Aias

Yn 'e oarloch fan de Griken tsjin Troje is de Grykse oanfierder Aias (Ajaks) poerlilk wurden om't syn striidmakkers it wapentúch fan de ferstoarne held Achilles net oan him, mar oan Odysseus jûn hawwe. As it stik begjint hjit de goadinne Athena har beskermeling Odysseus wolkom en lit him sjen wat se mei Aias dien hat: doe't dy fan doel wie om him te wreken op de Grykse oanfierders hat se him dwylsinnich makke, werop't Aias yn it fee begûn om te slaan. Odisseus is tankber dat hy de dea ûntkommen is, mar ek ferbjustere troch de waansin fan Aias. As dizze de oare moarn ûndekt wat er krekt dien hat, wit hy fan skamte net mear wat er dwaan moat. Nettsjinsteande de smeekbedes fan syn frou en syn soldaten deadet er himsels. De bruorren Menelaos en Agammemnon (de heechste generaal fan de Griken) wolle syn lichem yn it sân rotsje litte, fanwege it ferrie dat Aias fan doel wie. Mar dan komt Odysseus werom en slagget deryn om Agammemnon te oertsjûgjen dat sa'n beslût tige min is foar in man dy't eartiids ek in held wie. Aias broer Teukros krijt tastimming om it lichem fan Aias te begraven.
Skriuwer(s): SOFOKLES
Titel: Aias
Skreaun yn: *449
Te keap: 0
Oersetter: Bruinsma, Klaas
Oarspr. Titel: AIAS
Ynfierdatum: 1999-05-05
Dekor: Strân.
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 6