De fleurige froulju fan Windsor

John Falstaff, in ridder hat syn hiele libben yn de bordelen sitten. Hy giet nei Windsor en docht dêr krekt as is hy in echte "Don Juan". Hy komt yn kontakt mei frou Fluth en frou Page. Hy stjoert harren brieven dêr't hy al syn winsken en ferlangens ynset. Dêr binne de beide froulju net oer te sprekken. Sy wolle him te pakken nimme. Se fine fan alles mei him út. Se slute him op yn 'e waskoer en goaie him yn 'e feart. Se litte him in nacht yn it bosk omrinne ferklaaid as frou. Sa leare se John Falstaff om syn leafdesferlangens wat mear foar him te hâlden.
Skriuwer(s): SHAKESPEARE, William
Titel: De fleurige froulju fan Windsor
Skreaun yn: 1600
Te keap: 0
Oersetter: Jonkman, Geart
Oarspr. Titel: The merry wives of Windsor
Ynfierdatum: 1998-08-04
Dekor: Lokaasjes yn'e stêd Windsor, in herberch en bûtenút.
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 16