Wij binne hjir foar Robbie

It is in famyljeferhaal fol mei skerpe humor en emosjonele konfrontaasjes.

Yn it âlderlik hûs dat krekt renovearre is komt in (Haachske) famylje by-elkoar om Robbie te betinken.
It famyljediner einiget yn in fiasko. De cateraar lit it sitte, de parketlak is net úthurde en it stúkwurk is noch wiet.
Nije leafdes wurde yntrodusearre, mar de âlde skiedingsperikelen kinst noch goed fiele. Foar de eagen fan in nije gast ûntwikkelt him in pynlik demasqué. En as wie it noch net moai genôch, stoart ek noch de sjyk klearmakke tafel yn.

Op de keukensflier, tusken de diggels, evaluearje de personaazjes harren libben.

Trije susters

Dizze Russyske klassiker út de wrâld literatuer ferteld oer de dochters fan in legeroffisier dy’t doetiids mei syn húshâlding Moskou ferliet om befelhawwer te wurden fan in garnizoen yn in lytse provinsjestêd. Nei heit syn stjerren langje de susters bot nei it gruts en meislepende libben út harren jonge jierren yn de haadstêd, mar gjin fan trijen slagget der yn om harren lok te finen. Trije susters is in sosjale krityk en in leafdesdrama mar boppedat in stik dat freget nei de sin fan it bestean.

Peer Gynt

Peer Gynt is it ferhaal fan de doarpsjonge, dy’t bekend stiet as in fantast, dy’t ek noch graach lige mei. Op de brulloft fan syn freon Mads Moen wiist de moaie Solveigh him ôf as er freget oft sy mei him dûnsje wol. Ut frustraasje en stomdronken skaakt er de jonge breid Ingrid en giet mei har de bosken yn. Peer ferlit har algau wer, omdat hy Solveigh net ferjitte kin. Fanwege dizze ûntfiering wurdt er ferballe út it doarp en begjint te swalkjen. Hy libbet leaver yn in fantasijwrâld as dat er de ferantwurdlikheid foar it libben oan gean wol. Solveigh komt wer yn syn libben, mar foardat sy tegearre it gelok fine, wurdt Peer konfrontearre mei syn ferline. Hy giet wer op ‘e flecht op ‘e siik nei rykdom en macht, der’t er altyd fan dreamde. Dizze syktocht bringt him nei fiere lannen. At er ald is fynt er einliks wer’t er al sa lang om socht.

Bedobbe

Dodge en Halie wenje op in ferfallen pleats earne yn Illinois. Se hawwe twa soannen, Tilden en Bradley. Nei jierren rekket Halie noch in kear yn ferwachting. Neffens Dodge kin dat net fan him wêze, want se hawwe al seis jier net yn itselde bêd sliept. It bern wurdt berne op ’e pleats, mar Dodge kin net sette dat it net fan him is. Hy fermoardet it bern en begraaft it op it hiem. It wurdt in lang bewarre geheim, mar it fernielt ek de relaasje man/frou en heit/mem/bern. It geheim hinget boppe harren hollen as in grutte swarte tongerbui dy’t elk momint losbarste kin.

Heit rekket swier oan de drank en húsmannet op in bank yn ’e keamer, mei allinne in âld televyzje, syn drankflessen en in pear potten mei pillen. Mem wennet earne boppe.
Soan Tilden, dy’t troud west hat en neffens Dodge gjin 100 punten hat, sit in bulte yn ’e keuken. Dan komt de soan fan Tilden, Vince, om ’e hoeke, mei Shelly, syn freondinne. Shelly ûntfytmannet Tilden it grutte geheim oer it deade bern. Dan docht bliken dat ek Vince him net fan dizze ferknipte famylje losskuorre kinnen hat. Shelly naait út.

Nachtflinter

Nei de skieding fan har âlden komme Lara en har mem yn in lyts flatsje yn’ e stêd te wenjen. Lara is net gelokkich; se mist har heit en mei har mem kin se it net sa goed fine. Se krijt wat freonen op skoalle, mar as de populêrste famkes ynteresse yn har toane, docht se alles om der by te hearren. Se rekket hieltyd mear ferstringele yn de wrâld fan drugs, drank en stellerij. Har mem docht wakker har bêst om Lara wer op it goede paad te krijen, mar it is om’ e nocht. Lara tinkt gelokkich te wêzen oant har “freondinnen”har wer falle litte en Lara harsels letterlik ferliest.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Grutte jonges skrieme net

