De susters

Twa froulju, Clara en Freda, susters, wenje by elkoar. It libben is, oant dan ta, net hielendal sûnder rimpels oan har foarby gien, mar hat net brocht wat se der fan ferwachte hienen. Clara hat in relaasje hân mei in troude man, Onno, dy’t letter Freda in skoft mei syn sjarmes gelokkich makke hat. Dizze affêre, dy’t foaral Clara ferbittere en wraaksuchtich makke hat, is mei de grûn foar de haat yn de haat/ leafde ferhâlding tusken de froulju. Sa njonkelytsen fernimt Clara dat Freda har geheimen hat. Uteinlik docht bliken dat se Onno wer moetet, al is de situaasje gâns feroare. It feit dat er wyls skieden is, seit net de hoop op nij gelok ta: de man hat in sykte ûnder de lea en hat as man it measte net mear te bieden. As Clara op ‘e hichte brocht is, set dy in hiel plan op priemmen: se krijt it klear dat Onno by har yn ‘e hûs komt. Se meitsje der in mearke fan: moai en wreed as mearkes wêze kinne. Clara wol yn it foarste plak har gram helje mar har ek ferwissigje fan it genot dat de man noch te bieden hat. Uteinlik sille de susters Onno partsje neidat him dúdlik makke is dat him syn âlde skuld ferjûn wurdt as hy him skikt nei har winsken. Dat pakt in bytsje oars út.
Skriuwer(s): MEER, Aggie van der
Titel: De susters
Skreaun yn: 2008
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2010-05-26
Dekor: wenkeamer
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 1