De memoires fan Eugene

Eugene is fytjin en giet noch nei skoalle. in pear jier ferlyn is syn omke, de man fan de suster fan syn mem, ferstoarn, en doe binne syn muoike Blanche en de beide dochters, Laurie en Nora by harren yn'e hûs kommen. Dit jout nochal wat spanningen omdat syn heit no dus foar twa gesinnen ynkommen fertsjinje moat. Syn broer Stanley wurket al en eins sjocht hy heech by syn âldere broer op. Dêrby hâldt Eugene ek noch syn memoires by, hy wol letter skriuwer wurde. Hy praat mei syn broer oer fan alles en noch wat, seks, hoe't famkes der neaken út sjogge en nog mear. Omdat Stanley op in kear syn wyklean fergokt en it eins net tsjin syn heit doart te sizzen, rint Stanley fan hûs. Dan rinne de spanningen heech op. Heit krijt lêst fan syn hert, muoike Blanche wol mei de beide dochters fuort en op harsels wenje, wat eins net kin omdat se gjin ynkommen hat. Se sil in baan sykje en wol dan de bern oerkomme litte. Stanley komt dochs wer thús en tsjin syn heit wat der bard is. De frede wurdt tekene en sa kin de húshâlding fierder, no dus sûnder muoike Blanche en de bern.
Skriuwer(s): SIMON, Neil
Titel: De memoires fan Eugene
Skreaun yn: 1984
Utjoen yn: 2001
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: Brighton Beach Memoirs
Ynfierdatum: 2001-06-01
Dekor: in fakwerkhûs, net fier fan it strân
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij Vink yn Alkmaar. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Vink keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3