De kontrabas
In man (35 jier) fertelt oan in imazjinêr persoan (dat kin ek it publyk wêze) syn ferhaal oer it ynstrumint dat hy bespilet, de kontrabas. Under it ferhaal makket hy in soad sydsprongen; hy fertelt oer de leafde, oer bekende komponisten, oer klassike muzyk, oer it bestean fan in musikus, oer de sin fan it libben en noch folle mear.
KOMMINTAAR:
In prachtich skreaun stik mei ferskillende lagen. It ferhaal oer de kontrabas is de boppelaach, mar dêrûnder fertelt hy syn filosofyën oer it libben en de leafde. It is in frij lange monolooch mei in hiel
soad tekst. De tekst fariearret fan serieus oant humoristysk en fan poëtysk oant muzikaal.
It soe in goed ding wêze dat de akteur in tal elemintaire feardichheden yn it spyljen fan in kontrabas yn 'e macht hat.
DS
Skriuwer(s):
| SüSKIND, Patrick |
Titel:
| De kontrabas |
Skreaun yn:
| 1981 |
Te keap:
| 0 |
Oersetter:
| Toering, Romke |
Oarspr. Titel:
| Der Kontrabass |
Ynfierdatum:
| 1996-07-04 |
Dekor:
| húskeamer, sober ynrjochte, swier isolearre |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 0 |
Tal manlju:
| 1 |