In stik giet oer it tema bernemishanneling. Lenny wurdt geregeld troch syn heit Guy yn elkoar slein. Syn mem Ethel kin it ek net langer oan en drinkt tefolle. Syn maatsje Brenda, de iennichste dy’t him yn beskerming nimt tsjin it pesten fan de bern yn’e klasse, wurdt troch Guy eigenhandich de doar út set. Lenny besiket mei tsjingeweld de kop der foar te hâlden. Troch de Kinderbescherming wurdt hy ôfskildere as in probleembern.Oant it geweld Lenny tefolle wurdt en hy mei in harsenskodding yn it sikehûs terjochte komt. In stik fol emoasjes en komplekse relaasjes mei oan it ein de fraach oan it publyk, dy’t de rol fan sjuery hat, hoe’t soks oplost wurde moat.
It stik hat in ferrassend ein.

Alde Groeden

De âlde mefrou Tonia van Appingen hat “fout”west yn ‘e jierren 1940-1945, en se fynt dat se mei dat N.S.B.-ferline al te lang en te swier straft is. Se hat har nichtsje (?) Suzan allinne grut bringe moatten en ek Suzan is beynfloede troch de bitterheid fan har tante. De âlde mynhear Simon Hermerg hat as heal-joad de holocaust oerlibbe. Ek hy moat noch faak oan syn kamptiid tinke, oan de befrijing troch de Russen en oan de nei-oarlochske perioade fan’t weropbouwen fan ús lân. Hy hat it dêr geregeld oer tsjin syn soan (?) Paul. Tonia en Simon binne beide al op jierren en krije foar allerhande kwalen medisinen, dy ’t harren besoarge wurde troch Marja Horjus, de wykferpleechkundige. De beide folslein-anti-poden Tonia en Simon wenje, sûnder dat se it witte, neistelkoar yn in appartemintekompleks.
As dêr op in dei gjin wetter út’e kraan komt fanwegen in reperaasje oan it liedingnet, moat Paul in glês wetter by de buorlju helje foar syn sike heit. Dêr moetet er Suzan, en tusken dy beide bloeit wat moais op, wylst sy harren iensume heit en tante oanelkoar koppelje wolle…As dan bliken docht dat Simon en Tonia sa ’n ferskillend ‘oarlochsferline’ ha, hâldt Marja Horjus har hert fêst. Sy is op ‘e hichte fan de oertsjûgingen fan har pasjinten en makket geandewei it stik mei, hoe ’t Simon en Tonia harren mieningsferskillen útfjochtsje. Se binne beide goed rap mei de mûle en hâlde, hast tsjin better witten yn, fêst oan eigen gelyk. Mar…it is allegearre al sa lang lyn en dan komt de twifel: wa of wat wie no ‘goed’ en wa en wat wie ‘fout’? Paul en Suzan skodzje it ferline fan harren ôf en geane miskien tegearre fierder; soe dat der foar Simon en Tonia, oan’e ein fan har libben, ek noch yn sitte?
Dejinge dy ’t hâldt fan in toanielstik mei pittige dialogen oer in wat dreech ûnderwerp, mar dochs hopet op in ‘leaf’ ein, krijt mei ALDE GROEDEN waar foar syn jild.

Hamlet

Nei it hommels ferstjerren fan syn heit is Hamlet, prins fan Denemarken, werom kaam nei it hof. Like hommels is no ek syn mem hertrouwd en wol mei in omke fan Hamlet. Dit noarsket him hielendal net. Troch de geastferskining fan syn heit, begrypt Hamlet dat syn heit fermoarde is troch syn broer, Hamlets omke Claudius. Hamlet krijt opdracht om syn dea te wreken, mar mei lykwols neat ûndernimme tsjin syn mem.
Hamlet is ûnwis en betrout no net ien frou mear. Op rûge wize makket er de ferkearing út mei Ophelia, de dochter fan earste minister Polonius. Dy hat de taak om út te sykjen wêrom’t Hamlet sa mankelyk is en wat er krekt wit oer it ferstjerren fan syn heit. Hamlet krijt dat troch en stekt Polonius de gek oan.
Troch in toanielstik fan in ploech reizigjende spilers te feroarjen besiket er wissichheit te krijen oer de rol fan syn omke by de dea fan syn heit. Mar as er dy ien kear hat, duort er him dochs net te deadzjen. It is yn it foarste plak de miening fan syn mem dy’t him tsjinhâldt. Hamlet krijt wurden mei syn mem. Hy deadet Polonius as er fernimt dat sy ôflústere wurde. Claudius fynt dat er no mar fuort moat nei Ingelân. Hy jout syn feinten opdracht Hamlet ûnderweis te fermoardzjen. Mar Hamlet fermoardet de feinten en komt werom. By it grêf fan de dwylsinnich ferstoarne Ophelia krijt Hamlet spul mei har broer. Claudius sjocht no in kâns om troch in duel tusken Hamlet en dizze broer mei him ôf te weven. Om wis te wêzen wurdt de punt fan de degen yn in drankje fergiftige. It rint oars. Hamlet wurdt lykwols deadlik rekke, mar de degens wurde ferwiksele en de mem drinkt by fersin it fergif. No pas doart Hamlet it oan en fermoardet de moardner fan syn heit.

