Paspoart

Aurora wol de Nederlânske nasjonaliteit oanfreegje, omdat se tinkt dat dat har libben yn Nederlân makliker meitsje sil, en omdat se ek stimme wolle kin by de earstfolgjende provinsjale en de lanlike ferkiezings. Boppedat wol se dat har soantsje Bernardo yn Nederlân deselde kânsen krije kin as syn klasgenoaten; as sy de Nederlânske nasjonaliteit kriget, wol se dy trochjaan oan Bernardo.
Op it stedskantoar treft se Ingrid, dy’t fynt dat it minsken net te maklik makke wurde moat om de Nederlânske nasjonaliteit te krijen. Einlik wol se dat soks hielendal net bart. Der binne al genôch minsken dy’t in Nederlânsk paspoart krigen hawwe sûnder de taal te praten of ús gebrûken te kennen, fynt se. Hoe sil dit gean?

Hûs te keap

Heit wol foar dochter Marte, dy’t noch thús wennet, in hûs keapje yn Ferwert.
Hy wol har it hûs út ha, hy wol mear romte foar him en mem.
Hy wol wat mear ‘romantyk’ foar him en mem. Hoe lang is it al lyn dat se tegearre…
Marte wol it net, te fier fuort.
Mar de oare dochter, dy’t skieden is, wol it wol ha. Mem sjocht it ek wol sitten.
Lang om let bliuwt heit allinne achter en set er harren eigen hûs te keap.

Wat no âld!

Harrie is filosofysk, posityf, grappich, hat dissipline, sjocht der goed út en is al sa’n 40 jier tegearre mei Wil.
Wil is ‘alles of neat’, ympulsyf, boergondysk, sjarmant, ûndogensk.
Behalve as freelance akteur wienen Harrie en Wil ek as duo oan it wurk.
Se spilen yn lytse sealtsjes, op alternative festivals en wienen yn lytse kring aardich bekend. Foar harren gefoel ha se it noait echt makke.
Se binne wat soer wurden mei hieltyd mear lichaamlike en geastlike ûngemakken. No’t se mei pensjoen binne, besykje se it nije libben foarm te jaan, mar dat is dreger as dat se tocht hienen.
Ek yn harren relaasje wurde se hieltyd synysker en grommeliger.
Sa as hast by alle stellen is de kommunikaasje in kombinaasje fan frjemde ynsliten gewoanten, foaroardielen, koades en útspraken.
Soms is der ferfeling en seeën fan tiid, dat soarget dat harren wrâld
stadich feroaret yn it nêst fan twa âlde paradysfûgels.

Cocktails

Cocktails is in tragikomeedzje oer kwetsberens, fearkrêft en solidariteit. Yn in ferhaal dat sawol spannend as humorystysk is, litte fiif freonen harren ljocht skine op de wearde fan freonskip.
Under in hearlike jûn op it strân, Mojito of Margarita yn de hân, feroaret harren libben yn ien kear sa ûnferwacht en yngripend, dat de ûnderlinge ferhâldingen earnstich op de proef steld wurde.
Yn in cocktail van emoasjes, mieningen en pynlike iepenbieringen komme harren saneamde slagge levens ynienen yn in hiel oar ljocht te stean.
Hoe kin je immen helpe sûnder dat it meilijen wurdt? En hoe gean je om mei jo eigen skuldgefoel?

De Poalske breid

In Poalske frou ûntkomt op it plattelân yn Grins oan har poaiers. Se flechtet ferwûne nei de
buorkerij fan in stege boer. Hy draacht har yn ’e hûs en jout har skjinne klean en iten.
Tusken dizze twa minsken, dy’t elkoars taal net sprekke, ûntstiet dochs in foarsichtich gesprek.
Wylst hy him soargen makket oer de takomst fan syn boerebedriuw, besiket sy in plakje yn
syn húshâlding te bemachtigjen. Se makket skjin, siedt iten, en hâldt him selskip.
Se leare elkoar hieltyd better kennen en der ûntstiet in bân dy’t hieltyd yntimer wurdt. Mar de
bûtenwrâld kinne se net foar altyd op in ôfstân hâlde en it gefaar krûpt hieltyd tichterby.

Leafdesles

Twa psychiaters, twa pasjinten, ien tema: de leafde.
Wat hawwe we nedich? Wat sizze we wol of net? Hoe krije we de ivige ûnwissichheid ûnder kontrole en wêrom is flirten doch hieltyd wer sa’n ûnmisber elemint yn it libben.
Troch sawol de iuwenâlde ferskillen as de net te ferjitten oanlûkingskrêft tusken manlju en froulju, is it mar de fraag wa’t mei de hiele hûd út de striid komt.
Under in feninig en tige fluch spul yn de terapykeamer, bliuwe úteinlik ek de eigen relaasjes fan de psychiaters net sparre.

