De slach fan Rie

De Slach fan Rie giet oer de wederwaardichheden fan in korps. It lit sjen dat je yn in korps, krekt as oeral, te meitsjen ha mei 'ups en downs'. De ûnderlingen ferhâldingen en persoanlike problemen wurde op in komyske wize foar it ljocht brocht. In konflikt tusken tromslagger Kees en basspiler Klaas rint heech op, beiden gean by it korps wei. En dan sizze ek oare leden de tsjinst op fanwege rûzjes en teloarstellings. Net ien fan de grutte minsken wol om lyk. It is troch de jeugdige leden Joyce en Edwin en in net sa tûke list mei ferfalske ekskuusbrieven dat it wer goed komt tusken de stridende partijen. De beide opponenten Klaas en Kees bedarje earst noch yn 'e feart, mar by eintsjebeslút krijt harren leafde foar de musyk de oerhân en lizze se it ûnderlinge skeel by. It korps is wer kompleet en kin feest fiere fanwege it 75-jierrich bestean. Bisûnderheden: it stik is skreaun ta gelegenheid fan it jubileum fan Lyts Begjin út Rie. It is mei lytse oanpassings ek te spyljen troch oare jubilearjende korpsen of gewoan op te fieren troch in toanielferiening yn 'e mande mei in korps. Musyk spilet yn de foarstelling in wichtige rol.
Skriuwer(s): MIEDEMA, Baukje
Titel: De slach fan Rie
Skreaun yn: 1998
Utjoen yn: 1998
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2000-05-09
Dekor: Doarp
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 7
Tal manlju: 5