Avondrood

Dit stik is makke út groepsymprovisaasjes om it tema 'âlderein'hinne. It is in stik oer gefoelens en gedachten dy't yn it gewoane libben meastal net útsprutsen wurde. Menear Stijlstra komt yn in âldereinhûs te wenjen. De sfear yn it hús liket min. De direktrise behannelt him ûnpersoanlik. De minsken binne haatlik tsjinelkoar, mar se besykje wol kontakt te krijen. Sommigen wurde wat bernsk. Dan komt der in famke fan'e Mavo dy't foar in projekt oer âlderein mei ien prate wol. De direktrise seit har dat se mar mei menear Van Beusekom prate moat, omdat hy sa'n bytsje besite kriget. It famke wurdt wat kjel omdat elk syn ferhaal oan har kwyt wol en se falle har mei fan alles lestich. Dan folget noch de bûnte jûn dêr't in soad mislearre "acts" fertoand wurde. Yn'e lêste sêne stjert ien fan'e bewensters wylst se bystean wurdt troch in oare bewenster. Yn dizze yn it moed taastende sêne sjogge je hoe belangryk it kontakt is.
Skriuwer(s): WERKTHEATER
Titel: Avondrood
Skreaun yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Modderman, Dicky
Oarspr. Titel: Avondrood
Ynfierdatum: 1998-08-05
Dekor: In romte yn in âldereinhûs.
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 6