Blau bloed

Beppie en Karel in âlder, suterich, pear. Sa as altyd om ‘e wike op sneintemoarn, komme harren dochter Bianca en de pake- en beppesizzers Judith en Erik op ‘e kofje. Dizze kear kriget de besite wol in tige ferrassende draai as der ûnferwachts ek noch oare gasten op ‘e stoepe stean. Beppe Beppie blykt de lêste telch te wêzen fan de keninklike famylje van Klompenstein, in lyts keninkryk yn it Dúts-Eastenryks grinsgebiet. Beppie en de oaren meitsje kâns om diel út te meitsjen fan it keninklik hûs. Dêrfoar moatte se earst in soarte fan eksamen ôflizze en allinnich as dit suksesfol is kinne se echt oanspraak meitsje op harren keninklike titel. De folgjende 2 wiken wurdt der ûnder lieding fan dhr. Von Schlippenbach, dhr. Von Nebelhausen en mefr. Hompasch zu Buttershein dan ek flink studearre om alle kunde en feardichheden ûnder de knibbel te krijen. Dit gie lykwols net sûnder problemen. Slagje Beppie en har famylje deryn om it eksamen te heljen? Of rêde se it net en is it fuortbestean fan keninkryk Klompenstein yn gefaar?
Skriuwer(s): VRIENS, Rob
Titel: Blau bloed
Te keap: 1
Oersetter: Krist, Abele
Oarspr. Titel: Blauw bloed
Ynfierdatum: 2016-06-10
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij Grosfeld yn Berlicum (N.Br.). As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Grosfeld keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4