De Kâns

It stik spilet him ôf yn de twadde wrâldoarloch. Trije manlju sitte yn in sel op fertinking fan sabotaazje. Wêrfan wurdt net dúdlik. Se ûnderstelle dat se ferret binne. De trije manlju skelle mekoar de hûd fol. Benammen Akkelik, de man fan tritich, en de âldere man Seel, hawwe it op mekoar begrepen. Twa sadistyske soldaten tramtearje de jongste jonge op skokkende wize. Hy wurdt yntidmidearre en fernedere. It folgjende tafriel is in pear oeren letter. Johan besiket syn fernedering te ferarbeidzjen. Akkelik is noch synysker wurden. Dan komt de kaptein, dy't harren meidielt dat twa fan harren de oare moarns betiid fusilearre wurde. Se sille sels de kar meitsje moatte wa't dat wêze sille. De fijânskip tusken de trije wurdt no noch grutter. Johan hat it foaral op Seel fersjoen. Hy en Akkelik binne eins mear profiteurs as fersetshelden. Akkelik besiket it op in akkoartsje te goaien, mar it is benammen Johan dúdlik dat der nea oerienstimming berikt wurde sil. Kommintaar: 'De Kâns' is in benearjend stik. It giet hurd om hurd; der wurdt hiel realistysk sjen litten wat der mei minsken bart yn sa'n situaasje, sûnder der doekjes om te winen. It beëangstigjende en ûntheisterjende komt net allinne fuort út de atmosfear fan terreur dêr't de mannen ûnder te lijen hawwe, mar ek út it feit fan ferdield wêzen en de fijânskip ûnder mekoar. Fan in ferhearliking fan de motiven en it gedrach fan dizze fersetsminsken is perfoarst gjin sprake. Nettsjinsteande it grouwélige is it stik net skreaun op effektbejag. De karakters binne helder en útsprutsen, de dialogen skerp skreaun. It slot fan it stik is lykwols minder befredigjend. It liket derop oft it ferhaal healwei ophâldt. Foar wa't de moed hat en gean hjirmei te set, soe dit in nijsgjirrich oefenstik wêze. HB/JV
Skriuwer(s): JAGER, Alle
Titel: De Kâns
Skreaun yn: ?
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1996-07-08
Dekor: in sel yn in gefangenis
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 0
Tal manlju: 6