opdroege gewoante.
Yn de twadde helte fan it stik sit Winny oant har hals yn it sân. Nettsjinsteande dy tanommen beheining fan har bewegingsfrijheid, bliuwt hja har fleurigens behâlden. Jo fiele dat de ein tichteby is, mar wat moat men oars? Winny besiket har seinings te tellen en as de belle foar de lêste kear giet sjocht hja nochris leafdefol nei Willy.
Kommintaar:
Winny hat wat fan tante Pollewop fan Godfried Bomans. Deselde ûnferwoastbere fleurigens en frommes-eftige nuodlikens. Mar dan in tante Pollewop dy’t fuortsinkt yn it moeras fan it deistige libben. Oan dat libben seit eins kop noch sturt: it begjint like tafallich as it einigje sil, likefolle as it gerinkel fan de belle yn dit stik.
Dochs kinne wy, krekt as Winny, net oars as besykjen bliuwe om de dingen in namme te jaan, te beskôgjen, de sin en ûnsin dêryn besykje te ûntdekken. De rol fan de taal dêryn is hiel wichtich. Faak dûke der yn Winny har holle taalfoarmen op dy’t út it ferline of fan earne oars komme: klisjees, útdrukkings, gebeden, gedichtsjes. De taal dy’t hja nedich hat as middel om de werklikheid te begripen, blykt sels like wûnderbaarlik te wêzen as de barrens en de dingen dy’t hja yn de werklikheid oantreft. Hja besjocht har eigen sizwizen, lykas de tafallich foarbykommende mychimmel dy’t hja troch har fergrutglês bestudearret.
De grutte fraach dêr’t de auteur jin foar stelt is dan ek: wat kinne jo eins fan de werklikheid begripe, as it middel dêr’t jin dat mei dwaan moat allike tsjuster is?
Beckett brûkt gjin metafoaren om de grutte tema’s fan it libben mei te symbolisearjen. En syn stik is ek net tryst. Hy lit in gewoane frou skynber sûnder gearhing in ein fuortrattelje, op in wize dy’t faak tige fermaaklik is en wêr’t jo by alle oerflakkigens dochs it gefoel krije: hjir giet it yn it libben oer.
Foar in aktrise dy’t mei minimale middels it ûnderste ris út ‘e kast helje wol is dit in prachtich stik.
HB