Boppetoanen

Dit stik giet oer twa froulju, Harriet en Margaret. Harren persoanlikheid is opsplitst yn de bûtenkant (Harriet en Margaret) en harren ynderlike sels: Hetty en Maggie. Sadwaande spylje der fjouwer froulju yn dit stik en elk hat in sprekkende rol en sa sjogge wy twa lagen yn ien ferhaal. Harriet is in troude frou, dy't eins net lokkich is mei har man. It leafst wie se mei de skilder John troud. John is no troud mei Margaret. Op dizze middei hat se Margaret útnoege. Tusken Harriet en Margaret sjogge je in beskaafd petear. John is in ferneamd skilder en Margaret soarget derfoar dat hy in portret fan Harriet skilderje sil. Hetty en Maggie litte lykwols sjen wat der werklik spilet. Hetty wol John werom en se tinkt dat se dat foarelkoar kriget as se troch him skildere wurdt. Mar as Harriet wol se net blike litte dat se it sa graach wol. Maggie komt alinne by Harriet omdat se har strikke wol foar in portret. John syn karriere stiet stil en se binne earm. As Margaret wol se ek net blike litte hoe graach as se it wol. Op it ein fleane Hetty en Maggie elkoaren yn't hier, wylst Harriet en Margeret ôfskied nimme mei in foarmelike tút. It stik hat in iepen ein. It portret sil skildere wurde mar je witte net wa't 'winne' sil.
Skriuwer(s): GERSTENBERG, Alice
Titel: Boppetoanen
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Jansma-de Vries, Wiesje
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-09-11
Dekor: In moadieuze wenkeamer.
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 0