Alle dagen snein

Georges en Marie binne troud en we sjogge harren yn harren deistige libben. Georges is krekt mei de VUT en timmert no wat yn syn hok om, Marie docht it hûshâlden. Se prate in soad byinoar lâns en hawwe it in soad oer de tiid. Se wenje bûtenút, Marie is dêr net bliid mei, de bern komme hast noait mear del. It binne twa minsken yn it lêst fan harren dagen. Wat moatte jo noch dwaan? Wêr moatte jo it noch oer hawwe? Georges fersûpt him yn syn wurk om hjir mar net oan te tinken. Marie wol graach leuke dingen dwaan no't Georges der einlik tiid foar hat. Dan ferstjert Marie.
Skriuwer(s): WENZEL, Jean Paul
Titel: Alle dagen snein
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1990
Te keap: 0
Oersetter: Goïnga, Hylkje
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1999-05-22
Dekor: Keuken-ytkeamer, ensfh.
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is spile troch Tryater. Fragen oer opfieringsrjochten kinnen rjochte wurde oan de dramaturch fan frats (Keunstwurk) of oan Tryater.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 1