De iene leagen is de oare net
Twa susters, dy't by elkoar ynwenje, Claire en Dora, binne yn alles elkoars tsjinpoal. Dat docht ek wer bliken op de jûn dat dit stik spilet. Claire is oerdeis nei in begraffenis west en Dora nei in brulloft. Dora kleit dat se op it feest gjinien tsjinkommen is, mar Claire lykwols is op de begraffenis in âlde leafde, Piter, tsjin it liif rûn. De susters binne lekker oan it bekfjochtsjen at Piter bellet dat er Claire dyselde jûns noch sjen wol. Claire strûpt hastich wat oars oan om der goed út te sjen at Piter komt. Mar earst komt lykwols harren eksintrike mem ûnferwachts en let op'e jûn noch op besite, om, sa't se seit, in goed stik fleis foar harren te brieden. De beide susters dogge oars neat as elkoar min meitsje tsjinoer mem. Dora seit bygelyks dat Claire swanger is, mar ynstee fan dit te ûntkennen, seit Claire dat it wier is, allinne om har suster ôf te troevjen.
At Piter komt makket mem dêr út op dat hy de heit is. De iene nei de oare leagen, in grut tal misferstannen en in frjemde gearrin fan omstannichheden foarmje de basis foar dizze fleurige komeedzje.
Skriuwer(s):
| VUKADINOVICH, Michael |
Titel:
| De iene leagen is de oare net |
Utjoen yn:
| 2011 |
Te keap:
| 1 |
Oersetter:
| Dijkstra, Gurbe |
Oarspr. Titel:
| Misconceptions |
Ynfierdatum:
| 2011-10-11 |
Dekor:
| ien, appartemint |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 3 |
Tal manlju:
| 1 |