Brike kueren

De trije susters Haverman sitte mei har trijen op ‘e pleats dy’t se ûnder útsûnderlike betingsten fan harren âlden krigen ha. De taakferdieling stiet as in hûs. Driget der al ris ien bûten de stringen te stappen dan is Beits, de âldste fan de trije der wol om de boel yn ‘e stokken te hâlden. Beits hâldt de grinzen skerp yn it each. De jierren begjinne lykwols mei te spyljen en it swiere wurk falt de froulju geandewei swierder. Masinen binne harren frjemd en help fan bûten wolle se neat fan witte, seker net fan manlju. De tiden feroarje mar de froulju net. Beits hâldt de kop derfoar al binne der noch safolle minsken dy’t klear steane mei wize ried. Benammen de amtners, dy geane omtrint op de stoel fan de boer sitten. Der komt geandewei mear ferset fan bûten mar ek by de susters ûnder elkoar. Buorman docht sa út en troch ek noch ris in sint yn it ponkje. Hy hat oare belangen en dy weachje swier. Dat de bom mei koarten barste sil is wis. Dat kin sels Beits net mear foarkomme......
Skriuwer(s): VRIES, Pyt de
Titel: Brike kueren
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 2006
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2006-04-12
Dekor: wenkeamer
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 4