Hamlet

De kening fan Denemarken is hommels ferstoarn syn broer Claudius trout gaueftich mei de widdo en nimt it plak fan syn broer op ‘e troan yn. Keninginne Gertrudes soan Hamlet komt no út Dútslân werom. Op in nacht sjocht hy de geast fan syn heit en heart fan him wat hy al tocht hie. Mei de winsk: “Wreekje dizze moard” ferdwynt de geast en dan begjint de eigentlike hanneling. Hamlet docht oft hy gek is en hopet achter dit masker de dieder makliker fine te kinnen. De âlde Polonius tinkt de waansin te ferklearjen troch in net beandere leafde fan Hamlet foar syn dochter Ophelia. Mar de kening is erchtinkend en lit syn neef troch Rosencranz en Guildenstern yn’e gaten hâlde. Tsjin de tearhertige Ophelia oer gedraacht Hamlet him mei opsetsin sa útdaagjend en ferfelend dat sy ek oan him begjint te twiveljen.
Dan komt der in ploech toanielspilers oan it hôf. Hamlet praat mei de spilers ôf dat sy in trageedzje spylje sille mei in ôfrin sa ’t de geast fan syn heit foarsein hat. Oan de reaksjes fan de keninklike taskôgers wol hy sjen kinne hoe ’t ien en oar him ôfspile hat.
Noch foar it slot fan ‘e foarstelling rekket Claudius hielendal fan ’t sintrum en set ôf. Hamlet twivelet no net mear, mar nimt noch gjin beslút. Wol ferwyt hy syn mem fan alles en stekt Polonius, dy ’t efter in gerdyn alles ôflústert, dea om ’t hy tinkt dat it Claudius is. Claudius wol no syn neef nei Ingelân stjoere mar Hamlet kriget troch dat men fan him ôf wol en hy komt werom.
Op it tsjerkhôf heart hy dat Ophelia der begroeven wurdt. Sy is yn grutte geastlike need it wetter ynrûn. Har broer Laertes daget Hamlet út ta in duel neidat hy syn wapen fergiftige hat. De kening sit ek yn it komplot. Hy doch fegif yn in beker dy ’t foar Hamlet klear stiet. Tidens it gefjocht drinkt de keninginne by fersin fan ‘e wyn en stjert. Laertes en Hamlet wurde beide troffen en stjerre nei ’t Hamlet ek Claudius deade hat.

Smoar

Stik yn de tradysje fan it soasjaal realisyske berneteater, it foarmingstoaniel. In famke docht der alles oan dat nimmen utjynt dat har mem drinkt, om sels net utpleatst te wurden. Sy moat dêrfoar de freonskip fan in aardige jonge ôfhâlde. Ut en troch stappe de spilers ut harren rol om kommentaar te jaan of in oare sêne te spyljen.

Richard III

Richard is in man dy’t der alles foaroer hat om oan ‘e macht te kommen.
Nei dat hy de “war of the roses” foar it hûs fan York wûn hat, rjochtet hy syn geweld tsjin syn eigen famylje. Yn in besykjen, wêryn ‘t er neat en nimmen ûntsjocht, om de troan foar himsels op te easkjen lit hy op in slûchslimme manier syn twa bruorren en harren twa soannen fermoardzje. Dernei likwidearret hy oare minsken dy’t him yn it paad rinne, helpt syn frou nei gychem, fermoardet syn hânlanger en wit de dochter fan syn âldste broer krekt oan him te ûntkommen. Uteinlik wurdt dizze “moardmasine” op it slachfjild steande holden.

De ambulance

Haadpersoan is in bêdlegeriche frou, dy’t twingjend besyket de minsken yn har fermidden nei har hân te setten.
Se docht it slimmer foar dan dat it is. De frou is by ’t hypokondryske om ’t ôf.
De minsken om har hinne sykje in tuskenwei om mei it minske om te gean, de iene kear yn goedens, de oare kear yn lilkens.

