Andorra

It stik spilet yn in lyts, net besteand lân mei de namme Andorra. Dit ûnskuldige lân is it dekor foar in moralistysk stik oer rassehaat en diskriminaasje. In learaar lit de oare minsken tinke dat syn soan, Andri, in Joads pleechbern is, om út te finen hoe't de minsken dêr op reagearje sille. Alhoewol't eltsenien ferkundiget tolerant te wêzen, litte se de ûnderdrukte agresje op ferskate manieren de frije loop. Andri wurdt in bûtensteander en it lilke bist yn dizze hechte mienskip. Syn freondinne Barblin wurdt him ôfpakt troch in soldaat. In frjemde frou, dy't op besite komt en syn mem blykt te wêzen, wurdt fermoarde. Andri kriget de skuld. Dan wurdt it lân beset troch de 'swarten' út it buorlân. Sy geane op syk nei Joaden ûnder it Andorrese folk. Andri wurdt nei foaren skood en terjochtsteld. Ek al ropt de learaar noch sa lûd dat de jonge syn soan is, it folk wol it net mear leauwe; Andri is yn har eagen in Joad wurden.
Skriuwer(s): FRISCH, Max
Titel: Andorra
Skreaun yn: 1961
Utjoen yn: 1993
Te keap: 0
Oersetter: Oldenhof, Bouke
Oarspr. Titel: Andorra
Ynfierdatum: 1998-08-05
Dekor: Op strjitte yn in stêd yn Andorra.
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 12