Antigone

Antigone, dochter fan de foarige Kening Oidipous, freget oan har suske oft hja meidwaan wol oan in ferbeane ûndernimming: it symboalysk begraven fan harren broer. Dizze broer wie nammentlik nei harren bertestêd ta set, om't hy neffens in ûnderlinge ôfspraak de hearskippij oer Thebe opeaske. By it belis binne de broers yn in twakamp omkommen. De nije kening Kreon hat ferbean om it lyk fan de earste broer, dy't as lânferrieder beskôge waard, te begraven. As it suske Ismene it net oandoart om it ferbod te oertrêdzjen, seit Antigone dat hja it allinne wol dwaan sil. Yn it dêropfolgjende diel sjogge wy de nijbakken hearsker Kreon in soarte fan regearingsferklearring ôflizzen, dêr't hy yn ferklearret dat hy him tsjin eltsenien keare sil dy't it algemien belang skea docht. Fuortendaliks dêrnei fertelt in soldaat, dat immen sân oer it lyk útstruid hat, sadat Kreon syn earste ferbod al oertrêde is. De oertrêder blykt syn eigen nichtsje Antigone te wêzen, dy't fersein is oan syn soan. Ta argewaasje fan Kreon is hja ek noch grutsk op har died. Om't hy syn gesach net ûnderwrot sjen wol, feroardielt hy har ta de fêststeld straf. Ek Ismene wurdt ta de dea feroardiele. De âlde sjenner en profeet Tiresias wârskôget Kreon. Dy kin him lykwols net yntinke dat hy ferkeart hannelet en hy fertinkt de sjenner der fan op persoanlik gewin út te wêzen. Yn in folgjende konfrontaasje tusken Antigone en Kreon ferhurdzje de stânpunten harren allinne mar. Wol ûntsjocht Kreon no Ismene en ûnder druk fan de âldsten fan de stêd (dy't it koar fan de trageedzje foarmje) beslút hy om har net libbend te begraven. Op dy wize kin hy syn maatregel útfiere en dochs syn hannen net brâne oan de oertrêdings tsjin de 'ûnderierdske' wetten dêr't Antigone him fan beskuldige. Antigone nimt no ôfskie. Nettsjinsteande har iensumens en wanhoop fan har net ferfolle libben, hat hja gjin spyt. Yn de folgjende sêne sjogge wy hoe't de soan Haimon syn heit Kreon op oare tinzen besiket te bringen. Noch hieltiten kin Kreon net tajaan. Krekt as de sjenner Theresias mei allegear ûngeunstige foartekens oan komt setten, jout Kreon ta dat hy mooglik te fier gien is. Hy jout opdracht om Antigone te befrijen. Dan blykt lykwols net allinne dat hja sels al in ein oan har libben makke hat, mar dat ek syn soan Kreon himsels by har lyk fan kant makke hat. Kommintaar: Dit prachtige stik lit de konfrontaasje sjen tusken twa minsken. De iene is in farske 'politikus' dy't tinkt dat hy him yn'e letterlike sin fan it wurd tsjin eltsenien keare moat dy't him tsjin it belang fan de stêd keart, en dat persoanlike foarkar of besibbens dêrby gjin rol spylje mei. De oare is in jong famke dat har ynstinktyf keart tsjin it net begraven fan in broer, ek al soe it in misdiediger wêze. Dat is foar har in kwestje fan respekt, fan it rjocht fan de libbenen, dy't oergeane ta de deaden. Dat rjocht moat garandearre wurde troch de famylje en omdat ek har âlders fan it toaniel ferdwûn binne, tinkt Antigone dat hja dizze plicht ferfolje moat, ek al kostet dat har libben. 'Antigone' hannelet dus om in konflikt fan de 'steat' tsjinoer dat fan de 'famylje'. Dat dêrby ek ferskillende goaden oanroppen wurde, makket it stik foar ús amper minder tagonklik. It stik is hiel helder fan taal en like simpel as doeltreffend wurdt it ferteld. Allinne de koargedieltes kinne noch wolris swierrichheden opleverje. HB
Skriuwer(s): SOFOKLES
Titel: Antigone
Skreaun yn: *442
Te keap: 0
Oersetter: Bruinsma, Klaas
Oarspr. Titel: Antigone
Ynfierdatum: 1996-07-04
Dekor: plein foar paleis yn Thebe
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk|theater foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 4