Betelje? Nee!

It ferhaal begjint op in, sa foar it each, dei troch de wike, yn hûs Bardi. Antonia, de frou fan it hûs, hat mei help fan har hertsfreondinne Margherita, gâns boadskippen bemachtige op in ûnortodokse wize. De folgjende dei en nacht helje se de gekste kluchten út om al dit guod ferburgen te hâlden foar Giovanni en Luigi, harren respektivelike partners. As efter mekoar in brigadier fan polysje en in adjudant fan de maresjesee harren mei de saak bemoeie binne de poppen hielendal oan it dûnsjen. It ûntslach fan Luigi en de driigjende slúting fan de fabryk wêr ’t Giovanni oan ‘t wurk setten is, meitsje de manlju poer. In geweldich ferkearsûngelok ûntmaskeret in dubieus smokkelerstrajekt. Is hjir sprake fan korrupsje by de polysje? Wa sil it sizze? In deagraver op sneup nei “syn lyk” en in wol as net fermoarde maresjesee, jouwe dit spektakel in mysterieus tintsje. En hoe sit it no mei dy baby? Is Antonia swier of is it earder Margherita? En wat is de rol fan de hillige Euzalia?? In dynamysk stik fol riedsels.
Skriuwer(s): FO, Dario
Titel: Betelje? Nee!
Skreaun yn: 1974
Te keap: 0
Oersetter: Beintema, Durk
Oarspr. Titel: Non si Paga? Non si Paga!
Ynfierdatum: 2007-06-13
Dekor: Ienfâldige arbeiderswente
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 6