Benaud

In studinte fan Ubbo Emmius is mei de bus ûnderweis fan Ljouwert nei Drylts foar in wykein by har âldelju mei in tasfol smoarge wask. Yn 'e benaude smoarfolle bus set se har walkman op mei it nijste bantsje fan Robert Palmer en hat gjin ferlet fan oanspraak. De âldere man neist har kin it net litte en stel har in stikmannich fragen. As se dêr gjin antwurd op jaan wol, blykt hy al gâns oer har te witten. Sels wit er mei wa't sy yn Ljouwert omgiet, en spesjaal dy iene donkerhierrige jonge. As de man útstapt, is er net folle wizer wurden, mar in jongere jonge nimt it petear oer. Hy wol mei har op stap sneontejûn en nei wegering fan ús studinte docht bliken dat hy ek in bulte oer har frije tiidsbesteging wit. Dêrnei moetet se in âld skoallefreondinne fan har út Drylts, dy't har út 'e doeken docht dat in mienskiplike freondinne in och sa'n spannend seksueel aventoer belibbe hat mei leuke donkerhierrige jonge út Ljouwert...KOMMINTAAR: Ferrassende dialogen, spannend oant en mei de ein. Ein is iepen, wat it namste sterker makket. De muoite wurdich foar in ferfolch. JV
Skriuwer(s): ZIJLSTRA, Antine
Titel: Benaud
Skreaun yn: 1989
Utjoen yn: 1991
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1998-04-13
Dekor: 1
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2