De Bugatti Konneksje

Twa bruorren behearre oan 'e râne fan in ôfgrun in alternatyf kueroard. Se lykje der net frijwillich te sitten. Se fiele harren de finzene fan de eigener, in mysterieuze hear Visser. Dy is nei in oanriding ferdwûn en it liket derop dat hy harren opdroegen hat om it kueroard te behearen. Sy wurde bystien troch de ûngrypbere Charles. Under syn lieding wurdt der foar in helpleas echtpear, dat arrivearret yn in stellen Bugatti, in bizarre ûntfangst taret. Wa't in nij libben begjinne wol moat in soad ferduorje. Wylst de gasten harren yn in New Age-achtige sfear minskeûntearjende diëten foarskriuwe litte, komme kwestjes as frije wil en bestiet it tafal like ûntkomber as hilarysk oan de oarder. As de bruorren besykje oan harren lot te ûntkommen yn de Bugatti wurde se op it leste momint trappearre. Mar Charles is derfan oerstjûge dat se werom komme en lit se gean. Nei't der in gangster oankommen is dy't yn opdracht fan de hear Visser de romrjochte racewein opeaskjen komt, komme de bruorren frjemd genôch werom . Lykwols rekket de kûgel, dy't de gangster op de bruorren offjurret, himsels en it soe samar kinne dat de bruorren harren frijheid werom fine wylst se harren fatale bestimming temjitte reizgje.
Skriuwer(s): BRANS, Hans
Titel: De Bugatti Konneksje
Skreaun yn: 2011
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Hoekstra, Lolkje
Oarspr. Titel: De Bugatti Connectie
Ynfierdatum: 2015-07-07
Dekor: ?
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 5