Bloed, swit en triennen

It stik spilet him of yn ‘e húskeamer fan Pieter en Frieda Bohemius. Sy foarmje mei harren dochters Anja en Carolien en soan Lennard in gesin. Pieter wurket as ZZP-er yn e bou. Troch de finansjele krisis sit hy al in skoft sûnder wurk. Alles wat hy mei bloed, swit en triennen opboud hat driget hy te ferliezen as der net gau in opdracht komt. Frieda is har tige bewust fan ‘e situaasje dêr’t se harren yn befine, dochs is sy in stik optimistysker oer de takomst as Pieter, eat der’t Pieter him nochal oan steurt. Anja is de âldste dochter fan de famylje Bohemius. Sy is in selsstannige jonge frou dy’t de holle sûnder muoite boppe wetter wit te hâlden. Ymprovisaasjefermogen kin har net ûntsein wurde. Lennard is in pierewaaier dy t him absolút gjin soargen makket. Net oer de finansjele situaasje thús, net oer syn eigen takomst en ek net oer de deistige gong fan saken. Carolien is amper by steat om har soargen te meitsjen. Sy is dan wol net de snoadste fan de famylje, mar hat in gouden hert. De skoanâlden fan Pieter wurkje him op ‘e senuwen. Hy kin foaral syn skoanmem net útstean. Sy en Pieter kinne mar min troch ien doar. Dan is der de mem fan Pieter. Sy hat it hert op it puntsje fan ‘e tonge en jout har miening oer tal fan situaasjes dy ‘t barre. Bynammen de skoanmem fan Pieter moat it belije. Dan is der ek noch it ynternetfreontsje fan Carolien dy't nei de namme Droepi lústeret. Hy is like ûnbeskoft as dom. In kombinaasje wêrmei't er ûnbedoeld komysk út ’e hoeke komme kin. De auteur fan dit stik wol net op e saken foarút rinne. Wol kin sein wurde dat dit toanielstik soms oan it gemoed komt, mar it binne foaral de humoristyske situaasjes dy t elkoar yn heech tempo opfolgje. In hiel leuk stik foar sawol de spilers as it publyk.
Skriuwer(s): SLIJKOORD, C.J.
Titel: Bloed, swit en triennen
Skreaun yn: ?
Te keap: 1
Oersetter: Reitsma, Griet
Oarspr. Titel: Bloed, zweet en tranen
Ynfierdatum: 2015-07-09
Dekor: Húskeamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 4