Dat ha jo goed sketten

Frjemde gasten dêr op kastiel Elrood. Dat rint der samar yn en út. En se fleane hieltiten mar fan de kelder nei de souder en wer werom. Mar de bewenners sels binne ek wat ûngewoan. Dochter Patricia liket de iennichste normale persoan, in hiele prestaasje! Mar op wa soe dat “Dat ha jo goed sketten...” slaan? Op Jenny? In Skotske útfanhûzer, dêr’t de krystfakânsje nea fan skynt te eindigjen. Of op Chester, de fotograaf, dy’t sels net wit wat er fotografearret? Of op de pianostimmers, dy’t mar net fan ’e wize te bringen binne? Of op Hilary, de polysjeman, dy’t noch nea immen arrestearre hat? Of op Juffer Patridge faaks, dy’t mar net genôch krije kin fan it kastiel. It slacht grif net op Ada, de nije tsjinstfaam. Dy siket it lok op in hiel ferkeard plak. Op Lord Elrood dan? Dy libbet yn in fantasijwrâld en jaget op spionnen. Sil hy dan dochs in kear rekke sjitte? Of op Amor, dy’t ek noch om it hoekje kipet. It publyk hat it yn elts gefal goed sketten, dat kin nochris âlderwetsk laitsje...
Skriuwer(s): BENFIELD, Derek
Titel: Dat ha jo goed sketten
Te keap: 1
Oersetter: Jorna, Siep
Oarspr. Titel: Wild goose chase
Ynfierdatum: 2007-04-18
Dekor: Hal fan in kastiel
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 5