Ald grien, Mâl grien

Markus wol skiede fan syn frou Tine. Harryt, de beste freon fan Markus, fynt dit it tiid is foar in feestje. Hy lit syn betsjinner Stech allegearre drank bringe by it hús fan Markus en is fan doel om by Markus wenjen te gean, as frijgeselle manlju ûnder elkoar. Alles feroaret wer as Tine nei fjouwerentweintich oeren nei hús ta komt om foar Markus te soargen oant de skieding rûn is. Se hat har assistinte Gerda meinommen, sadat sy thús wurkje kin. Harryt hat yn de tuskentiid fan alles regele. Hij hat twa famkes, Keke en Derkje, fan kantoar frege om del te kommen foar in feestje. De famkes tinke dat Tine de suster is fan Markus, oant se der efter komme dat dit net it gefal is. Se fine dat Tine min behannele wurd en nûgje har ut om by harren te wenjen. Underwilens is de heit fan Keke, Gjalt, op syk nei syn dochter en komt lilk oan by het hús fan Markus om syn dochter op te heljen. Markus blykt de baas te wezen fan Gjalt, wêrtroch Gjalt út de fuotten moat. Markus begjint hieltyd mear te tinken oan syn houlik mei Tine. Harryt beslut syn ferneamde reade boekje der by te pakken om de âlde skoallefreondinnen Hike en Fenna ut te nûgjen. De tiid hat dizze famkes ek tekene en al gau probearje se fan de froulju ôf te kommen. Uteinlik komt Markus ta de konklúzje dat Tine de frou foar him is en wol hij net mear fan har skiede.
Skriuwer(s): BENFIELD, Derek
Titel: Ald grien, Mâl grien
Skreaun yn: ?
Te keap: 1
Oersetter: Nutterts, Appie
Oarspr. Titel: A bird in the hand
Ynfierdatum: 2015-07-09
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 4