De dea fan in hannelsreizger

Willy Loman, 63 jier âld en hannelsreiziger, fernimt wol dat it net mear sa bêst mei him giet: hy kin him hieltiid minder konsintrearje, hat mei syn auto hast in bern deariden en fielt him ûnwis. Hy besiket in oare funksje te krijen by de firma dêr't er foar wurket, mar de jonge, nije direkteur - de soan fan de âlde direkteur - wol der neat fan witte en seit dat er earst marris rêstich oan dwaan moat; wat sa folle betsjut as dat er op termyn dien krijt. En in fatsoenlik pensjoen sit der net yn. Loman syn soargen hawwe ek te krijen mei syn soannen, Biff en Happy. Se binnen al oer de tritich en yn syn eagen ferliezers. Beide soannen kinne lykwols net meikomme mei heit syn byld fan de wrâld, wêr yn hurd wurkjen fansels liedt ta grutte prestaasjes èn beleannings, de dream fan in fantastyske takomst. As Loman gjin útwei mear sjocht beslút er om himsels te koart te dwaan, sadat syn frou yn elts gefal de premy fan de fersekering krijt. Hy krûpt yn'e auto en rydt himsels dea tsjin in beam. De dea fan in hannelsreiziger is in moderne trageedzje oer in man, dy't mei woe mei syn tiid, mar slachtoffer waard fan syn idealen en illúzjes. Tagelyk is it ek in oanklacht tsjin de prestaasjemaatskippij. Troch 'flashbacks' en fantasy-sênes oer syn tinken en syn idealen, krijt de taskôger in folslein byld fan de tragyk fan in ienfâldich man yn de moderne tiid.
Skriuwer(s): MILLER, Arthur
Titel: De dea fan in hannelsreizger
Skreaun yn: 1949
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Sikkemma, Marten
Oarspr. Titel: Death of salesman
Ynfierdatum: 2001-05-11
Dekor: hûs,tún,ferskate plakken yn New York en Boston
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is spile troch Tryater. Fragen oer opfieringsrjochten kinnen rjochte wurde oan de dramaturch fan frats (Keunstwurk) of oan Tryater.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 8