Lek

De relaasje fan in man en in frou rint stroef. Se binne op inisjatyf fan de frou yn relaasjeterapy.
Dit wykein sille se, – sa as alle wykeinen – mei de boat fuort en foaral de frou wol de oefeningen dwaan dy’t se mei krigen ha fan de relaasjeterapeute.
Se moatte wer ferbining mei inoar sykje is de opdracht. De man fynt it allegearre mar ûnsin.
It sil in wykein wurde fol ûnbegryp, striid en ûntkenning. En dan leit der ek noch hieltyd wetter yn de roef…

Memmen by it stek

In ienakter oer bekende en minder bekende tafrielen om it skoalplein hinne fan dizze iuw,
wêryn’t sawol alderhande aktuele tema’s as klisjees yn rap tempo en mei in knypeach de revu passearje.

Typen spylje by útstek!

Lêste pear dagen

In man op jierren  wurdt binnenbrocht op de intensive care. It is Rein Tas dy’t, sa blykt al gau, net mear lang libje sil en syn lêste dagen yn it sikehûs bliuwe moat.

Hy wurdt fersoarge troch ferpleechkundige Ingeltsje Donderdag, dy’t har hieltyd mear oer him ûntfermet en him op ’t lêst hast net mear allinne lit.

Lêste pear dagen spilet mei it besef fan tiid en yntinsiteit. Mei dit stik giet Scheldwacht op ’e siik nei in bewustwêzen dêr’t we yn ús deistich libben besykje oan foarby te gean. Troch de koarte tiid komme de haadpersonaazjes tige fluch ta de kearn en ta elkoar. Ommers, tiid foar ûnsin is der net.

 

Warschau is sa’n moaie stêd

It stik giet oer sechstigers en tritigers/fjirtigers. De sechstigers fan no hawwe har yn har studintejierren ôfset tsjin de festige oarder fan dy tiid. Se hawwe striden foar grutte idealen en binne, fine se sels, noch like iepen en romtinkend as eartiids. De jongfolwoeksenen fan no profitearje fan de frijheid en de iepenheid dy’t de sechstigers mooglik makke hawwe. Mar wat as dy beide generaasjes foar elkoar oer komme te stean?


Sietse de Vries hat mei ’Warschau is sa’n moaie stêd’ yn de kategory ’Jûnfoljend’ de earste priis wûn by de priisfraach nei oanlieding fan it 50-jierrich jubileum fan de StUFT.

Om op te fretten

It stik is basearre op besteande ferhalen.
Moaie klassikers, dy’t hjir trochinoar hutsele binne en in nij jaske krigen ha. Tegearre foarmje sy in nij ferhaal.

Wêryn pasteitsjes bakt wurde fan minskefleis, manlju en froulju inoar de holle gek meitsje en it skjintme-ideaal foar swiete koeke slikt wurdt.
Wat der ek bart: de pasteitsjes, de swiete koeke en de froulju en manlju binne allegearre om op te fretten. Oant se dat net mear binne, fansels…

Londen 1994

Dit ferhaal spilet him ôf yn Ingelân, Londen.
Fjouwer manlju, eks-kriminelen op leeftiid dy’t yn it ferline alle fjouwer fêst sitten ha foar bankrôven, beslute om noch ien kear in grutte kreak te setten.
It inisjatyf leit by Albert, dy’t it libben mar ientoanich fynt en de spanning, de sensaasje en it risiko mist.
As Albert it plan foarleit oan syn maten Collin, Brian en Danny ferslite se Albert foar gek.
Hoesa nochris it risiko rinne om pakt te wurden? Dochs slagget it Albert om syn maten oer te heljen.
Fjouwer manlju dêr’t it jongste ôf is, dy’t noch ien kear in kreak sette sille… mar dat plan kriget in kear der’t net ien op rekkene hie.

De kloklieders

Op útnûging fan har earste leafde Gilbert, dy’t koster is, sjocht Justine op in jûn, boppe-yn de tsjerketoer, nei de fallende stjerren.

Wylst se de kiker foar de eagen hat, komt se der achter dat se sa ek har eigen hûs sjen kin.
En wat se dêr sjocht, dêr rekket se totaal troch fan streek. Har man Erik leit op bêd mei Laura, de bêste freondinne fan Justine. Justine wol mar ien ding, wraak! Mar hoe dogge je dat?
Op in grut feest, dat in jier letter holden wurdt, omdat Erik dan fiif en sechstich wurdt, fiert Justine har plan út.
En hoe sil dat ôfrinne?

