De Lês-straf-heit

In heit moat ûnder begelieding gan in plysje nei basisskoallen ta om foar te lêzen omt hy syn soan it lêzen ferbean hat. Hjoed is heit foar it earst op in basisskoalle om in begjin te meitsjen mei syn lês-straf-tournee. De plysje lit thus-fidéoos sjen fan hoe't it thus ut 'e hân rûn troch heit syn lês-obsesje. De plysje hat de hannen fol oan de lêsstrafheit, dy't neffens har nochal wat tsjinakselt. de benaude heit wol lykwols in bekentenis ôflizze.................. Heit kin sels net lêzze. Hy is teloarsteld yn syn soan dy't net lykas hy piloat wurde wol mar graach lêst en skriuwer wurde wol. Dêernei ssiket de plysje kontakt mei de rjochter fia in satelyt-ferbining (fideo0opname). De rjochter set de straf om yn it fertellen fan in ferhaal. De soan sprekt de heit op 'e TV ek ta: hy hat stiekum oan in opstel-wedstryd meidien en wûn: heit en hy meie in ballonfeart meitsje! By einbeslut fertelt heit it ferhaal " it pealtsje fan Easterlittens" en de plysje is tige ûnder de yndruk fan heit syn fertelkeunst; nimt har pet der foar ôf.
Skriuwer(s): BOER, Tjitske de
Titel: De Lês-straf-heit
Skreaun yn: 1998
Utjoen yn: 1998
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2001-06-07
Dekor: Lokaal of mienskipsromte fan de basisskoalle
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 3