De ferbouwing

Ylka en Thomas, litte harren hûs ferbouwe yn de hope harren houliksproblemen fuort te timmerjen. Der moat in muorre komme om inoar net sa op ‘e nekke te sitten. In muorre om kommunisearje bliuwe te kinnen. Twa ferbouwers fiere de opdracht út. Al moannen binne se der drok mei om't de plannen hieltyd op ‘e nij wizige wurde. Oant hoe fier moat de muorre rinne? Mei Ylka Thomas sjen kinne as se fan de trep ôf komt? Wa beslút wêr ’t it doarke fan de meterkast komme moat? Der komme hieltyd mear barsten yn de gearwurking tusken de opdrachtjouwers en de útfierders. En tusken de baas Ben en syn help Mike, mar foaral tusken de yn in midlifekrisis sittende Ylka en Thomas. Echt fout giet it pas as Thomas it krekt skuorre doarke werom ha wol op it oarspronklik ôfpraten plak. De ferbouwing groeit út ta in metafoar foar al it fergeze knutseljen oan in net wurkjend houlik.
Skriuwer(s): CARVER theatergroep
Titel: De ferbouwing
Skreaun yn: 1997
Te keap: 0
Oersetter: Stolte, Aafje
Oarspr. Titel: De verbouwing
Ynfierdatum: 2017-10-19
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk|theater foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 3