Weeshûs op stelten

Jacky, Tim, Hannah en Ingel wenje yn in weeshûs. Se hawwe gjin heit en mem mear. En hoewol dat fertrietlik is, hawwe se it hiel bot nei it sin by de direktrise miss Fluffy en har help Marie. Se hawwe in protte wille mei inoar, gean nei skoalle en krije alle dagen hearlik iten fan Marie. En miss Fluffy is sá leaf! It is in leafdefol plak, it weeshûs…

 

Mar dan op in dei begjint de ellinde. De eigener fan it weeshûs, mr. Pineapple, komt by miss Fluffy mei de meidieling dat hy, syn frou en harren soan Symon sels yn it weeshûs wenje wolle. Dat betsjut dat miss Fluffy, Marie en de bern derút moatte. Miss Fluffy skrikt bot fan it nijs. Wêr moatte se hinne? Se hawwe noch mar seis wiken om wat oars te finen!

 

Mar, sadree’t de famylje Pineapple yn it hûs lutsen is barre der frjemde dingen. Nachts spûket it! Mar spûken bestean dochs net? Of al?

 

Freonskip, leafde en bruorskip (Hotel de Botel)

Janus hat syn kafee yn Amsterdam ferkocht. De buert wie de buert net mear en hy wie oan wat oars ta. Hy begjint in kamping oan de Noardsee. Kamping ‘Hotel de Botel’. Syn trouwe maat Robby ferhuzet mei en ek de fêste klanten litte him net yn ‘e steek. Joop en Annie, Drikus en syn Truus en ek beppe komme te útfanhûzjen op ‘e kamping. Allegear helpe se mei om der in sukses fan te meitsjen. Mar wêr is Fleur? Sûnder har is neat itselde en seker Janus net. Fleur wennet yn Spanje. Tegearre mei Beppe betinkt Robby in plan om Fleur safier te krijen om werom te kommen. Mar oft dat plan no echt sa tûk is ast Nathaly deryn belûkst…

Lysistrata

It is oarloch tusken Athene en Sparta. Net allinich de manlju ek de froulju ha dêr fan te lijen. It tûke Atheenske frommis Lysistrata fynt it sa njonkenlytsen slim genôch, dat se noeget in pear froulju út Athene en út Sparta út om in plan te bepraten: tenei sille alle froulju wegerje om mei harren kearels op bêd te gean. In soarte fan seksstaking dus. Om dat te berikken (want it fleis is ommers swak!) lûke se har werom op de Akropolis, de burcht fan Athena, dêr’t ek de skatkist fan de stêd bewarre wurdt. De manlju wurde poerrazend en ûndernimme in oanfal, dy’t ôfslein wurdt. Mar nei in skoftke krije ek guon fan de froulju it wakker dreech mei dizze ûnthâlding. Troch it strategysk en besielend belied fan Lysistrata slagje de froulju der by eintsjebeslut dochs yn om in oerwinning te beheljen: de frede wurdt sluten ek op bêd.

Uthof, al 25 jier ús Ut en Thus

Dit is in bjusterbaarlik toaniel- en muzykstik ta eare fan it 25-jierrich bestean fan it doarpshûs yn Sigerswâld.

Sprookjes besteane net, mar mearkes wol

Prins Sjarmant siket de leave eigeneresse fan it glêzen skuontsje omdat hy mei har trouwe wol. Mar wol sy ek?

De Fisk

In jonge sjoernalist beslút tsjin ’t sin fan syn mem yn, syn heit op te sykjen dy’t nooit wat fan him hearre litten hat. As suksesfol popmuzikant is heit nei jierren út it bûtenlân werom kommen. Heit hat in drege ferhâlding mei syn twillingbroer, in mislukte keunstskilder dy’t lêst hat fan surrealistyske dreamen en it noch hieltyd dreech hat mei it ferlies fan syn ‘ideale frou’. Yn it ynterview konfrontearret de jonge sjoernalist de muzikant mei syn heitwêzen, mar dan blykt- wat it publyk al earder troch hat- dat net de muzikant mar de keunstskilder de man is wêr’t syn mem eartiids it bêd mei dield hat.

De Toverring

Dimitri moat fan syn mem fan it lêste jild dat se ha moal keapje.
Mar de earste kear komt er mei in hûn (Zjoerka) thús en de twadde kear mei in kat (Vasjka). Syn mem jaget him fuort, syn bistefreonen geane mei.
Dimitri komt by in pope en dêr wurket er trije jier. As beleanning kin er kieze tusken in sek sulver en in sek sân, Dimitri kiest foar it sân.
Letter, yn de bosk, sjocht er in famke by it fjoer sitten. Sy freget him om it sân oer it fjoer te struien; sy feroaret dêrtroch yn in slange. De slange fertelt dat se de dochter fan in ûnderierdske tsaar is en freget him om har nei hûs te bringen. As beleanning moat er de toverring freegje dy’t har heit om de pink draacht.
Sa bart it ek en mei in leppel toverdrank binne se gau werom.
Dimitri betinkt dan dat er mei de dochter fan de kening trouwe wol, en mei help fan de toverring slagget him dat ek.
De prinsesse besiket achter syn geheim te kommen. As hy har de ring jout, rekket er syn frou en syn prachtich paleis kwyt en bedarret er yn de finzenis.
Syn trouwe freonen Zjoerka en Vasjka helpe him. Se reizgje foar him nei it Mûzeryk, dêr’t de prinsesse hinne flechte is en komme mei de toverring werom.
Sa krijt Dimitri syn moaie paleis werom, dêr’t er mei syn mem en syn bisten noch lang en lokkich wennet.

