Antigone
Antigone, dochter fan de foarige Kening Oidipous, freget oan har suske oft hja meidwaan wol oan in ferbeane ûndernimming, it symboalysk begraven fan harren broer. Dizze broer wie nammentlik nei harren bertested ta set om't hy neffens in ûnderlinge ôfspraak de hearskippij oer Thebe opeaske. By it belis binne de bruorren yn in twakamp omkommen. De nije kening Kreon hat ferbean om it lyk fan de earste broer, dy't as lânferrieder beskôge waard, te begraven. As it suske Ismene it net oandoart om it ferbod te oertreedzjen, seit Antigone dat hja it allinne wol dwaan sil. Yn it dêropfolgjende diel sjogge wy de nijbakken hearsker Kreon in soarte fan regearingsferklearring ôflizzen, der't hy yn ferklearret dat hy him tsjin elkenien keare sil dy't it algemien belang skea docht. Fuortendaliks dêrnei fertelt in soldaat, dat immen sân oer it lyk útstruid hat, sadat Kreon syn earste ferbod al oertrêde is. De oertreder blykt syn eigen nichtsje Antigone te wêzen, dy't fersein is oan syn soan. Ta argewaasje fan Kreon is hja ek noch grutsk op har died. Om't hy syn gesach net underwrotten sjen wol, feroardielet hy har ta de feststelde straf. Ek Ismene wurdt ta de dea feroardiele. De âlde sjenner en profeet Tiresias warskôget Kreon. Dy kin him lykwols net yntinke dat hy ferkeart hannelet en hy fertinkt de sjenner der fan op persoanlik gewin út te wêzen. Yn in folgjende konfrontaasje tusken Antigone en Kreon ferhurdzje de stânpunten harren allinne mar. Wol ûntsjocht Kreon no Ismene en ûnder druk fan de âldsten fan de stêd dy't it koar fan de trageedzje foarmje beslut hy om har net libben te begraven. Op dy wize kin hy syn maatregel útfiere en dochs syn hannen net brâne oan de oertreedingen tsjin de ûnderierdske wetten der't Antigone him fan beskuldige. Antigone nimt no ôfskie. Nettsjinsteande har iensumens en wanhoop fan har net ferfolle libben, hat hja gjin spyt. Yn de folgjende sêne sjogge wy hoe't de soan Haimon syn heit Kreon op oare tinzen besiket te bringen. Noch hieltiten kin Kreon net tajûn. Krekt as de sjenner Theresias mei allegear ûngeunstige foartekens oan setten komt, jout Kreon ta dat hy mooglik te fier gien is. Hy jout opdracht om Antigone te befrijen. Dan blykt lykwols net allinne dat hja sels al in ein oan har libben makke hat, mar dat ek syn soan Kreon himsels by har lyk fan kant makke hat. Kommentaar: Dit prachtige stik lit de konfrontaasje sjen tusken twa minsken. De iene is in farske politikus dy't tinkt dat hy him yn 'e letterlike sin fan it wurd tsjin elkenien keare moat dy't him tsjin it belang fan de stêd keart, en dat persoanlike foarkar of besibbens dêrby gjin rol spylje mei. De oare is in jong famke dat har ynstinktyf keart tsjin it net begraven fan in broer, ek al soe it in misdiediger wêze. Dat is foar har in kwestje fan respekt, fan it rjocht fan de libbenen, dy t oergeane ta de deaden. Dat rjocht moat garandearre wurde troch de famylje en omdat ek har âlders fan it toaniel ferdwûn binne, tinkt Antigone dat hja dizze plicht ferfolje moat, ek al kostet dat har libben. Antigone hannelet dus om in konflikt fan de steat tsjinoer dat fan de famylje. Dat dêrby ek ferskillende goaden oanroppen wurde, makket it stik foar ús amper minder tagonklik. It stik is hiel helder fan taal en like simpel as doeltreffend wurdt it ferteld. Allinne de koargedieltes kinne noch wolris swierrichheden opleverje. HB
Skriuwer(s):
| SOFOKLES |
Titel:
| Antigone |
Skreaun yn:
| *442 |
Utjoen yn:
| ? |
Te keap:
| 0 |
Oersetter:
| Bruinsma, Klaas |
Oarspr. Titel:
| Antigone |
Ynfierdatum:
| 2015-07-07 |
Dekor:
| ? |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 3 |
Tal manlju:
| 4 |