Alle hens op it toaniel

In tal learlingen fan in middelbere skoalle wolle in toanielstik op ‘e planken bringe. Mar it haad fan ‘e skoalle wol gjin tastimming jaan. As ien fan ‘e learlingen him betrapet mei de learares skiekunde wurdt hy troch de learlingen ûnder druk setten en jout úteinlik dochs syn tastimming. Op ‘e jûn fan de foarstelling blykt dat trije spilers der net binne en wurde minsken út it publyk frege om dizze rollen te spyljen. Under druk fan syn frou lit Spier him oerhelje de rol fan kaptein te spyljen. It toanielstik dat de learlingen en dosinten op ‘e planken bringe, giet oer in kaptein en in stikmannich passazjiers dy’t, troch dat it skip wêr’t sy op sieten sonken is, oanspield binne op in ûnbewenne eilân. It is foar de regisseur in hiele opjefte de trije debutanten by de les te hâlden en as op ’t lêst elkenien op it toaniel leaut dat it skip echt sonken is en dat se echt op in ûnbewenne eilân sitte, is de betizing folslein.
Skriuwer(s): SLOTBOOM, Carl
Titel: Alle hens op it toaniel
Utjoen yn: 2003
Te keap: 1
Oersetter: Krist, Abele
Oarspr. Titel: Alle hens op het toneel
Ynfierdatum: 2005-06-15
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij Grosfeld yn Berlicum (N.Br.). As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Grosfeld keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 3