De fjirde wize wie in frou

Dit bekende en dierbere ferhaal fertelt oer de hege pryster Artaban, dy’t in teken oan de himel sjoen hat, dat der yn it lân fan Judea in kening berne wurde sil, dy’t de sykjende wrâld in grut ljocht bringe sil.
Artaban wurdt by it sykjen nei dizze kening bot op de proef stelt mar úteinlik fynt hy oan it ein fan syn krêften toch de kening en ûntfangt it ljocht.

En doe waard it Kryst

Korry is in swalkster en wennet yn in kontener. Se hat in moai plakje by de boargemaster op it hiem. Mar at de boargemaster in dei fuort giet, lit syn frou Korry fan it hiem ôfstjoere troch Hindrik, de gemeente-opsichter. Wêr moat Korry hinne, krekt foar de Krystdagen? Lokkich wit Hindrik in goed plakje.
Hy bringt har mei kontener en al nei it park. Dêr moetet Korry har freonen en se belibje dêr mei inoar hiele bysûndere Krystdagen

De magyske fluit

Yn it bosk wenje twa groepen: de Klassikers en de Rockers. De beide groepen kinne inoar net útstean. De skok is grut as bliken docht dat sy gearwurkje moatte om har bosk te rêden. Want hoe komt it dat de reinbôge-elfkes net mear komme? En wêrom geane alle blommen en planten dea? De domme Trombo en prinses Medij wurde op ferkenning stjoerd. Prins Ritmo giet al gau mei har mei. Mar sy wurde folge troch de kweade boskfekke Amoezieka, dy ’t mei it duveltsje Valsini alderlei gemeine trúks betinkt om it trijetal tsjin te hâlden. Gjin plan is har te mâl. Lokkich krije Trombo, prinses Meldij en prins Ritmo ûnferwachte help en docht bliken dat de fluit fan Meldij hiel magysk is.

It tema muzyk, de tsjinstelling tusken klassyk en rock en de eleminten loft, wetter en fjoer biede de regisseur en de spilers boppedat in ferskaat oan kreative mooglikheden.

Tuskentiidteater

Trije freondinnen sille meidwaan oan in playback wedstriid, mar harren auto rekket ûnderweis fan de dyk en slacht oer de kop. Se komme dêrtroch op in “tuskenstik” en moetsje dêr harren twadde persoanlikheid. Om fan it tuskenstik ôf te kommen, moatte se in kompetysje oangean mei harren twadde ik.

Yn de jungle fan Borneo

Suzanne wit net wat se dwaan moat. Albert, in jonge by har út de klasse hat har in briefke skreaun: “Leave Suzanne. In ûnbekende takomst leit foar dy”. Har freondinne Greta seit dat Albert ferkearing mei har ha wol, mar Suzanne hat al in freon, Eddy. Suzanne moat kieze, mar se hat leaver dat alles ien gehiel is, dat se gjin kar hoecht te dwaan. Eddy, no ja, dy is der gewoan. Hy is grappich, leaf en sêft, mar: “Do seist noait nee as ik ja sis. Do sjocht gjin wyt as ik swart sjoch. Do wolst noait al, as ik net wol mar net wit wat ik wol wol. Do bist tefolle sa as ik net wêze wol”.
Albert daget Suzanne út foar har dream te kiezen en fuort te gean út dizze “muffe learfabryk”. Hy wol nei de jungle fan Borneo om te helpen by it ferset tsjin it kappen fan in bosk. Albert hat Suzanne nedich om artikels te skriuwen foar de kranten dy’t him sponsorje. De kar is dreech genôch en dêrby wurdt Suzanne troch dreamen pleage, wêr’t se hieltyd twongen wurdt te kiezen. Se dreamt bygelyks dat mei Albert yn in hantsjettel sit en dat haadman Eddy it fjûr noch wat opstookt.
Tusken it skiekundeproefwurk en it skoft riert de hiele klas der yn om. Uteinliks twinge har klasgenoaten har in kar te meitsjen. Wat docht se?