De dea en it famke

In echtpear ferbliuwt yn in hûs oan see. De frou, Paulina, leit op bêd as der ien oanbellet. It blykt de dokter te wêzen, dy’t komt om te sjen hoe it mei har man Gerardo giet. Dy hat lêsten in ûngemak hân. Wylst Gerardo mei de dokter praat werkent Paulina de stim fan de man. Hy is it dy’t har fiif jier lyn ferkrêfte en martele hat, neidat se oppakt waard troch it diktatoriale rezjym dat oan’e macht wie.
Gerardo noeget de dokter, Roberto, út om sliepen te bliuwen, fanwege it lette oere. De folgjende moarn is Pauline betiid fan bêd ôf. Se oermastert Roberto en bynt him fêst op in stoel. Hy wegert lykwols syn misdieden fan eartiids ta te jaan. Paulina soe him wol fermoardzjen wolle, mar dat giet har man, dy’t no ek wekker wurden is, te fier. As jurist twifelt er noch oan de gong fan saken. Se wurde it iens dat Roberto in ferklearring ôflizze en ûnderskriuwe moat. Wylst no einliks stapke foar stapke oan it ljocht komt hoe’t it der by de ûntfiering en mishanneling fan Paulina om en ta gong (sa martele de dokter syn slachtoffers ûnder de musyk fan Schuberts ‘De dea en it famke’), komme ek bepaalde minne kanten fan Gerardo út dy tiid oan it ljocht.
Sûnder it te wollen, ferriedt Roberto op’e ein syn belutsenheid. Dochs liket Paulina op dat stuit der net ta te kommen om him te eksekutearjen. De lêste sêne is in dreameftich tafriel, dêr’t we Gerardo en Paulina by in konsert sjogge. Pauline sjocht dan de dokter en knikt him út de fierte ta.

De dea fan in hannelsreizger

Willy Loman, 63 jier âld en hannelsreiziger, fernimt wol dat it net mear sa bêst mei him giet: hy kin him hieltiid minder konsintrearje, hat mei syn auto hast in bern deariden en fielt him ûnwis. Hy besiket in oare funksje te krijen by de firma dêr’t er foar wurket, mar de jonge, nije direkteur – de soan fan de âlde direkteur – wol der neat fan witte en seit dat er earst marris rêstich oan dwaan moat; wat sa folle betsjut as dat er op termyn dien krijt. En in fatsoenlik pensjoen sit der net yn.
Loman syn soargen hawwe ek te krijen mei syn soannen, Biff en Happy. Se binnen al oer de tritich en yn syn eagen ferliezers. Beide soannen kinne lykwols net meikomme mei heit syn byld fan de wrâld, wêr yn hurd wurkjen fansels liedt ta grutte prestaasjes èn beleannings, de dream fan in fantastyske takomst.
As Loman gjin útwei mear sjocht beslút er om himsels te koart te dwaan, sadat syn frou yn elts gefal de premy fan de fersekering krijt. Hy krûpt yn’e auto en rydt himsels dea tsjin in beam.
De dea fan in hannelsreiziger is in moderne trageedzje oer in man, dy’t mei woe mei syn tiid, mar slachtoffer waard fan syn idealen en illúzjes. Tagelyk is it ek in oanklacht tsjin de prestaasjemaatskippij. Troch ‘flashbacks’ en fantasy-sênes oer syn tinken en syn idealen, krijt de taskôger in folslein byld fan de tragyk fan in ienfâldich man yn de moderne tiid.

Philoktetes

Bewurking fan de trageedzje fan Sophokles. Philoktetes is in Grykse strider dy’t troch syn maten (op wei nei Troje) stiekum op in eilân efter litten is om’t er sa ôfgryslik stjonkt, nei dat er troch in slang biten wie.
De oare Gryke gongen troch nei Troje, mar ek nei jierren fjochtsjen slagget it harren net om de stêd yn te nimmen. No ha se fan de goaden heard dat Philoktetes mei syn ferneamde pylk en bôge de iennichste is dy’t harren helpe kin. De slûchslimme Odysseus en de jonge, earlike Neoptolemos geane werom nei it eilân. As praten net slagget – want Philoktetes is noch altiten poer om wat syn maten him oandien hawwe – wurdt er fongen mei in list – tsjin it sin lykwols fan de jonge Neoptolemos.

Boer bliuwe

Simmer op in boerebedriuw. Heit is krekt ferstoarn. De soan wurket foar in leanbedriuw, dat sadwaande stiet de mem der suver allinne foar. Der binne skulden en de saken stean der net bêst foar.
De man fan de bank riedt de mem oan it spul te ferkeapjen en in hûs yn’e buorren te keapjen. Dêr wol se neat fan witten. Se siket in oare oplossing.
De soan, in stillenien, makket plannen om te emigrearjen nei Kanada. Hy wol graach dat syn mem mei giet en besiket har foar it blok te setten. Mar foar har is dy stap fierstente grut. In maatskiplik wurkster, dûmny en de bankman jouwe allegear goed bedoelde rie, mar dat kin de hieltiid gruttere twaspjalt tusken mem en soan net kearen.
In modern drama oer de ferneatigjende ynfloed fan maatskiplike krêften op it libben fan minsken dy’t mar ien ding wolle: Boer bliuwe.

