De keale sjongster

Menear Smith en mefrou Smith sitte yn harren wenkeamer yn in bûtenwyk fan Londen. Se hawwe it iten op, hy lêst de krante. Dat en noch folle mear oerstallige meidielings hearre wy fan mefrou Smith. Underwilens slacht de pendule, dan wer ris trije, dan wer tretjin kear. Ek yn it petear tusken menear en mefrou Smith wurde foarearst dingen sein, dy't se sels al witte, of dy't folslein absurd binne. Lykas it petear oer Bobby Watson en syn famylje, dy't ek allegear Bobby Watson blike te hjitten. De konversaasje is hjir dus suvere foarm, bûtenkant. As in oar echtpear op besite komt, wurdt it noch frjemder. It duorret sawat tsien minuten foar de twa der efter komme dat se op deselde tiid yn deselde trein sitten hawwe, yn de selde strjitte wenje, ensfh. - en dus: man en frou fan inoar binne... Mei de komst fan in brânmaster op syk nei brân, wurdt it noch hilarysker. Op it lêst kraait elkenien der allinich noch in ritmyske wurdenbrij út, lykas wiene it konversaasjemasines dy't op hol slein binne.
Skriuwer(s): IONESCO, Eugène
Titel: De keale sjongster
Skreaun yn: 1950
Utjoen yn: 1998
Te keap: 0
Oersetter: Haan, Jikke de
Oarspr. Titel: La cantatrice chauve
Ynfierdatum: 1999-05-05
Dekor: Húskeamer
Omfang: Net jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 3