Biedermann en de brânstichters

Biederman is in boarger dy't yn in stêd wennet wêr't de lêste tiid in soad brânnen stichte wurde. Eltsenien yn 'e stêd is deadsbenaud foar de brânstichters. Ut foarsoarch hat Biedermann tsjin it tsjinstfanke Anne sein dat der gjin fremden yn'e hûs komme meie. Dan is der in swalker oan'e doar. It is sa'n glêde prater dat Biedermann sels him net sa gau fuort krijt. Hy jout de man wat iten yn'e hoop dat er dan wer útnaait. Mar de swalker, in grutte kearel mei de namme Schmitz, wit er sa yn om te praten dat hy ek sliepen bliuwe kin. Schmitz bliuwt langer dan dy iene nacht en stadichoan wennet hy hast op 'e souder. Op in goei dei komt syn freon Eisenring ek samar op 'e souder sliepen. Tegeare prate se der sa yn om dat Biedermann yn syn eigen hûs neat meat te sizzen hat. Sa kinne se rêstich benzinefetten de souder oprôlje..! Biedermann sitet der allinnich mar wat by te laitsjen; hy sjocht it as in grap en wol it gefaar net leauwe. Dochs wurde hy en syn frou Babette hieltyd senuweftiger. Biedermann wol de mannen perfoarst te freon hâlde; dan sille se him neat dwaan, tinkt er. Hy noeget harren út foar in diner. By it iten freegje de twa swalkers Biedermann sels om lucifers. Babette warskôget har man noch: jou har gjin lucifers! Mar hy seit: "As it echte brânstichters binne dan hawwe se wol lucifers by har." As de mannen fuort binne brekt der brân út. Biedermann stiet der by en sjocht der nei. It stik is in soart fan parabel oer de opkomst fan it fascisme: hoe koe it barre dat de gewoane boargers de fascisten, dy't by eintsjebeslút de hiele wrâld yn'e brân stutsen, harren gewurde lieten? Lykwols is it stik noch hieltyd tige tapaslik. It hat de úterlike foarm fan in trageedzje, mei in koar fan spuitmannen, dy't Biedermann warskôge en him freegje wat er docht. Mar troch it healwize gedrach fan Biedermann en it slûchslimme gedrach fan de twa swalkers komme yn it stik ek in soad komyske eleminten foar.
Skriuwer(s): FRISCH, Max
Titel: Biedermann en de brânstichters
Skreaun yn: 195?
Utjoen yn: 2000
Te keap: 0
Oersetter: Kurpershoek, Foekje
Oarspr. Titel: Biedermann und die Brandstifter
Ynfierdatum: 2000-04-11
Dekor: wenkeamer en souderkeamer (simultaan)
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk|theater foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 4