Te Keap

Se hâldt echt noch wol fan him, seit se. Mar se hat mear romte nedich yn har relaasje.
Dêrom wol Astrid net mear yn ien hûs wenje mei Theo; se wol in LAT-relaasje

Theo syn ûnbegryp, eangst en protesten kin net helpe, Astrid set troch en set it hûs te keap.
Dy dei komt in stel te sjen. Ta grutte skrik fan Astrid blykt de man Kasper te wêzen, de leafde fan har libben, mei wa’t de relaasje einige yn in net útsprutsen fertriet.
As se even allinne binne, besiket Kasper Astrid op ’e nij foar him te winnen. En dat wurdt in test foar alle relaasjes.

Memmesiel

Diana is sjoernalist. It hat har altyd yntrigearre: froulju achter de traaljes. Hoe binne se oer de line fan dat wat net kin en mei hinne stapt, en hoe tin is dat lyntsje? Diana beslút har frijwillich yn in frouljus-sellenblok opslute te litten. Har doel is om mei de froulju yn kontakt te kommen, harren ferhaal te hearren en in boek te skriuwen. Dit stuitet foaral by de “snoeihurde” Corine op wjerstân. De oare twa, de kreaze Annet en de eksferslaafde Betty wolle lykwols har ferhaal wol dwaan. In ferhaal oer skuld en boete, oer skamte, mei hurde konfrontaasjes mar ek mei wrange humor.

Stimme, blinder!

Twa froulju sitte op it stimburo.
Der komt in jonge kiezer, dy komt der letterlik en figuerlik net mear út. Hy bliuwt sitten.
Der is panyk by de twa froulju. Wat sizze de regleminten oer minsken dy’t net út it stimhokje komme? Kinne se dizze jongeman stimadvys jaan? As Beatrys en Sylvia mei elkoar yn diskusje gean, blykt al gau hoe grut de tsjinstellingen binne.
De keurige Beatrys hat in ferstannige miening en ek sa’n man. Sylvia is de frou fan in frachtweinsjauffeur en sy hâldt net fan nuânse.
Yn harren personaazjes sjogge we de tsjinstellingen tusken establishment en populisme. We sjogge de ûnmooglikheden en sympatike kanten fan beide streamingen.

God yn Frankryk

God yn Frankryk is de tragikomyske tirade fan in stel dat fanwegen de ûnfrede oer it politike klimaat yn eigen lân emigrearre is nei Frankryk. En dêr sitte se dan.
Evert mei dizze dei syn ferhaal dwaan op de Hollânske radio. Mar as de radio ûnfangst wegert, en Frida betize rekket yn har joie de vivre, roppe se de help yn fan de putsjesman.
Stridend om de help fan de Frânsman, besykje beide om gehoar te finen. Sy by him. Hy by de wrâld.

Fytse foar Malawi

Trude en Hannes hawwe in CO2-neutraal houlik. Hannes beleit ferantwurde, sawol finansjeel as op ’e bôle.
Trude makket alle wykeinen ympulsyf in bedrach oer. Nei ûnder wetter rûne gebieten, útstjerrende bistesoarten en ferwûne bernesoldaten.
Mar wat as it goede doel foar de doar stiet? Of erger, op jins dakterras?
Fytse foar Malawi is de tragikomyske wrakseling fan in generaasje dy’t tôgjend mei in te folle boadskiptas gjin idee hat fan wat der gebeure moat.

Memmen en dochters

In dochter wol besykje har heit Herman te finen. Dy is krekt foardat se berne waard ferdwûn.
Se tinkt dat se him sjoen hat, mar se mei fan har mem út noch yn net besykje en kom mei him yn kontakt.
Yn in rappe wikselwurking fan twa sênes, dy’t tagelyk spile wurde, wurdt der praten oer de heit.
Oan de iene kant sjogge we dêr de soarchsume mem, dy’t har 20 jierrige dochter yn de stringen besiket te hâlden.
Oan de oare kant is der in soarchsume dochter, dy ’t it dreech hat mei in mem, dy’t justjes yn ’e bernskens is.
It docht bliken, dat der in tal nuveraardige saken spylje yn relaasje ta Herman. Der wurdt socht om mear dan inkeld de heit.
Der wurdt socht nei antwurden; fan doe en fan no.

In stik fan fleur en fertriet. Oer memmen en dochters en oer harren leafde foar elkoar, dy’t bliuwt.

Hoe is’t mei him?

In man en in frou. Krekt skieden, dy’t ôfsprutsen ha dat se bêst de caravan hâlde kinne en him beide brûek kinne. Krekt as hy him ynstallearre hat foar twa wiken op de camping, komt sy ek mei har koffer oansetten. De caravan diele, jawis! Mar nét tagelyk! Wa bliuwt en wa giet fuort? En dan komt ek noch de nije freondinne fan de man mei in kofferke oansetten. Ferrassing… En wa is dochs dy “him” dêr’t hieltyd nei frege wurdt hoe’t it mei him giet?
In ferhaal mei in protte humor om de faak werkenbere situaasjes, mar ek mei in ûndertoan: it sear fan twa minsken dy’t út inoar dreaun binne troch omstannichheden.