De koaning en al it oare

De jonge koaninginne Marie snikt en snotteret om it freeslike ûnheil dat har man de koaning te wachtsjen stiet. De âldere koaninginne Margarita warskôget har om flink te wêzen. De koaning hat dus twa froulju. Sa binne der wol mear saken dy't op it earste each wat frjemd oerkomme. De âlde paleiswacht Jules klaget dat neat it mear docht yn it Paleis en ek net yn it ryk (de grinzen krimpe hieltiten mear yn!) en mei it waar wurdt it ek hieltiten minder. Dy folsleien efterútgong hat alles te krijen mei de tastân fan de koaning. De koaning sil stjerre, mar hy wol it - krekt as Marie - eins net witte. Koaninginne Marie, dy't strang as in mem is, besiket om him de werklikheid ûnder eagen sjen te litten: oan elts libben komt in ein, ek oan dat fan in koaning. Stadich mar wis nimt de protesthâlding fan de koaning ôf en docht hy, letterlik, ôfstân fan alles wat him noch oan it libben bynt. Kommintaar: Roel Adam hat in prachtige bewurking fan Ionesco's absurdistyke swarte komeedzje makke, dy't yn it foarste plak ornearre is foar bern (fanôf in jier as acht), mar dat ek in soad âlderen yn it moed taaste sil. It stik giet oer de dea en it ôfskied dêr't elk minske op in stuit yn it libben foar stiet. Dy swiere tematyk is ferpakt yn de prachtige metafoar fan it krimpende keninkryk en in o sa (lyts)minsklike koaning, yn in taal dy't sawol komysk as poëtysk is. HB
Skriuwer(s): IONESCO, Eugène
Titel: De koaning en al it oare
Skreaun yn: 1963
Te keap: 0
Oersetter: Veen, Janny van der
Oarspr. Titel: Le Roi se meurt
Ynfierdatum: 1996-07-03
Dekor: troanseal fan paleis
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2