De nije boppemaster

De boppemaster giet fuort en hjoed sille de bern yn’e kunde komme mei de nije kandidaten. Se sille mei-inoar in kar meitsje.
– Master Stokje. In âld soldaat. Hy stiet tige op syn strepen. Hy sil de etterkes wol efkes temme. De bern nimme him te fiter: geef acht, en Stokje springt yn’e hâlding. Ingerukt mars, en Stokje rint de klas út.
– Master Watje. De namme seit it al: in sêftenien.
– Juf von Frúger. Dizze hantearret de âlde lêswize: yn’e hoeke, aap noot, mies, ensfh.
– De moderne Juf (“sis mar Erna”). Se begjint fuort mei ierdrykskunde. Se freget de bern “hoe komst yn Kuba”. Bern: “oer de Krúswetters nei Earnewâld en der ôfslaan”. Juf fielt dat de bern har te fiter ha en set ôf.
– Master Digi. Dy’t oars net lesjaan wol as mei de kompjûter. Mar ja dizze skoalle hat mar 2 kompjûters.
Dan ferskynt in gewoane flotte master. Dit is de nije, hy hat sin oan syn wurk en it liket de bern skoan ta.
In tal bern hawwe tekst en fierder sjonge mei-elkoar tapslike ferskes.

It geheim fan Hústernoard

De administrateur seit tsjin de direkteur fan Hústernoard dat it sa net goed komt mei it fabryk. Se komme yn de reade sifers en ha skulden. Professor Witwat moat in nije útfining dwaan. Der komme in pear bûtelânners op besite dy wolle besykje de útfining fan de professor te stellen. De ferslachjower fan Omrop Fryslân komt op de meast ûngelegen mominten. Uteinliks ha de tsiismakkers de útfining fan de professor al brûkt sûnder dat de dirtekteur it wist. Der wurdt in priis mei dizze tsiis wûn, in gouden tsiismes en hûnderttûzen gûne. It fabryk is rêden.

It grouwe pak

Nei in ferhaal fan Joast Halbertsma.
Jonker Liauckama giet op reis en seit tsjin syn persoaniel dat se goed op it hûs passe moatte en gjin frjemden yn ‘e hûs helje moatte. Dan komt der in keapman mei in grut pak, dy’t op Liauckamastate útrêste wol. De keapman hat moardnersferhalen oer Liauckamastate en it wurdt raar waar.Hy mei lykwols net bliuwe mar syn grou pak mei er stean litte en moarn wer ophelje.
Dan sjocht Bauk dat it pak beweecht, Sikke sjit op it pak en út it pak komt in rare gjalp en der rint bloed oer de flier. As se it pak iepen dogge sit der in man(tsje) yn mei wapens en in fluitsje. Se warskôgje de boeren en hâlde de wacht want se tinke dat der rôvers komme sille. It duorret lang en dan blaast er ien op it fluitsje, der komt antwurd en de rôvers tinke dat se komme kinne. Se skrikke bot as der fuortendaliks op harren sketten wurdt en naaie út. As de jonker thúskomt is hy tige bliid dat der sa goed op it spul past is en beleannet syn minsken.

Professor Paxokay en de manlju fan Extra-4

It stik spilet him ôf yn it Paxokaygebiet, der wurdt striid levere tusken Baardelinie en Hennadoanie. Bûtenplanetige Extra-4-en komme op yn harren rûmteskip. Professor Paxokay hat skjin syn nocht fan it getsier en docht him foar as Extra-4-A, as Baardelinie en Hennadonie meielkoar tsjin de Extra-4-en stride sille makket de professor him bekend en dan wurdt dudlik dat der gjin rûzje mear makke wurde hoecht. De Extra-4-en kinne werom nei harren eigen planeet en de liedster fan Baardelinie en de lieder fan Hennadoanie krije ferkering. De flaggen komme op’e toer en der is gjin oarloch mear.

It lân fan IK

It motto fan dit stik is “Freonskip.
Baukje wie yn it lân fan IK dêr hat se Gabe holpen tsjin de brekkers en de heksen. Dy heksen hiene de Graaf yn harren macht, de toversiden fan de goede mearkehekse wie stellen en doe rûn alles ferkeard. Elk tocht allinne mar oan himsels, de brekkers soenen it hûs fan Gabe plat slaan en dat hat Baukje mei keare kinnen. Heit tinkt dat se dreamt hat.

De geheimsinnige reis

“Harkje goed, dan sill’jim witte wat wy op’t programma ha. Wy woll’troch de romte sjitte hup, nei Mars of Pluto ta! Kilometers troch de loft as er no mar net ûntploft”.
Yn’e keamer fan in boufallich hûs hawwe twa jonges (mesjeu Pierre en Tsjipke) in romteskip boud. Se rinne der grutske omhinne en steane op it punt om yn te stappen. Der rint in famke yn’e hoeke fan’e keamer, stikem, de jonges fernimme har net, mei in fikse knal en in reekwolk komme se yn mearkelân. Troch it gedraai fan it famke binne de bern ferkeard en hiel lyts op in oar plak te lânwe kommen. Der belibje se allerhande avontûren.