De kat en it spek

Linda en Johan hawwe jildsoargen. Johan wurket net, mar mient dat hy it jild wol fertsjinje kin troch mei te dwaan oan slachsinnen en spultsjes. Dan is Evert der ek noch, de broer fan Johan. Evert is ferslave oan it beljen fan 06- nûmers. Dêrtroch hat hy no in aardich kontakt mei in 06-famke, Wanda. Om Evert in gat troch de noas te boarjen, hat Vera, in freondinne fan Linda, har ferklaaid as Wanda en komt del. Krekt as Johan op it punt stiet om twa miljoen te winnen wurdt de tillefoan ôfslúten. Underwilens naait Linda út mei Anton de molkboer. Johan wurdt syn hûs útset om't hy de hier net mear betelje kin. Hy siket syn heil op strjitte en dêr moetet hy Astrid. It docht bliken dat it Wanda wie, dêr't syn broer altyd mei prate. Johan jout him út foar Evert en sa fynt Astrid de man dêr't se al salang fan dreamde.
Skriuwer(s): SYBRANDY, Folkert
Titel: De kat en it spek
Skreaun yn: 1995
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1999-04-13
Dekor: Húskeamer
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 4