De ferflokten

Leon hat in geweldige baan as ûnderwizer oanbean krige yn it idyllyske Russyske doarpke Kulyenchikov. As er dêr oankomt, sjocht er guon minsken dy't de smoargens fan bûtenôf yn harren hûs feie en oaren dy't miene dat der mear reamme yn de molke sit as de ko op de kop molken wurdt. It docht bliken dat Kulyenchikov al 200 jier ferflokt is mei , sa't it liket, ivichduorrenjende dommens. De wanhopige ynwenners ha de nije skoalmaster oannaam om dy flok te ferbrekken. Se ha der lykwols net by sein dat as it him net binnen 24 oeren slagget, dat er dan krekt sa dom wurdt as sysels. Werom giet Leon net fuort? Hy is fereale op'e byldmoaie dochter fan de dokter. Dy is sa dom dat se noch mar krekt wit hoe't se sitten gean moat. Fansels slagget it Leo om de flok te ferbrekken en syn breid te winnen. In bûging foar in mearke-eftige klucht mei wat lompe grappen en mei in rustike moraliteit.
Skriuwer(s): SIMON, Neil
Titel: De ferflokten
Skreaun yn: 1981
Utjoen yn: 1998
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: Fools
Ynfierdatum: 1999-05-21
Dekor: doarpke yn de Oekraïne
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij Vink yn Alkmaar. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Vink keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 7