Cloaca

Cloaca is in ferhaal oer mannefreonskip. Fjouwer mannen fan midden fjirtich, binne tiidlik by elkoar. Se ha sûnt harren studintentiid altyd kontakt holden en seagen elkoar geregeld, de ien wat mear as de oar. Fan harren dreamen is net alles útkommen. Maatskiplik binne se alle fjouwer ridlik slagge mar yn harren privé libben skeelt der fan alles oan. Se hâlde de skyn fan solidariteit op mar as it der op oankomt litte se mekoar falle as in bakstien. Wat in hechte freonskip like, stelt úteinlik mar in bytsje foar. Dizze mannen kieze spikerhurd foar harren sels. De mannen beslute op ‘e dolle rûs elkoar út de brân te helpen. Mar as blykt dat it wankele lykwicht wat sy elk yn harren libben fûn ha dêrtroch bedrige wurdt, litte se mekoar falle en kieze foar har eigen hachje. De âlde freonskip en harren eardere ferwachtingen wege net op tsjin harren eigen selssuchtige ambysjes.
Skriuwer(s): GOOS, Maria
Titel: Cloaca
Skreaun yn: 2002
Te keap: 0
Oersetter: Zee, Tryntsje van der
Oarspr. Titel: Cloaca
Ynfierdatum: 2013-04-03
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 4