De joadske frou

Frankfort, 1935. In frou pakt senuweftich har koffers yn en telefonearret dan in ferskaat tal minsken. Hjirút docht bliken dat sy fan doel is om te flechtsjen nei Hollân. Se is in joadske frou en wol har man net langer yn gefaar bringe. Boppedat is ek dúdlik dat man en frou troch de spanningen útynoar groeid binne. As de man komt seit se dat se fuort sil, mar hy makket him sels wiis dat it net mear as in tydlik útstapke wêze sil.
Skriuwer(s): BRECHT, Bertolt
Titel: De joadske frou
Skreaun yn: 1934
Te keap: 0
Oersetter: Zee, Pyt van der en Tryntsje v.d. Zee
Oarspr. Titel: Die jüdische Frau
Ynfierdatum: 1999-03-23
Dekor: Húskeamer
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 1