Agamemnon

Op it dak fan it paleis fan Agamemnon leit in wachter te sliepen. Hy moat op ‘e útkyk stean foar it seinfjoer, it beaken, dat de fal fan Troje melde sil. Nei tsien jierren fan oarloch is it einlik sa fier. Troje is ynnommen en generaal Agamemnon komt werom. Op in wein komt hy de stêd yn mei Kassandra dy’t hy ta syn frou makke hat. Kassandra is heldersjende en foarseit de dea fan Agamemnon en seit dat sy sels fermoarde wurde sil troch Klytaimnestra. Har wurden binne noch net kâld of it bart krekt sa’t sy it sein hat.

Rixt

It stik spilet op in ferlitten strân tichtby in doarpke yn it noarden fan Fryslân. Rixt sit by it fjoer. Twa doarpelingen beslûpe har, se tinke dat sy in heks is. At Rixt tsjin de mannen begjint te praten drave se gau fourt. De froulju út it doarp hawwe it net sa op Rixt stean, har selsstandichheid beëangstiget har. De doarpelingen stoke elkoar op yn harren ôfkear foar Rixt. Rixt beslút om har boat te reparearjen. Evert wurdt troch de doarpelingen oanwiisd as de man dy’t har helpe moat. Rixt ferliedt him om de heit te wurden fan har bern. Der wurdt in soan berne: Sjoerd. Evert kiest foar Rixt en bliuwt by har, de doarpelingen besykje him oer te heljen om Rixt oan harren út te leverjen. Se ferwite him dat hy de mienskip ferlitten hat foar de duvelske Rixt. Evert beslút om werom te gean nei it doarp. As hy werom komt, freget er Rixt en Sjoerd om te flechtsjen nei it eilân Amelân. Dêr moetet Sjoerd Marieke, in famke fan fleis en bloed. As Sjoerd har leafde ôfwiist wol Marieke har op him wreke. Dan grypt syn mem Rixt yn, de doarpelingen doare har net oan te reitsjen. Sjoerd giet fuort, hy folget de rop fan de see. In jier of twa letter sjocht Rixt oer de see, se sjocht Sjoerd syn inisjaal yn it fjoer, in teken dat er ticht by wêze moat, mar se sjocht him nearne. Mei har fjoer besiket se him te lokjen. De doarpelingen dôvje it fjoer, want dat kin skippen op in dwaalspoar bringe, mar it is al te let. Evert komt op mei harren deade soan.

Aias

Yn ‘e oarloch fan de Griken tsjin Troje is de Grykse oanfierder Aias (Ajaks) poerlilk wurden om’t syn striidmakkers it wapentúch fan de ferstoarne held Achilles net oan him, mar oan Odysseus jûn hawwe. As it stik begjint hjit de goadinne Athena har beskermeling Odysseus wolkom en lit him sjen wat se mei Aias dien hat: doe’t dy fan doel wie om him te wreken op de Grykse oanfierders hat se him dwylsinnich makke, werop’t Aias yn it fee begûn om te slaan. Odisseus is tankber dat hy de dea ûntkommen is, mar ek ferbjustere troch de waansin fan Aias. As dizze de oare moarn ûndekt wat er krekt dien hat, wit hy fan skamte net mear wat er dwaan moat. Nettsjinsteande de smeekbedes fan syn frou en syn soldaten deadet er himsels. De bruorren Menelaos en Agammemnon (de heechste generaal fan de Griken) wolle syn lichem yn it sân rotsje litte, fanwege it ferrie dat Aias fan doel wie. Mar dan komt Odysseus werom en slagget deryn om Agammemnon te oertsjûgjen dat sa’n beslût tige min is foar in man dy’t eartiids ek in held wie. Aias broer Teukros krijt tastimming om it lichem fan Aias te begraven.

Filoktêtês

Filoktêtês, op in iensum eilân efterlitten, wurdt troch de smjunt Odysseus en de griene, earlike Neoptolemos weromhelle, om’t hy en syn bôge nedich binne foar it ynnimmen fan Troje. It is in karakterdrama, dêr de ienfâldich te mislieden Neoptolemus yn hifke wurdt op syn earlikheid.