De Fekke yn ‘e Fûke (bewurking)
Katarina Molina fan Padua wurdt stapelsljocht fan alle opleine patroanen en holle sjabloanen om har hinne. Se wurdt der ferskriklik opsternaat fan. Se stiet dan ek rûnom bekend as haaibaai, fekke. Ek de jongkeardel Petrucio fan Verona wol him net skikke nei de ferwachtingen dy't oaren fan him hawwe. Hy sjocht yn Katarina in frou dêr't er miskien in 'lykweardige relaasje' mei opbouwe kin, as twa frije folwoeksen minsken dy't har net bekroadzje om regels en klisjees. Dêr set Petrucio him folslein foar yn; hy brûkt dêrta wol hiel ûnortodokse middels. Katarina komt der dan ek mar hiel stadich achter wat syn werklike driuwfearren binne. De minsken om har hinne begripe der absolut neat fan en wolle it ek net begripe, fêstruske as se binne yn har eigen wetmjittichheden.
Skriuwer(s):
| SHAKESPEARE, William |
Titel:
| De Fekke yn 'e Fûke (bewurking) |
Skreaun yn:
| 1601 |
Te keap:
| 0 |
Oersetter:
| Zee, Pyt van der en Tryntsje van der Zee |
Oarspr. Titel:
| The taming of the shrew |
Ynfierdatum:
| 2007-09-19 |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 2 |
Tal manlju:
| 5 |