Bedobbe

Dodge en Halie wenje op in ferfallen pleats earne yn Illinois. Se hawwe twa soannen, Tilden en Bradley. Nei jierren rekket Halie noch in kear yn ferwachting. Neffens Dodge kin dat net fan him wêze, want se hawwe al seis jier net yn itselde bêd sliept. It bern wurdt berne op ’e pleats, mar Dodge kin net sette dat it net fan him is. Hy fermoardet it bern en begraaft it op it hiem. It wurdt in lang bewarre geheim, mar it fernielt ek de relaasje man/frou en heit/mem/bern. It geheim hinget boppe harren hollen as in grutte swarte tongerbui dy’t elk momint losbarste kin. Heit rekket swier oan de drank en húsmannet op in bank yn ’e keamer, mei allinne in âld televyzje, syn drankflessen en in pear potten mei pillen. Mem wennet earne boppe. Soan Tilden, dy’t troud west hat en neffens Dodge gjin 100 punten hat, sit in bulte yn ’e keuken. Dan komt de soan fan Tilden, Vince, om ’e hoeke, mei Shelly, syn freondinne. Shelly ûntfytmannet Tilden it grutte geheim oer it deade bern. Dan docht bliken dat ek Vince him net fan dizze ferknipte famylje losskuorre kinnen hat. Shelly naait út.
Skriuwer(s): SHEPARD, Sam
Titel: Bedobbe
Skreaun yn: 1977
Te keap: 0
Oersetter: Heringa, Gerrit en Hoekstra, Lolkje
Oarspr. Titel: Burried child
Ynfierdatum: 2013-04-03
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 4